It krús is in symboal dat foar it kristendom stiet.
Betsjutting
Yn it Nije Testamint wurdt beskreaun dat Jezus feroardiele waard ta de krúsdea. De iere kristenen brûkten it krús net as harren symboal, nei alle gedachten om't it krús ferwiisde nei in pynlike en grousume eksekúsje. Mar yn de iere nij-testamintyske manuskripten waard it Grykske wurd foar krús ôfkoarte ta it staurogram, in symboal dat wol like op in krús. Ek it Kristusmonogram ΧΡ (de earste letters fan it Grykske wurd ΧΡΙΣΤΟΣ, 'Kristus') waard al ier as symboal brûkt.
De âldste foarm fan it krús is it T-foarmige Crux commissa (it "Taukrús", of Egyptyske resp. Antoniuskrús). Dêrút ûntstie it crux ansata (koptysk krús). It by ús wenstige crux immissa (Latynske of passykrús) makke sûnt de 4e iuw opgong.
It brûken fan it krús yn de kristlike ikonografy fûn fral sûnt de 4e iuw plak, ek al waard it symboal al sûnt it ein fan de 2e iuw mei kristenen assosiearre. De tusken 211 en 216 ferstoarne Klemens fan Aleksandrje skreau oan it begjin fan de 3e iuw dat kristenen de κυριακὸν σημεῖον (it teken fan de Heare) brûkten, wêrmei't er it krús ornearre. Tertullianus skreau yn syn boek De Corona (204) dat it foar kristenen doe al in tradysje wie om op harren foarholle in krústeken te slaan.
In krúsifiks, in krús mei in foarstelling fan Kristus, wurdt pas sûnt de 6e iuw brûkt. De âldste foarstelling fan de eksekúsje fan Jezus fan hokker materiaal ek liket in 2e-iuwsk/begjin 3e-iuwsk reliëf te wêzen dat as amulet brûkt waard en tsjintwurdich bewarre wurdt yn it Britisch Museum fan Londen.
Tsjintwurdich gebrûk
It krús wurdt op ferskillende manieren tsjintwurdich brûkt, itjinge ek ôfhinklik is by hokker tsjerke immen is oansletten. Leden fan eastersk-otterdokse tsjerken krijge by harren doop in krúske, dat faak in libben lang om 'e nekke droegen wurdt. In soad kristenen hingje krusen op yn harren hûs. Eastersk-otterdokse kristenen hingje fakentiden in krús op oan de eastlike muorre. Katoliken dêrfoar oer hingje harren krús faak boppe de doar fan de keamer op.
Al yn de tiid fan Tertullianis wie it wenst dat kristenen mei de fingers in krústeken sloegen, itjinge noch jimmeroan dien wurdt troch katoliken, otterdokse kristenen en guon protestanten lykas lutheranen en anglikanen.
Yn otterdokse en katolike rûnten wurdt op 14 septimber it Krúsferheffingsfeest fierd. Betocht wurdt dan de wijing fan de basilyk op it plak dêr't neffens de tradysje it orizjinele krús fan Jezus troch Helena fan Konstantinopel yn 326 fûn waard.
Biskoppen fan ferskillende tsjerken sette foar't hja in dokumint ûnderskriuwe in krúske (+) foar har namme. It dolksymboal (†) efter de namme fan de ferstoarn persoan, fakentiden ek mei de fermelding fan de datum fan ferstjerren, wurdt troch guon wolris betiizge mei it kristlike krús.
Yn de protestantske tradysje is it krús net altiten in fanselssprekkend symboal. Wylst yn katoliken tsjerken meardere krusen altiten prominint oanwêzich binne, ûntbrekt in krús noch alris yn it ynterieur fan in protestantsk tsjerkegebou. Op de alterromte stiet it prosesjekrús, dy't yn prosesjes troch of bûten de tsjerke meidroegen wurdt. Under de triomfbôge hinget of stiet (op in balke) tradisjoneel in grut triomfkrús. Yn katolike streken binne krusen mei of sûnder Kristusbyld op hoeken of lâns diken in gewoan ferskynsel. Om de leauwigen oan te trunen ta besinning krije katoliken op Jiskewoansdei in jiskekrúske op de foarholle. De Jehova's Tsjûgen wize it brûken fan it krús ôf en ek Mormoanen hâlde harren yn by it brûken fan it krús as symboal.
It krús foarmet ek faak ûnderdiel fan wapens, flaggen en ûnderskiedings yn lannen dy't yn in kristlike tradysje steane.
Krúsfoarmen
Ofbyld | Opmerking |
---|---|
It latynske- of passykrús wurdt yn de Westersje tsjerken it measte tapast. De peal is langer as de dwersbalke, dy't boppe it midden de peal krúst. | |
It Andréaskrús is ferneamd nei de apostel Andréas. Andréas waard krusige oan in X-foarmich krús. | |
It T-foarmige Antoniuskrús is ferneamd nei Antonius de Grutte, dy't yn 'e regel mei in T-foarmige stêf wurdt ôfbylde. It krús wurdt neffens de 19e letter fan it Grykske alfabet ek wol Taukrús neamd, Ferskillende kleasteroarders brûke it Antoniuskrús lykas bygelyks de Fransiskanen. | |
It Armeenske krús hat fjouwer earms, dy't oan it ein by de punten nei bûten ta útrinne. Armeenske krúsen binne meastentiids hielendal dekorearre en wurde ek yn muorren yn de eardere Armeenske wengebieten fan Armeenje, Georgje, Turkije en Iraan oantroffen. De krusen binne somtiden wol 1700 jier âld. | |
It Byzantynske krús wurdt yn de Gryksk-Otterdokse Tsjerke brûkt. De earms fan it byzantynske krús wurde oan de einen wat breder. | |
It Jakobus- of Santiagokrús is it embleem fan de yn de 12e iuw stifte Santiago-oarder. De einen fan de dwersbalke einigje yn leeljes, wylst de peal de foarm fan in dolk hat. | |
It Grykske krús hat fjouwer earms fan deselde lingte. It Switserske krús is jonger en ûnstie los fan it Grykske krús yn de lette midsiuwen yn it wapen fan Switserlân. Ut it Switserske krús ûnstie letter wer it logo fan it ynternasjonale Reade Krús. | |
It Keltekrús is in latynsk krús mei in ring om it snijpunt fan de peal en de balke. Fral yn Ierlân en Skotlân is it krús populêr, mar it komt ek yn Ingelân foar. It Keltenkrús is faak mei keltysk flechtwurk fersierd. | |
It Koptyske krús hat fjouwer earms fan deselde lingte. De earms einigje alle fjouwer yn trije punten. | |
It patriargekrús of Spaanske krús komt in soad foar op ôfbylden fan tsjerkefoarsten lykas biskoppen en kardinalen. It krús hat in lytsere en in gruttere dwersbalke. De lytse dwersbalke symbolisearret it ynskrift op it krús. | |
It Loateringsk krús is in krús mei twa dwersbalken. Oarspronklik wiene de twa dwersbalken like lang, mar letter waard de boppeste balke koarter makke en dêrmei ferskilt it Loateringske krús net mear fan it patriarchale krús. | |
It Piterkrús is in latynsk krús dat op de kop stiet. De oan Petrus wijde roomske tsjerken drage op de toer somtiden in Piterkrús, dat ferwiist nei de krusiging fan de earste biskop fan Rome mei de holle nei ûnder. Satanisten en guon okkulte bewegings helje it Piterkrús tsjintwurdich út de oarspronklik kristlike kontekst. | |
It russysk-otterdokse krús is it krús fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Njonken de twa dwersbalken lykas by it patriarchale krús is der ûnder oan de peal in tredde balke foar de fuotten, dat skeef rint. De boppeste dwersbalke is like lang as de ûnderste skeane balke. | |
It pausenkrús is it symboal fan it pauslike amt. De trije dwersbalken ferwize nei de trije pauslike autoriteiten: preester, hoeder en learaar. | |
De earms fan it Lazaruskrús (ek bonkekrús) binne like lang en einigje op alle kanten yn in klaverblêd, in ferwizing nei de hillige Trije-ienheid. It Lazaruskrús hat ferskillende farianten. | |
It krúste krús is in krús werfan't de balken op elts ein wer einigje yn in latynsk krús. | |
It wijingskrús (lat. crux signata) wurdt ek wol apostelkrús neamd. It krús is te finen op de alterplaten, oan liturgyske saken en oan de muorren fan tsjerken. De krusen binne te finen yn katolike tsjerken en somtiden bewarre bleaun yn tsjerken, dy't tsjintwurdich protestantsk binne, mar foar de reformaasje as katolike tsjerke boud binne. | |
It achtpuntige Malteeske krús hat fjouwer earms. It krús is smel op it snijpunt en breder op de úteinen, dy't yn punten einigje. De acht punten symbolisearje de acht sillichsprekkings. In soad ridderoarders brûkten it krús en it wurdt ek by ûnderskiedings tapast. | |
It Calatravakrús is it embleem fan de yn de 12e iuw stift Spaanske Calatrava-ridderoarder. Alle fjouwer krúsearms einigje yn de foarm fan in leelje. It krús is faak te finen yn de wapens fan stêden dêr't de ridderoarder foar master opsloech. | |
It Avis-krús is it embleem fan de yn de 12e iuw yn Portugal stifte ridderoarder fan Avis. Alle fjouwer krúsearms einigje yn de foarm fan in leelje. | |
It foarkekrús (lat. crucifixus dolorosus) is in goatysk krús yn de foarm fan de letter Y. It foarkekrús ûnstie yn de lette 13e of iere 14 iuw en komt in soad foar yn it Rynlân. | |
It Hugenoatekrús is it symboal fan hugenoaten en Frânsktalige protestanten. | |
It Timpelierskrús is in krús mei balken dy't nei de ein bûgje en breder wurde. It krús hat ek sekuliere tapassings. Bekend is bygelyks it izeren krús, in Dútske militêre ûnderskieding it izeren krús. | |
It krukke- of hammerkrús is in krús mei dwersbalkjes op de einen. | |
It ankerkrús hat earms fan likense lingte en is in Gryksk krús, mar dan mei ankerfoarmige einen. | |
It Jeruzalimkrús is in Gryksk- of krukkenkrús, mei yn eltse hoeke fan it haadkrús fjouwer lytsere grykske krusen. It grutte krukkenkrús is letter ferfongen troch in grut gryksk krús. | |
It Bolnisikrús is in krúsfoarm dat mei it wynrankkrús in soad brûkt wurdt yn de Georgysk-Otterdokse Tsjerke. It krús stamt fan de Bolnisi Sioni-tsjerke (5e iuw) yn Bolnisi, Georgje. | |
It wynrankkrús, ek Georgysk krús of it krús fan de hillige Nino is it krús fan de Georgyske-Otterdokse Tsjerke. Karakteristyk binne de nei ûnderen ta hingjende earmen. It krús giet werom op de 4e iuw doe't it kristendom yn Georgje de steatsgodstjinst waard. | |
De kombinaasje fan it kristlike krús mei in Davidsstjer wurdt troch Messiaanske joaden brûkt. | |
It tetragramkrús is in Gryksk krús kombinearre mei fjouwer fjoerizers of bèta's. Njonken de dûbele earn wie it symboal it embleem fan it Byzantynske Ryk en letter it Servyske Ryk. | |
It Servyske krús is it nasjonale symboal fan Servje en de Servysk-Otterdokse Tsjerke. | |
It apel- of ballekrús is in gryksk krús, wêrfan't de earms einigje yn in kûgel of bal. In fariant is it parelkrús, werfan't de earms allinne út kûgels bestiet. It krús komt in soad yn de heraldyk foar. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [Kreuz (Christentum) Literatur en Einzelnachweise, op dizze side].
|