Foarbylden fan wurkjende krêften

Yn de natuerkunde is de krêft dy't de beweging fan in foarwerp feroarje kin. In krêft kin in foarwerp mei massa syn foarm en faasje feroarje. Troch it wurkjen fan in krêft kin der arbeid dien wurde. Krêften kinne neamd wurde nei de wurking dy't se op in foarwerp hawwe, lykas lûkkrêft, driuwkrêft en dwerskrêft Krêften kinne ek neamd wurde nei harren oarsaak of wurking, lykas swiertekrêft, wriuwingskrêft en midpuntsykjende krêft.

In krêft kin oerbrocht wurde troch kontakt tusken foarwerpen of dieltsjes dy't yn in fêste, floeibere, gasfoarmige aggregaasjetastân binne of troch in krêftefjild. Dy krêftefjilden binne yn de klaasike natuerkunde elektromagnetysk of gravitasjoneel.

Wetten fan Newton

De Wikipedy hat ek in side Wetten fan Newton.

Neffens de twadde wet fan Newton wurdt de krêft sa formulearre:

As de massa net feroaret[1] jildt foar de krêft

mei

  • de massa fan it foarwerp
  • de akseleraasje (feroaring fan de faasje de tiidsienheid) fan it swiertepunt fan it foarwerp.

De rjochting fan de krêft is de rjochting fan de akseleraasje.

Ienheid

De SI-ienheid foar krêft is neamd nei de Ingelske wittenskipper Sir Isaac Newton en wurdt útdrukt yn newton mei de symboal "N".

Oare krêften

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Yn de relativistyske meganika is in massa net altyd oanhâldend. Mar ek yn de klassike meganika kinne der net-oanhâldende massa’s wêze, bygelyks yn in raket dêr't de massa fan de brânstof in reedlik part yn de totale massa hat. It brânstofferbrûk feroarsaket dêr in stadige fermindering fan de massa.

Foar oare boarnen, sjoch nl:Kracht

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.