| |||||
Offisjele taal | Spaansk | ||||
Haadstêd | San José | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
51.100 km² 0,7% | ||||
Ynwenners (2004) | 3.700.000 | ||||
Munt | Kostarikaanske colón (CRC) | ||||
Tiidsône | UTC -6 | ||||
Nasjonale feestdei | 15 septimber | ||||
Lânkoade | CRI | ||||
Ynternet | .cr | ||||
Tillefoan | 506 |
Kosta Rika (Spaansk: Costa Rica) is in lân yn Midden-Amearika. De haadstêd is San José.
Geografy
Lizzing
Kosta Rika leit op de lâningte fan Sintraal-Amearika. Oan ’e westkant leit de Grutte Oseaan en oan ’e eastkant leit de Karibyske See. Ek Kokoseilân heart by Kosta Rika.
It lân wurdt begrinzge troch:
- Nikaragûa yn it noarden;
- de Stille Oseaan yn it westen;
- Panama yn it suden;
- de Karibyske See yn it easten.
Lânskip
It gebiet is foar it grutste part flak, mar oer de midden rint in berchrige, dy’t ûnderdiel is fan de Sintraal-Amerikaanske "Cordilleras".
It heechste punt is de Cerro Chirripo op 3810 meter. Yn it lân lizze grutte nasjonale parken en reservaten (25% fan it lân is beskerme). In protte dêrfan besteane út tropysk reinwâld. Dêrnjonken komme ek oare typen natoer yn Kosta Rika foar, lykas gersflakten en mangrovebosken.
Skiednis
Kosta Rika waard yn 1502 troch Kolumbus ûntdutsen en healwei de 16e iuw yn besit nommen troch de Spanjerts. Sy neamden it gebiet Nij Kartago as ûnderdiel fan de Spaanske koloanje yn de Nije wrâld.
Yn 1821 waard it in diel fan it ûnôfhinklike Meksikaanske Keizerryk, dêr’t it him 2 jier letter mei oare Sintraal-Amerikaanske lannen fan ôfskiede om de Feriene Steaten fan Sintraal-Amearika te foarmjen. Yn 1840 foel dy federaasje útinoar en waard Kosta Rika in selsstannich lân.
Yn 1899 wienen de earste demokratyske ferkiezings. Sûnt dy tiid hat it lân mar twa kear te krijen hân mei polityk geweld. Fan 1917 oant 1919 wie de diktator Federico Tinoco Granados oan ’e macht en yn 1948 wie der in lytse boargerkriich nei in bestriden ferkiezingsútslach. Dy kriich waard wûn troch de linkse José Figueres Ferrer, dy’t nei ôfrin it leger ôfskafte en in nije grûnwet opstelde. Sûnt dy tiid hat it lân frijwarre west fan geweld dêr’t in protte oanswettende lannen wol mei te krijen hienen. Sadwaande is Kosta Rika ien fan de lannen fan Latynsk-Amearika mei de grutste wolfeart wurden en it stiet dêrom ek bekend as "it Switserlân fan Sintraal-Amearika".
Demografy
Befolking
It grutste diel fan de befolking (87%) is fan Jeropeeske komôf, foar it meastepart neikommelingen fan Spanjerts. Goed 7 persint is mestys, fan mingd Spaansk-Yndiaanske komôf, trije persint fan Afrikaanske komôf en ien persint Yndiaansk.
Taal
De offisjele taal fan Kosta Rika is it Spaansk dat ek troch de mearderheid fan de befolking sprutsen wurdt. Oare talen dy’t brûkt wurde binne de Yndianetalen fan de ynlânske bewenners en it Ingelsk troch de Kreoalske minderheid yn de eastlike kustgebieten. Dy lêsten stamme fan 19e-iuwske Jamaikaanske ymmigranten ôf.
Religy
Mei 92 persint is it oergrutte part fan de Kostarikaanske befolking oanhinger fan it Kristlik leauwen. Fan de Kristenen is 88 persint Roomsk-Katolyk.
Ien fan de wichtichste religieuze feestdagen yn Kosta Rika is 2 augustus. Op dy dei wurdt Virgen de Los Angeles ("Faam fan Los Angeles"), de beskermhillige fan it lân, fierd.
- Costa Rica Colibrì
- De basilyk Los Angeles yn Kartago
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Costa Rica fan Wikimedia Commons. |