Portret fan Ter Laan fan Elie Smalhout
Kornelis ter Laan (1909)

Kornelis Klaas ter Laan (better bekend as K. ter Laan) (Slochteren, 8 july 1871 - Utert, 6 maart 1963) wie in Nederlânsk taalkundige en politikus.

Hy wie bekend trochdat er opkaam foar de Grinslânske taal en kultuer. Ek al wie Ter Laan al yn syn jonge jierren út Grinslân weigong, hy fielde ek letter noch in sterke bân mei syn bertegrûn. Dy bân kaam ta útdrukking yn in protte fan syn skreaune wurk. Hy wie dêryn mear in ferteller as skriuwer. Hy wie it, dy't de Grinslânske foarkarstavering ûntwikkele hat. Syn wurdboek fan it Grinslânsk jildt noch hieltiten as de standert.

Neist dit taalkundige en letterkundige wurk wie er Twadde Keamerlid foar de Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij (SDAP) en boargemaster fan Zaandam.

Nei him is de K. ter Laanpriis neamd, dy't sûnt 1983 jierliks útrikt wurdt troch de Stichting 't Grunneger Bouk.

Publikaasjes

Syn wichtichste publikaasjes:

  • De riekdom van de Grunneger toal (1924)
  • Groninger overleveringen (2 dielen, 1928, 1930)
  • Nederlandse overleveringen (2 dielen, 1930)
  • Nieuw Groninger Woordenboek (1929)
  • Encyclopedisch woordenboek voor Groot-Nederland (1937)
  • Groningen voor honderd jaar (1937)
  • Joodse overleveringen (1937)
  • Woordenboek van de vaderlandse geschiedenis (1939)
  • Beknopte Nederlandse Encyclopedie (1941, 1947, 1949)
  • Letterkundig woordenboek (1941)
  • Aardrijkskundig woordenboek van Nederland (1942, 1948)
  • Folkloristisch woordenboek (1949)
  • Nederlandse spreekwoorden, spreuken en zegswijzen (1950)
  • Hoezen van Gruindiek (1951)
  • K. ter Laan's Multatuli-Encyclopedie (red. Chantal Keijsper, postúm útjûn yn 1995)

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.