Koriolanus
algemiene gegevens
oarspr. titelCoriolanus
auteurWilliam Shakespeare
taalIngelsk
foarmtoanielstik
sjenretrageedzje
skreaun±1605-08
1e publikaasje1623, Londen
bondelFirst Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titelCoriolanus
publikaasje1976, Drachten
útjouwerFryske Shakespeare Stifting
oersetterDouwe Kalma

Koriolanus, yn it oarspronklike Ingelsk: Coriolanus (folút eins: The Tragedy of Coriolanus), is ien fan 'e minder bekende toanielstikken fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in trageedzje dy't basearre is op it libben fan 'e legindaryske Romeinske lieder Gajus Marsius Koriolanus, en dy't nei alle gedachten skreaun is tusken 1605 en 1608. Koriolanus waard foar it earst útjûn yn 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1976.

Ynhâld

Korolianus iepenet yn Rome, koart nei't yn 509 f.Kr. de lêste Romeinske kening, Lusius Tarkwinius Superbus, ferdreaun is en de stêd in republyk wurden is. (Yn dy tiid wie Rome noch net it mulpunt fan in wrâldryk mar ien fan 'e withoefolle Italyske stêdsteaten.) Der is in opskuor ûnder it miene folk nei't yn in tiid fan krapte harren de nôtfoarrieden fan 'e stêd ûntsein binne. De publike lulkens rjochtet him benammen op Gajus Marsius (Shakespeare staveret syn namme "Caius Martius"), in geniale legeroanfierder, dy't men ferantwurdlik hâldt foar it fuortkroadzjen fan it nôt. De oproerlingen wurde tsjinholden troch de senator Menenius Agrippa en Gajus Marsius sels. Wylst Menenius it spul besiket del te bêdzjen, lit Marsius iepentlik syn minachting foar it gewoane folk blike en seit dat de plebejers it nôt net wurdich wiene om't se net yn it leger tsjinje. Twa tribunen fan Rome, Sisinius Felutus en Junius Brutus, sprekke temûk skande fan Marsius syn hâlden en dragen. Dan arrivearret it berjocht dat de Folsken, in folk dat súdeastlik fan Rome wennet, in leger op 'e foet brocht hat dat yn 'e rjochting fan Rome opmarsjearret. Marsius set daliks ôf nei it front.

It Romeinske leger wurdt oanfierd troch Kominius, dy't Marsius as syn ûnderbefelfierder oanstelt. Wylst Kominius mei de Romeinske haadmacht it opmarsjearjende Folskyske leger yn 'e mjitte giet, liedt Marsius in oanfal op 'e Folskyske stêd Korioles. Hoewol't it belis yn 't earstoan fan tebeksetters oaninoar hinget, wit Marsius op 't lêst troch de poarten fan 'e stêd te brekken, wêrnei't de Romeinen Korioles feroverje. Hoewol't hy en syn mannen dan eins al skjin ynein binne, hastigje se har dochs werom nei Kominius en nimme se diel oan 'e oerwinning op it Folskyske leger. Dêrby reitsje Marsius en syn âlde fijân, de Folskyske legeroerste Tullus Aufidius, mei-inoar yn in twagefjocht ferwikkele dat pas einiget as Aufidius syn ûnderhearrigen him tsjin syn wil fuortskuorre.

Ta erkenning fan syn grutte dieden jout Kominius oan Marsius nei ôfrin fan 'e slach de agnomen of offisjele bynamme "Koriolanus" (dy't ferwiist nei syn oerwinning te Korioles). As hja weromkeare yn Rome, trunet Koriolanus syn mem Folumnia him oan om him ferkiesber te stellen foar it amt fan konsul. Hoewol't er sels syn twifels oer dy set hat, lit er him troch syn mem oerhelje. It slagget him sûnder swierrichheden om 'e Romeinske senaat efter him te krijen, en earst liket it derop dat er ek op 'e stipe fan it miene folk rekkenje kin. Mar Sisinius en Brutus yntrigearje tsjin him en lokje in nij opskuor tsjin him út. As er mei dy tsjinstân te meitsjen kriget, wurdt Koriolanus alhiel breinroer en hâldt er in tirade tsjin 'e demokrasy. Syn fijannen feroardielje him op grûn fan syn eigen útspraken as in ferrieder en ferbalje him út Rome, mar Koriolanus antwurdet dat hysels Rome út syn om-en-by ferballet.

Coriolanus, Fyfde Bedriuw, Trêde Sêne. In gravuere troch James Caldwell op grûn fan in skilderij troch Gavin Hamilton.

Koriolanus giet yn ballingskip yn 'e Folskyske haadstêd Antium, dêr't er syn fijân Aufidius freget him dea te dwaan om 'e stêd dy't him ferballe hat in leske te learen. Ynstee hellet Aufidius him oer om in nij Folskysk leger oan te fieren by in oanfal op Rome. As men dêr yn Rome lucht fan kriget, brekt der panyk út yn 'e stêd. Kominius noch Menenius, dy't de iene nei de oare útstjoerd wurde om him te bepraten, kinne Koriolanus op oare gedachten bringe. Uteinlik wurdt syn mem Folumnia mei Koriolanus syn frou Firgilia en syn bern nei him ta stjoerd. Dan wol er einlings en te'n lêsten wol omlyk, en ynstee fan Rome te feroverjen, bringt er in fredesferdrach tusken de Romeinen en de Folsken ta stân. Dat wurdt troch de Folsken lykwols opfet as ferrie, en as er neitiid weromkeart nei Antium, wurdt er dêr troch Aufidius en dy syn meistanners fermoarde.

Fryske oersetting

Coriolanus waard ûnder deselde titel yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1976 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VIII, yn 'e mande mei in pear oare minder bekende stikken fan Shakespeare (Symbelinus en Perikles, Prins fan Tyrus) en mei it grutste part fan syn poëzij (de Sonnetten, Fenus en Adoanis en De Rôf fan Lukresia).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VIII: Coriolanus, Pericles, Cymbeline, Venis en Adonis, De Rôf fan Lucretia, Sonnetten en Fersen, Drachten, 1976 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 17 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichten: In Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikken: Arden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.