Korbulo. Gipsen ôfbylding fan in orizjineel yn de Musei Capitolini, fan de EUR Museo della Civiltà Romana yn Rome
Stânbyld fan Korbulo yn Foarburch

Korbulo (Folút: Gnaius Domitius Corbulo; likernôch 7 - 67 n.Kr.) wie in Romeinsk befelhawwer ûnder de keizers Klaudius en Nearo. Hy wie in healbroer fan Kaligula's fjirde frou Caesonia.

Libben

Korbulo makke yn it leger opgong as militêr. Hy troude mei Cassia Longina út in foarname Romeinske senatorsfamylje. Sy krigen twa dochters. De âldste Domitia Korbula troude mei de senator Lusius Annius Vinicianus. Harren twadde dochter Domitia Longina waard letter keizerinne troch har houlik yn 70 mei de lettere keizer Domitianus.

Yn 47 wie Korbulo legatus militus fan Neder-Germaanje, in gebiet dat sawat oerien komt mei it hjoeddeiske Nederlân. Hy hie in protte súkses yn de oarloch tsjin de Germaanske Sjauken en Friezen, dy't troch him ferslein waarden. Dochs krige hy fan keizer Klaudius opdracht him werom te lûken efter de Ryn, dy't sûnt dy tiid de grins (limes) fan it Romeinske Ryk mei de Germanen bleau.

Korbulo bewarre in strange tucht yn syn legers en sette syn soldaten oan it wurk troch harren it Kanaal fan Korbulo (yn it Latynsk: fossa Corbulonis) útgrave te litten, dat de Maas mei de Ryn ferbûn. Archeologyske opgravings hawwe oantoand dat dit kanaal foar in part bewarre bleaun is yn it Fliet tusken Leien (doe Matilo) en Foarburch (destiids Forum Hadriany). Yn 1989 waarden dêr by de oanlis fan de wyk Rietvink yn Leidschendam spoaren fan fûn.

Letter wie Korbulo mei in protte súkses befelhawwer by ferskate militêre aksjes yn it Easten. Yn 58 fersloech er Tiridates, oermastere Armeenje en ferwoeste de haadstêd Artaksata. Hy promovearre ta gûverneur fan Syrje. Yn 67 waard hy lykwols slachtoffer fan Nearo syn paranoia. Hy krige opdracht him te melden yn Grikelân, dêr't Nearo op keunstreis wie. By syn oankomst yn Cenchreae, in haven fan de Grykske stêd Korinte, waard er opwachte troch twa boadskippers mei it berjocht dat Korbulo himsels fan kant meitsje moast, wat er die troch him yn syn swurd falle te litten.

Publikaasjes

Korbulo skreau in ferslach oer syn aventoeren yn Lyts-Aazje, dat ferlern gien is. Oare skriuwers as Tasitus, Plinius de Aldere en Kassius Dio hawwe hjir wichtige ynformaasje út helle foar harren eigen skriften.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Marcel J. Fens, Gnaeus Domitius Corbulo, 2009.

Keppeling om utens:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.