Landkreis Konstanz | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Baden-Wuertemberch |
haadplak | Konstanz |
grutste plak | Konstanz |
tal gemeenten | 25 |
kenteken | KN, STO |
Kreisschlüssel | 08 3 35 |
sifers | |
ynwennertal | 288.097 (2021) |
oerflak | 817,25 km² |
befolkingstichtens | 352 ynw./km² |
oar | |
stifting | 1973 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 47° 40' N 9° 09' E |
webside | www.lrakn.de |
De Landkreis Konstanz (lânkring Konstanz) is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch.
Skiednis
De lânkring giet werom op it Bezirksamt Konstanz, dat yn 1806 oprjochte waard doe't it ûnderdiel waard fan Wuertemberch, sûnt 1810 Baden.
Sûnt de lêste weryndieling fan 1973 telt de lânkring 25 gemeenten, dêrûnder sân stêden. Konstanz, Radolfzell am Bodensee en Singen drage de titel 'Große Kreisstadt'. Grutste stêd is Konstanz, de lytse gemeente is Büsingen am Hochrhein. Dy leit as Dútske enklave tusken de Switserske kantons Schaffhausen, Thurgau en Zürich.
Geografy
De lânkring foarmet in ûnderdiel fan it gea Hegau, in lânskip dat al by de Foar-Alpen heart. De Kreisstadt Konstanz leit oan de súdeastlike râne fan de lânkring oan de Bodensee, dy't op dy lokaasje yn de Untersee oergiet. It lânskip tusken de Untersee en de Überlinger See wurdt Bodanrück neamt. By de lânkring hearre ek de eilannen Reichenau (selstannige gemeente) en Mainau (ûnderdiel fan de stêd Konstanz).
Grins mei Switserlân
Tusken de lânkring Konstanz en it kanton Schaffhausen yn Switserlân leit op it lân de 84 kilometer lânsgrins. Mear as 900 grinspeallen jouwe it ferrin oan en dy binne sa set, dat fan de iene stien de oare te sjen is. De grins waard op it Kongres fan Wenen fêstlein en sûnt 1839 mei peallen oanjûn. In grinspeal is 1,5 meter heech.
Stêden en gemeenten
Stêden | Gemeenten |
---|---|
|
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Konstanz.
|
Regierungsbezirke Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen Landkreise Kreisfreie Städte |