Konstantin Thon yn 1870

Konstantin Andrejevitsj Thon (Russysk: Константин Андреевич Тон) (Sint-Petersburch, 6 novimber 1794 - dêre, 6 febrewaris 1881), wie in Russysk arsjitekt.

Hy wie in soan fan in Dútske juwelier yn Sint-Petersburch en gie nei de Sint-Petruskoalle. Doe't er noch mar njoggen jier wie waard er ynskreaun by de Petersburchske Keunstakademy, dêr't er oant 1815 studearre by ûnder oaren de arsjitekt Andrei Woronichin. Guon fan syn projekten dy't er yn de rin fan syn oplieding makke, smieten medaljes op. Fan 1819 oant 1828 hold er yn Rome en Florâns ta foar keunststúdzjes.

Yn desimber 1828 gie er werom nei Ruslân. Yn 1830 waard er lid fan de keunstakademy en trije jier letter waard er beneamd ta learaar oan de Peterburchske Keunstakademy. Yn 1854 waard er ta rektor fan de fakulteit arsjitektuer fan de akademy beneamd.

Hy wurke histoarisearjend en yn neostilen. De oermjittich útfierde rige sealen yn it nije paleis yn it Kremlyn fan Moskou waard troch him foar tsaar Nikolaas I ûntwurpen. Thon boude ek in protte katedralen en tsjerken. Faaks is de Kristus Ferlosserkatedraal yn Moskou syn ferneamdste wurk.

Konstantin Thon wie ridder yn de Oarder fan Sint-Vladimir.

Wurk

In kar:


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.