Konstâns I

Flavius Iulius Constans (sa. 323 - 18 jannewaris 350), (Frysk: Konstâns I), wie in Romeinske keizer fan septimber 337 oant 18 jannewaris 350.

Skiednis

Konstâns wie de tredde en jongste soan fan Konstantyn de Grutte en syn frou Fausta. Oer syn jeugd is net folle bekend. Op 25 desimber 333 waard hy beneamd as Caesar troch syn heit.

Yn septimber 337, krekt nei de dea fan Konstantyn de Grutte, kamen Konstâns en syn aldere bruorren Konstantyn II en Konstantius II by inoar om it Romeinske Ryk tusken haren trijen te ferdielen. Konstâns krige Itaalje, Afrika, Illyrikum, Masedoanje en Achaea.

De trije bruorren hienen it ryk ferdield, mar gunden inoar it ljocht yn de eagen net. Geregeld besochten sy elkoars gebieten ôf te pakken. Yn 340 foel Konstantyn it lân fan Konstâns yn. Dizze hie lykwols mear ferstân fan fjochtsjen as syn âldere broer en koe him ferslaan by Akwuileia. Konstanyn stoar en Konstâns pikte syn gebiet yn. Fierder hie Konstâns aardich wat súksessen tsjin ferskate barbaarske folken.

As keizer wie Konstâns minder; alhoewol't hy syn earste jierren frij evenredich wie, waard hy letter in tiran. Om safolle mooglik jild yn te heljen, ferkocht hy amten oan de heechste bieder. Ek die hy in soad oan freonepolityk.

Yn 350 ferklearre generaal Magnentius him ta keizer Yn Galje. Konstâns flechte foar him, mar waard fêstnommen en fermoarde.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.