De konsistoarje of konsistoarjekeamer is yn protestantske tsjerken de romte dêr't de tsjerkeried (de âlderlingen en diakenen) gearkomt.

Yn de protestantske tsjerke is de tsjerkerie it heechste orgaan fan de pleatslike en yn prinsipe selsstannige tsjerkegemeente. De romte is ornaris yn de tsjerke, of flak derneist. It is ek de romte dêr't predikant en tsjerkerie koart foar in tsjerketsjinst efkes byinoar binne om, as soks nedich is, ynformaasje út te wikseljen en it konsistoarjegebed út te sprekken. Ek nei de tsjinst giet se werom nei de konsistoarje. Dy gearkomsten hawwe fierder in ynformeel karakter, it is net in fergadering.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.