It Earste Konsily fan Niseä yn 325 wie it earste oekumenysk konsily. It waard byien roppen op inisjatyf fan keizer Konstantyn de Grutte en wie in gearkomst fan trijehûndert-en- achttjin biskoppen. Op it konsily waard de offisjele lear fan de doetiidse tsjerke en fan de lettere Roomsk-Katolike tsjerke en Eastersk-Ortodokse tsjerke fêstlein.
It konsily waard benammen byien roppen fanwege de ûnrêst dy't ûntstien wie troch de lear fan Arius. Yn Niseä waard de kearn fan de belidenis fan it kristlik leauwen ta stân brocht dy't letter op it Konsily fan Konstantinopel fan 381 opkreaun en oanfold wurde soe. De belidenis fan it leauwen steunde ûnder oaren op de lear fan de fersoening fan Irenaeus, en dêrtroch op it leauwen yn de erfsûnde, en yn it bestean fan ien God. It Alde Testamint waard net fersmiten en de God fan Jezus waard lyksteld mei de God fan it Alde Testamint, JHWH. De godlike natuer fan Jezus waard opnij befestige, wylst it idee dat Jezus de heechste skepping wie, lykas de Arianen leauden, fersmiten waaard. Op it konsily fan Konstantinopel, soe letter ek de posysje fan de Hillige Geast as tredde persoan fan God fêstlein wurde, wêrmei't de lear fan de triniteit fêstlein waard.
Op it konsily spile Atanasius in wichtige rol by it bestriden fan it Arianisme. Op syn foarstel waard de Grykske term 'homo-oesios' (fan deselde substânsje) foar de natuer fan de Soan ynfierd, om de wêzens-ienheid fan God de Heit en syn soan Jezus Kristus ta útdrukking te bringen. Der wienen mar twa biskoppen dy't wegeren om it beslút te ûndertekenjen. Trije oaren, benammen Eusebius fan Nikomedia, makken in foarbehâld, dêr't noch in heale iuw oer striden wurde soe. It "leauwen fan Niseá" soe de dogmatyske fûnemint bliuwe foar alle oare konsyljes fan de tsjerke.
By dit konsily waard ek de datum foar Peaske fêstlein. It waard: de earste sneon nei de folle moanne nei de maitydsevening. Kristenen dy't fêsthâlden oan de Joadske berekkeningswize waarden kwartodesimanen neamd.
Boppedat waard de earenamme patriarch takend oan de fjouwer biskoppen fan de wichtigste stêden yn it kristlik Romeinske Ryk: Rome, Antiochje, Aleksanderje en Jeruzalim.