De Konferinsje fan Potsdam waard holden fan 17 july oant en mei 2 augustus 1945 op it Cecilienhôf, it hûs fan kroanprins Wilhem fan Prusen, yn Potsdam yn it troch de alliearden besette Dútslân. Meidoggers wiene de trije alliearde machten de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en de Sowjet Uny, fertsintwurdige troch harren lieders presidint Harry S. Truman, minister-presidint Winston Churchill, dy't nei de ferkiezingsoerwinning fan de Labour Party ferfongen waard troch Clement Attlee, en siktaris-generaal fan de Kommunistyske Partij Jozef Stalin. Hja kamen byïnoar njoggen wiken nei de oerjefte fan Nazy-Dútslân op 8 maaie 1945 en beslis hoe't Dútslân fierder regearre wurde moast.
Relaasje tusken de lieders
Sûnt de 5 moanne nei de Konferinsje fan Jalta hawwe der in tal fan feroarings plakfûn.
- De Feriene Steaten hiene in nije presidint nei it ferstjerren fan presidint Franklin D. Roosevelt op 12 april 1945. Harry Truman stie ûnbetrouberder oer tsjinoer Stalin as syn foargonger.
- Yn Grut Brittanje wiene de útslaggen fan de ferkiezings buorkundich makke ûnder de Konferinsje. De Labour Party hie de ferkiezings wûn fan de konservativen. Clement Attlee waard de nije minister-presidint.
- It Reade Leger hie de Baltyske lannen, Roemeenje, Bulgarije, Hongarije en Tsjecho-Slowakije beset nei de befrijing fan East- en Midden-Jeropa. Ek hie Stalin in kommunistysk regear ynsteld yn Poalen. In soad minsken flechten út noed foar in Stalinistyske oername. Stalin woe hawwe dat er yn syn rjocht stie de Sowjet-ynfloedsfear yn East-Jeropa út te wreidzjen foar beskermingsdoelen tsjin mooglike oanfallen.
Potsdam oerienkomst
De trije haden kamen it folgjende oerien op de konferinsje. Oare punten moasten op in letter holden konferinsje yn beskôging nommen wurde.
- Ferklearring fan it doel fan de alliearde besetting fan Dútslân: de ûntnazifisearring, ûntlegering, desintralisaasje en demokratisearring fan Dútslân.
- It ferpartsjen fan Dútslân en Eastenryk yn fjouwer alliearde besettinssônes (al op de Konferinsje fan Jalta beslist) en fjouwer likese besettinssônes fan de haadstêden Berlyn en Wenen.
- De oerienkomst ta ferfolging fan nazi's neffens de Prosessen fan Neurenberch.
- It ûndien meitsje fan de Dútske anneksaasjes yn de kriich, lykas it Sudetelân, de Elsas, Eastenryk en de westlike parten fan Poalen.
- It fêstlizzen fan de Poalske westgrins lâns de Oder-Neisse. Stettin, dat op de westlike igge fan de Oder lei, waard ek yn live, want de stêd waard sjoen as de trochfierhaven fan Berlyn. Dútslân ferlear sa'n fearns part fan syn lân neffens de grinzen fan 1937. Sileezje, West-Prusen, twatredde part fan Pommeren en East-Prusen, wêrfan it noardlike part as de Kaliningrad oblast part fan de Sowjet Uny waard. Dy kwestje waard troch de westlike machten as in foarriedige oplossing sjoen oant de plande folgjende konferinsje.
- It op in "minsklike" manier útsetten fan Dútske boargers út earde Dútske gebieten yn Poalen en de Sowjet Uny en de Dútske minderheden yn Tsjecho-Slowakije en Hongarije, de saneamde Folksdútsers.
- De Dútske libbensstandert soe net mear wêze moatte as de trochsneed Jeropeeske.
- Oerienkomst oer kriichskea kompensaasjejild. Dútslân waard ferplichte ta skeafergoeding yn'e foarm fan Dútsk eigendom, yndústriele produkten en wurkkrêften.
Stalin stelde út om Poalen gjin skeafergoeding te jaan om't it lân in grut part fan Dútslân krigen hie.
- Swiere yndustry, dy't goed wie foar de bou fan Dútske kriichsreau, moast ferneatige wurde. De Dútske yndustry moast benammen bestean út lichte yndustry en lânbou. Yndustry foar it werobouwen wie tastien. Troch de Kâlde Kriich waard in folsleine werombetelling net wiermakke.
Poalen
Der wie troch de trije machten oerienkommen dat der yn Poalen in regear foar nasjonale ienheid wêze moast, dus de westlike machten erkinden yn wêzen de troch de Sowjet Uny ynstelde regear fan Poalen. Hjirby kaam wynliken in ein oan de erkinning fan it Poalske regear yn ballingskip yn Londen. Poalske militêren, dy't yn 't Britske leger tsjinne hawwe, koene frije tagong hawwe werom nei Poalen. It is noch hieltyd ûndúdlik wêrom de Feriene Steaten harren ferset tsjin de Oder-Neisse grins sa hommels opjûn hawwe. Nei de Sowjets harren eask opjûn hiene foar folsleine yndústriele ûtmanteling fan it Roergebiet, ferfoel de Amerikaanske eask dat der nei oerlis in foarriedige, administrative grins ynsteld wurde koe. De Sowjets wiene lykwols fan betinken dat de grins definityf wie, nei de twongen ferdriuwen fan Dútsers út de eastlike gebieten wei. De westlike machten woene op de folgjende definitive konferinsje de foarriedige grins fêststelle. De grins waard troch de DDR yn 1950, troch de Bûnsrepublyk yn 1970 en it weriene Dútslân yn 1990 erkind.
Ferklearring fan Potsdam
Op 26 july 1945 waard de ferklearring fan Potsdam útlein tusken Truman, Churchill en Tsjiang Kay-tsjek , de lieder fan de nasjonale regear fan Sina (de Sowjet Uny hie noch gjin kriich mei Japan) easken fan de oerjefte fan Japan.
Neibeskôging
De Konferinsje fan Potsdam wie de lêste konferinsje fan de alliearde lieders. Hjir yn waarden ek de easken foar Japanske oerjefte bepaald. Foldie it lân hjir net oan, dan folge 'direkte' en 'totale' ferwoasting. It wurd atoombom wie net neamd, mar Truman neamde oan Stalin dat hy oer in machtich nij wapen beskikte en krige fan him in yndirekte oanmoadiging dat te brûken en meitsje in fluch ein oan de kriich. Op 6 en 9 augustus waarden op Hirosjima en Nagasaki atoombommen smiten, wêrnei Japan him ûnfoarwurdlik oerjoech.
De westlike bûnsgenoaten, benammen Churchill, betrouden de wiere motiven fan Sowjet-lieder Stalin net en wiene bliid de Russen net nedich te hawwen yn de striid tsjin Japan.
Stalin hie njonkelytsen kommunistyske regearen ynstâld yn East-Jeropeeske lannen, lykas Poalen, Tsjecho-Slowakije, Hongarije, Roemeenje, Bulgarije, Albaanje en letter yn de Sowjet-besettinssône fan Dútslân, wêrnei de DDR ûntstie. Churchill bekuldige Stalin derfan in Izeren Gerdyn yn Jeropa te stiftsjen, mar nei syn ferkiezingsferlies op 25 july 1945 biede hy gjin tsjinwicht mear en begûn sa stadichoan de Kâlde Kriich.
Oare wichtige konferinsjes
- Konferinsje fan Casablanca, 14 oant 24 jannewaris 1943
- Konferinsje fan Kairo, 22 oant 26 novimber 1943
- Konferinsje fan Teheran, 28 novimber oant 1 desimber 1943
- Twadde Konferinsje fan Kebek, 12 oant 16 septimber 1944
- Konferinsje fan Jalta, 4 oant 11 febrewaris 1945