Kommodus, Museum Capitolani

Kommodus, folút yn it Latyn: Marcus Aurelius Commodus Antoninus, (31 augustus 16131 desimber 192) wie keizer fan Rome tusken 177 en 192, wêrfan trije jier tegearre mei syn heit, Markus Aurelius. Neffens de klassike, nei alle gedachten partidige skiedskriuwerij fan de Historia Augusta - wurdt er beskôge as yn fan de minste keizers fan it Romeinske Ryk. Yn alle gefallen wie de Romeinske Senaat min te sprekken oer him.

Skiednis

Jeugd

Komodus wie de njoggende en ienich oerlibjende soan fan Markus Aurelius en Faustina. Hy waard berne yn Lanuvium, Itaalje yn augustus 161. Fan syn ierste jeugd ôf waard troch syn heit soarge dat er de best mooglike oplieding krige. De ferneamde arts Klaudius Galenus hie him as pasjint. Hy krige de titel Caesar doe't er fiif jier âld wie, wat betsjutte dat er fan dat stuit ôf offisjeel opfolger wie fan syn heit, dy't dêrmei ôfwykte fan de tradysje sûnt keizer Nerva, om in adoptyfsoan as opfolger te kiezen (sjoch Adoptyfkeizers).

Op de âldens fan tsien jier krige Kommodus de titel "Germanikus" en op syn fjirtjinde waard "princeps iuventutis". Yn 175 gie hy tegearre mei syn heit nei it easten. Sy kamen in jier letter werom yn triomf en Kommodus ûntfong de titel "imperator".

Kop fan jonge Kommodus, Römisch-Germanisches Museum, Keulen.
Kommodus' búste yn it Kunsthistorisches Museum, Wenen. Neffens Herodianus [1] wie Kommudus wiis op syn knappe uterlik mei ljocht en krollend hier.

Earste jierren as keizer

Yn 177 krige Kommodus de titel Augustus en waard dêrtroch meikeizer fan it Romeinske Ryk, tagelyk mei syn heit. Yn itselde jier troude hy mei Krispina. Nei de dea fan syn heit yn 180 krige Kommodus de folsleine macht as keizer. Syn offisjele namme waard Marcus Aurelius Antoninus Commodus, mar dizze namme wurdt letter wer feroare. Sûnt 180 die hy syn bêst om de frede yn it Ryk te bewarjen en beëinige de ekspânsje fan it ryk, dêr't syn foargongers mei úteinset wiene. Hy sluet frede mei Germaanje en gie hurd werom nei Rome dêr't er syn heit eare mei de titel 'Divus' (=fergoade).

Komplot

Neffens de skiedskriuwers fan de tredde en fjirde iuw Kassius Dio, Herodianus en de anonime skriuwer fan de Historia Augusta soe de nije keizer net deselde kwaliteiten hawwe as syn heit. Ek soe er in protte fijannen makke hawwe troch minne kornútsjepolityk en ferkearde adviseurs. Syn suster Lusilla en syn frou Krispina, dy't earst net mei-inoar koenen, lieden it spul by en rekken yn 183 belutsen by in komplot fan in kloft senatoaren om Kommodus út de wei te romjen. De saak lekte út en Lusilla waard ferbanne en eksekutearre. Yn datselde jier beskuldige de keizer syn frou Krispina fan troubrek en lit har ombringe. Neffens de Romeinske boarne soe dizze beskuldiging fan in man komme dy't sels sa troubrekkend wie dat ferhalen rûn gienen dat er in harem hie fan 300 froulju en likefolle manlju derop nei hâlde.

It bewâld fan Kommodus soe it keizerryk teistere hawwe en oeral brutsen protesten út, ek yn it leger. Ferskate moardoanslaggen waarden op him plige dy't allegear mislearren. De korrupsje feroarsake sels in hongersneed en brocht Rome op de râne fan in boargerkriich. Boppedat bruts in pestepidemy út dy't him oer hiel Itaalje útwreide.

Kommodus as Herkules. Brûnzen stânbyld, Musei Capitolini, Rome

Terreur

Yn de rin fan jierren soe de waansin fan Kommodus him sa dúdlik manifestearre hawwe dat it in pleach wurde soe fan it Romeinske Ryk. Hy hannele hieltyd wreder en om de lytste fertinkings liet er minsken ombringe. Syn terreurrezjym soe net ûnder dien hawwe foar de regearings fan Kaligula, Nearo (en Domitianus) en hy soe net allinnich troch de senaat, mar ek troch befolking hate wurde. Sels syn eigen adviseurs wiene net feilich foar him.

Grutheidswaan

It omtinken foar it regear waard stadichoan minder by Kommodus as at yn it begjin it gefal wie en hy hâlde him hieltyd faker dwaande mei syn hobbys: de jacht en gladiatorspullen. Ta grutte ôfgriis fan de senaat die er ek mei as gladiator yn it sirkus. Syn grutheidswaan wie sûnder grinzen. Hy identifiseare himsels mei Herkules en de minsken om him moasten him ek dêrmei oansprekke. Ek werneamde hy alle moannen fan it jier nei syn eigen nammen en titels. Sels it leger waard nei him ferneamd. Doe't yn 192 in part fan Rome ôfbaarnde makke hy brûk fan de situaasje en doopte de stêd om ta Colonia Commodiana.

Ein

Op de ein fan syn bewâld makke Kommodus it hieltyd bûnter. Sa makke Kommodus yn 192 bekend dat er by de wichtige eveneminten dy't dat jier op it program stienen Nijjiersdei 193, as gladiator optrede soe om sadwaande it nije konsulaat te begjinnen. De senaat wie der sa ferûntweardige oer dat in kloft senatoren beslute dat hy ûnder gjin beding de kâns krige mocht de plechtige tradisjonele seremoanjes te ûnthilligjen. Der waard snel mar tige krekt in komplot makke om him út de wei te romjen en op âldjiersjûn waard hy troch syn byfrou Marsia fergiftige en, om der wis fan te wêzen dat hy it net oerlibje soe, waard hy ek noch wurge troch in ynhierde atleet, Narsissus. Jûchheiend ûntfong de opteine senaat it berjocht fan syn dea en spruts in damnatio memoriae (ferflokking fan syn oantins) út. Noch gjin trije jier letter waard de senaat lykwols troch keizer Septimius Severus twongen de titel 'Divus' (godlik) oan de troch har ferflokte Kommodus te jaan.

Klassike boarnen en har objektiviteit

Kassius Dio

Al yn de âldheid beskôgen de destiidske skiedskriuwers Kommodus as ien fan de ‘minste’ keizers (tegearre mei Kaligula), Nearo en Domitianus). Fral troch de skriuwer Dio waard hiel bot oer him kwea skreaun. Foar in part wie dat net sa ferwûnderlik omt Kassius Dio sels senator wie en soan fan in senator. Hy wie tsjin eltse beheining fan de senatoriale macht. Kommodus beheinde de macht fan de senatoren hiel bot en syn relaasje mei de senaat wie as alles mar net freonskiplik. Foar wichtige beslissingen wegere hy de senaat te riedpachtsjen en ûnder Kommodus waarden in protte senatoren ferband of ombrocht. Troch Dio wurde alle beslissingen dy't Kommodus naam bespotlik makke.

Herodianus

Herodianus, de oare wichtige skiedskriuwer dy't Kommodus berjochtet, is minder negatyf as Dio mar it giet wol deselde kant út, foar in part is dat te ferklearjen omdat Herodianus putte út it wurk fan Dio. Ek Herodianus seach Kommodus as in tiran, (en troch syn jeugdige leeftyd) as in willich spultsje yn hannen fan korrupte, malafide persoanen.

Historia Augusta

De tredde klassike boarne dêr't in protte oer Kommodus yn skreaun wurdt is de Historia Augusta, in wurk dat tsjûget fan in sterke pro-senaatshâlding. Alle keizers dy't mei de senaat yn konflikt kommen wienen wurde dêryn tige negatyf beskreaun. Kommodus wurdt deryn foarsteld as foarbyld ‘hoe't men net regearre moat’.

Literatuer

  • O.J. Hekster, Commodus: an Emperor at the Crossroads, Amsterdam, 2002. ISBN 9050632386
  • E. Hohl, Kaiser Commodus und Herodian, Berlin, 1954.
  • M.R. Kaiser-Raiß, Die stadtrömische Münzprägung während der Alleinherrschaft des Commodus: Untersuchungen zur Selbstdarstellung eines römischen Kaisers, Frankfurt am Main, 1980. ISBN 3921302285 (fragmentweergave in Google Books)
  • A.E. Raubitschek, Commodus and Athens, Princeton, 1949. (= in Hesperia (supp.) 7 (1949), pp. 279–290.)
  • F. von Saldern, Studien zur Politik des Commodus, Rahden, 2003. ISBN 9783896468338

Keppeling om utens

Noaten

  1. Birley sette Herodianus' beskriuwing oer fan Kommodus (A.R. Birley: Septimius Severus).
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.