Kommentaar op Habakuk | ||
It begjin fan it Kommentaar op Habakuk. | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e helte 1e iuw f.Kr. | |
1e publikaasje | 1951 |
It Kommentaar op Habakuk is in sektaryske joadske tekst dy't 'e midden fan 'e tweintichste iuw te Qumran, yn it Westjordaanlân, ûntdutsen waard as ûnderdiel fan 'e skat oan âlde geskriften dy't bekend kommen is te stean as de Deade-Seerôlen. It wie ien fan 'e oarspronklike sân boekrôlen dy't yn 1947 yn Grot 1 te Qumran ûntdutsen waarden en yn 1951 publisearre waarden. It is oerlevere yn ien manuskript, dat bekend stiet as 1QpHab (Grot 1/Qumran/pešer/Habakuk), en is in pešer of pesher, in Hebriuwske term foar in beskate foarm fan skriftlik kommentaar op in religieuze tekst, yn dit gefal op it âldtestamityske bibelboek Habakuk. Fanwegen syn iere ûntdekking, flugge publikaasje en relatyf ûnskansearre steat is it Kommentaar op Habakuk ien fan 'e faakst en meast yngeand ûndersochte teksten fan 'e Deade-Seerôlen.
Ynhâld
1QpHab bestiet út trettjin kolommen tekst, al is de earste kolom sa goed as ûnlêsber en is der dwers troch de twadde kolom hinne in grut gat. It trêde haadstik fan Habakuk ûntbrekt hielendal, mar dat komt om't it mei sin weilitten is troch de anonime skriuwer fan it Kommentaar op Habakuk, want de lêste kolom fan 'e boekrôle is blanko, wat dúdlik oanjout dat de tekst ôf wie.
De skriuwer fan it Kommentaar op Habakuk ferkearde fierhinne yn deselde sitewaasje as de profeet Habakuk mear as fiifhûndert jier earder: de Joaden waarden bedrige troch in heidensk wrâldryk. Yn 'e tiid fan Habakuk wie dat it Babyloanyske Ryk; yn 'e tiid dat it Kommentaar op Habakuk skreaun waard, wiene it de kittim, wat oerset wurde kin as "westerlingen", in koadewurd foar de Romeinen. Sadwaande wol de anonime skriuwer mei syn Kommentaar beärgumintearje dat Habakuk in profesije is dy't yn sýn tiid útkomme sil. De anonime skriuwer komt fierders ta deselde konklúzje as Habakuk, te witten: stânfêstens yn it leauwe. Hy befêstiget dat syn mienskip der net ûnder strûpe sil, al hoe machtich oft de fijân ek is. Meitiid sil harren dêrtroch de macht om werom te slaan en rjochtdei te hâlden oer de kittim jûn wurde troch God.
Wat teminsten like wichtich is as it boadskip fan it Kommentaar op Habakuk, is de mooglikheid ta tekstferliking dy't dit geskrift biedt mei de Masoretyske Tekst, de oerlevere standerttekst fan 'e joadske Bibel. Hoewol't de sitaten yn it Kommentaar op Habakuk en de Masoretyske tekst fan Habakuk iuwen útinoar lizze, docht dêr út bliken dat de ferskillen minimaal binne, en har beheine ta wurdfolchoarder, lytse grammatikale fariaasjes, staveringsfarianten en de tafoeging of weilitting fan beskate ferbûgings. Nearne taast soks lykwols de betsjutting fan it skreaune oan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |