André van Duin, in Nederlânsk komyk.

In komyk is immen dy't mei komeedzje yn 'e foarm fan wurden, lichemstaal en/of it meitsjen fan (rare) minen besiket en bring syn of har taskôgers oan it laitsjen. In froulike komyk wurdt ek wol in komediënne neamd. Der besteane ferskillende soarten komiken:

  • De "tradisjonele" tillefyzjekomiken of revu-artysten trede op yn in skouboarch om dêr komyske, yn it foar ynstudearre sketskes op 'e planken te bringen. Dit soarte fan komyk is sadwaande ek in soarte fan akteur. De bekendste komyk fan Nederlân op dit mêd is André van Duin.
  • In clown is in artyst dy't almeast optreedt yn in sirkus, en dy't him fan oarsoartige komiken ûnderskiedt trochdat er him sminkt yn felle kleuren (mei faak in grutte rûne reade noas), en trochdat er klean draacht dy't him òf te lyts, òf te grut binne. Yn sirkussen binne de clowns faak ek tagelyk akrobaten en/of jongleurs. In oar skaaimerk fan clowns is dat se yn 'e regel komeedzje bedriuwe sûnder dêrby te praten, al is dat net altyd it gefal. Der binne ek tillefyzjeclowns en kliniclowns, dy't foar sike bern optrede yn sikehuzen. De bekendste clown fan Nederlân is Bas van Toor, de iene helte fan it bernetillefyzjeduo Bassie en Adriaan.
  • De nar of harlekijn wie in histoaryske foarrinder fan 'e clown, dy't yn 'e Midsiuwen almeast ferbûn wie oan in hof fan 'e hege adel, en dêr besocht de foarst en dy syn gasten te fermeitsjen.
  • In kabaretier is in artyst dy't meast optreedt yn skouboargen en dêr syn publyk fermakket mei grappige monologen dy't konferânses neamd wurde. De jûnfoljende monolooch wurdt dêrby yn 'e regel ferskate kearen ûnderbrutsen foar in ferske of in oar yntermezzo mei muzyk. Yn Nederlân is it sa dat konferânses faak in serieus boadskip hawwe, dat brocht wurdt troch it te omjaan mei humor. Bekende kabaretiers binne bygelyks Youp van 't Hek, Brigitte Kaandorp en Theo Maassen. Yn Fryslân is Teake van der Meer mei dit soarte fan komeedzje ferneamd wurden.
  • Slapstickkomiken wurkje ornaris mei syn twaen of yn groepen, en harren humor is tradisjoneel folslein fisueel. Dit soarte fan komyk ûntjoech him yn it tiidrek fan 'e stomme film, doe't de mooglikheid foar it oerbringen fan teksten oan 'e sjoggers beheind wie. Fral Laurel en Hardy binne op dit mêd bekend wurden.
  • In nij soarte fan komyk is de stand-up-komyk, in foarm dy't oerwaaid is út 'e Feriene Steaten. Stand-up-komiken lykje noch it measte op kabaretiers, behalven dan dat harren komyske ferhaaltsjes en grappen yn 'e regel as los sân oaninoar hingje en dat se der gjin jûnfoljende konferânse mei opfiere, mar inkeld in segmint fan in gruttere show, dat fiif oan heechút tweintich minuten duorret. Stand-up-komiken trede trochstrings ek net op yn skouboargen, mar earder yn nachtklubs, kafees, kasino's en lytsere sealtsjes, en se dogge net oan ferskes of muzyk. Ien fan 'e bekendste stand-up-komiken fan Nederlân is Jörgen Raymann.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.