In kolonel is in haadofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is kaptein-op-see, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht groepskaptein is. De oansprektitel fan in kolonel is "kolonel". De boppelizzende rang is brigadegeneraal of, yn legers dy't de rang fan brigadegeneraal net kenne (sa't yn in grut diel fan East-Jeropa it gefal is), generaal-majoar. Dêrmei is kolonel de heechste haadofsiersrang. Direkt ûnder de kolonel stiet de luitenant-kolonel, dat in soarte fan legere gradaasje fan kolonel is.

Etymology

It wurd 'kolonel' stammet út it Latyn, fan columnella, dat "pylderke" of "lytse kolonne" betsjut. As rang ûntstie it yn it tiidrek fan 'e Renêssânse yn Itaalje, mei as oarspronklike betsjutting "ofsier dy't in kolonne oanfiert". Dêrby wiene der earst twa foarmen fan it wurd yn omrin, 'kolonel' en 'koronel', dy't trochinoar brûkt waarden. Uteinlik wûn de foarm 'kolonel' it yn 'e measte talen, mar 'koronel' libbet noch fuort yn it Ingelske colonel, dat nettsjinsteande de stavering mei in l, útsprutsen wurdt mei in r: ['kʌɹnəl], likernôch: "kurn'l".

Skematysk oersjoch

Oersjoch fan 'e kolonelsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
kolonel kaptein-op-see kolonel
of groepskaptein
luitenant-kolonel kaptein-luitenant-op-see luitenant-kolonel
of wing commander

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OF-5
kolonel
kolonel
kaptein-op-see
kolonel
(by it Korps Mariniers: kolonel)
kolonel
kolonel
kolonel
kolonel
NATO rang OF-4
luitenant-kolonel
oerste
kaptein-luitenant-op-see
oerste
(by it Korps Mariniers: luitenant-kolonel)
luitenant-kolonel
oerste
luitenant-kolonel
oerste

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.