Kolofon fan in ynkunabel yn 1471 printe troch Peter Schöffer. De oersetting fan de Latynske tekst is: “It treflike wurk dêr’t it hjir om giet fan Valerius Maximus waard ôfmakke mei printkeunst yn de eale stêd Mainz oan de Ryn yn it jier 1471 op 18 july troch de boppestebêste master Peter Schoyffer fan Gernshem, in slagge ûndernimmen

It kolofon (fan it Aldgrykske κολοφών, kolophṓn: "toppunt" of, frij fertaald, "de lêste hân [earne oan lizze]") is in opsomming fan de wize dêr’t in boek op makke is. It kin in opjefte yn hawwe fan in tal technyske gegevens fan it boek:

It begryp is ûntliend oan it Grykske wurd κολοφών (kolophoon), dat ûnder oare ‘slotstik’ betsjut. In kolofon stiet dan ek gauris efteryn it boek. In tal fan de boppesteande gegevens wurde lykwols hieltyd faker ek tsjin de titelside oer of dêrnei yn in boek opnommen. Sa’n opsomming wurdt oars gjin kolofon mar in ympressum neamd.

Ek kranten en tydskriften ha gauris in kolofon, dêr’t ynformaasje yn stiet oer de meiwurkers, redaksje-adres, abonneminte-ynformaasje ensfh.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.