Kolkgat ûnder Grimersum
It ûntstean fan yn- en útdykske kolken.

In wiel is in kolkgat, ûntstien troch in trochbrek fan in rivierdyk of seedyk. Trochdat it wetter net yn ien kear troch it gat fan de trochbrek giet, mar yn de iepening kolket en dêrby mear grûn losmakket, kin it gat op it plak fan in trochbrek sa djip wurde dat it net gaadlik is en bou dêr de dyk op 'e nij.

Yn stee dêrfan wurdt de dyk dan wat fierder nei bûten ta lein, meast op de râne fan it gat. Binnen de dyk bliuwt dan in rûne mar oer, de wiel.

It Mâlegreefsgat is sa'n wiel.

Ek oare rûne markes wurde somtiden wiel neamd.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.