Kolham
Tsjerke fan Kolham
Tsjerke fan Kolham
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
Sifers
Ynwennertal1.345 (2021)[1]
Oar
Postkoade9615
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53°11'0"N 6°45'0"E
Offisjele webside
Feriening Doarpsbelang Kolham
Kaart
Kolham (Grinslân)
Kolham

Kolham, eartiids ek Colham of De Ham, is in doarp yn de gemeente Midden-Grinslân. It doarp leit oan de A7 en hearde oarspronklik ta de histoaryske lânstreek Duerswâld (Duurswold). De ynwenners waarden foarhinne 'Hamsters' neamd.

Kolham is in streekdoarp op in sânrêch. Tegearre mei de doarpen Scharmer, Slochteren, Schildwolde en Hellum foarmet Kolham in lang heal rûnfoarmich lint. Kolham foarmet it sudlike punt fan dat lint en wurdt sels oan de súdkant troch de westlike en noardlike kant fan Hegesân-Sappemeer omfieme.

Skiednis

Kolham op in topografyske kaart fan 1934

De delsetting ûnstie yn likernôch de 11e iuw doe't it heechfean oan de kant fan de Slochter Ae oanmakke waard. Kolham waard yn 1266 foar it earst neamd as 'Hemme' en yn 1291 as 'Hemmenis'. Mei Scharmer is Kolham in ôfsplitsing fan de memmeparochy Slochteren, dêr't de seend fan súdlik Duerswâld holden waard. It gebiet wie mei in foarse laach heechfean oerdutsen, in noardlike útrinner fan it fean by Hoogezand-Sappemeer. Wichtige kleasters lykas Thesinge, Ten Boer, Rottum, Aldekleaster, Nijenkleaster, Easterwierrum, Skyldwâlde en Jesse en in tal haadlingen hiene hjir hiele stikken heechfean yn harren besit, dêr't turf ôfgroeven waard. It premonstratinzerske kleaster Blomhôf yn Witewierrum hie westlik fan de tsjerke ek grutte stikken lân en dat kleaster besiet oant de reformaasje ek de parochyrjochten fan Kolham en it rjocht de pastoar te beneamen. It tsjerkhôf, dat heger leit as de omjouwing, bestiet út in net ôfgroeven stik fean. Yn 1499 plondere de Saksyske oerste Nittert Fox 't Hof yn Kolham, dêr't nei alle gedachten de omjouwing fan it tsjerkhôf mei ornearre waard.

Dêrnjonken wiene der om 1500 hinne in soad houtwâlen en stikken lân foar ikehakhout. Om 1650 wie it grutste diel fan it heechfean ôfgroeven, útsei in smelle stripe oan de súdlike grins fan it doarp. De winning fan turf gyng troch, benammen yn de eastlike helte fan it doarp, dêr't it fean foar it measte hielendal ferdwûn is. Troch eroazje en ynklinking sakkke de grûn.

Om't it lân om it doarp hege lei as yn de omkriten koe der natuerlik ôfwettere wurde. Earst sûnt healwei de 19e iuw waarden der in pear lytse poldermûnen boud. Sûnt de 19e iuw feroare it lânskip om Kolham; de houtwâlen wiene om 1900 hinne al foar it measte ferdwûn. It grutste bosk wie it Kolhamster bosk, dat fan Hoogezand oant de wei troch Kolham lei. De lêste stikken fan dat bosk waarden om 1900 hinne kapt.

Ryksmonuminten

Tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Kolham.

De tsjerke fan Kolham (Haadwei 44) waard boud yn 1641 en ferfong doe in âlder gebou. Mooglik binne de muorren noch fan de âlde tsjerke, dy't neffens de muorredikte op syn betiidst út de 15e iuw datearje.

Mûnen

De Wikipedy hat ek in side Entreprise (Kolham).

De Entreprise (Haadwei/Rengersleane) is in nôtmûne dy't yn 1906 boud waard. Op 19 juny baarnde de mûne hielendal út, mar neitiid waard in restauraasje yn gong set dy't yntusken foltôge is.

Dêrnjonken is der noch in Amerikaanske wynmotor dy't yn 2010 restaurearre is.

Joadsk begraafplak

Stasjon

It eardere stasjonsgebou út 1929 wie in skoft de Frije Evangelyske Kapel Rehoboth. Tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt as wenhûs.

Oars

De joadske mienskip fan Hoogezand-Sappemeer begroef har deaden sûnt 1836 op it joadske hôf yn it doarpsgebiet fan Kolham. It begraafplak efter de bedriuwshallen oan de Knijpsleane bestiet noch altiten en der steane sa'n 140 grêfstiennen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kolham fan Wikimedia Commons.
Midden-Grinslân
Doarpen:
Borgercompagnie (foar in part) • Foxhol • Froombosch • HarkstedeHegesân • Hellum • Kiel-Windeweer • KolhamKropswolde • Luddeweer • MeedenMuntendamNoardbroek • Overschild • Sappemeer • Scharmer • SchildwoldeSiddebuorrenSlochterenSteendamSúdbroek • Tripscompagnie (foar in part) • Tjuchem • Waterhuizen • Westerbroek • Woudbloem
Utbuorrens & buorskippen:
Achterdiep • Beneden Veensloot • Blokum • Borgweg (foar in part) • Bokhörn • Boven Veensloot (foar in part) • Bovenstreek • Denemarken • Duurkenakker • Eelshuis • Foxham • Foxholsterbosch • Gaarland • Gaarveen • De Hammen • Heidenschap • Jagerswijk • Kalkwijk • Klein Harkstede (foar in part) • Kleinemeer • Korengarst • Kostverloren • Lageland • Langewijk • Lula • Martenshoek • Medumertol • Nieuwe Compagnie • Noordbroeksterhamrik • Oostwold • Oude Verlaat • De Paauwen • Roeksweer • Ruiten • Schaaphok • Siddebuursterveen • Spitsbergen •Stootshorn • Tusschenloegen • Tussenklappen • Uiterburen • Het Veen • 't Veen • Westeind • Wilderhof • Windeweer • Wolfsbarge • Zandwerf
wizigje
  1. https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2021/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2021
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.