Kolderveen
Polityk
Provinsje Drinte
Gemeente Meppel
Sifers
Ynwennertal220
Oerflak0,88 km²
Oar
Postkoade7948
Koördinaten52° 43' NB, 6° 9' OL

Kolderveen is in doarp yn de gemeente Meppel yn de Nederlânske provinsje Drinte. It doarp hie yn 2015 220 ynwenners. It doarp wie in delsetting yn in gebiet dêr't fanâlds fean oanmakke waard. De namme kaam yn 1362 foar as Coldervene en betsjut sokssawat as "by it kâlde fean". Kolderveen foarmet in twillingdoarp mei it oangrinzgjende Nijeveen.

Monumintale buorkerij yn Kolderveen út de 18e iuw
De tsjerke fan Kolderveen

Kolderveen wie eartiids in part fan it dingspel fan Diever. Hjoed-de-dei is de herfoarme gemeente fan Kolderveen meiïnoar gien mei dy fan it neiere Dinxterveen. Ek hearde Kolderveen by it wetterskip Nijeveen-Kolderveen, dat op 7 novimber 1862 oprjochte waard. Dat wetterskip gie yn 1996 op yn it wetterskip Wold en Wieden en yn 2000 yn it wetterskip Reest en Wieden.

Oant healwei de njoggentiger jierren wie Suvelfabryk De Venen fêstige yn Kolderveen. Nei it sluten yn 1998 kaam it fabryksgebou yn hannen fan koöperaasje De Venen en dy hat der wen- en wurkateliers en in eksposysjeromte yn boud. Ferskate keunstners hawwe harren yn it gebou fêstige.

Nijsgjirrich is de tsjerke fan Kolderveen, dy't net yn it doarp sels boud waard, mar oan 'e ein fan de 400 meter lange Thijs van Urklaan, itjinge in moai gesicht jout.

De útbuorren Kolderveense Bovenboer hearde eartiids by Kolderveen, mar is no part fan Nijeveen, dêr't Kolderveen no sels winliken ek by heard.

De Drintske skriuwer Klaas Kleine is berne yn Kolderveen.


Meppel
Stêd:
Meppel
Doarpen:
KolderveenNijeveen • Rogat
Buorskippen:
Broekhuizen • De Kolk • Havelterberg • Havixhorst • Kolderveense Bovenboer • Lindenhorst • Nijentap • Nijeveense Bovenboer • Schiphorst
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.