Koeweit Al-Kuwait | ||
Polityk | ||
Lân | Koeweit | |
Gûvernemint | Al Asimah | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 96.100 (2005) | |
Befolkingsticht. | 480,5 km² | |
Stêdekloft | 2.380.000; 200 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | East-Afrika Tiid, EAT (UTC+3) | |
Koördinaten |
Koeweit (Arabysk: Al-Kuwait - مدينة الكويت) is de haadstêd fan Koeweit en hat sa'n 90.000 ynwenners en likernôch 2.380.000 yn de stedsgebiet.
De stêd Koeweit leit yn sintraal Koeweit oan de kust fan de Perzyske Golf. De stêd is it meast wichtige kulturele, politike en ekonomyske sintrum fan it lân.
It klimaat is der skrok en hjit; temperatueren kinne simmerdeis oprinne oant 50 gr. C.
Skiednis
De stêd Koeweit waard stifte yn de iere 18e iuw troch de Al-Sabah-clan, dy't letter oer Koeweit hearskje soe, en in tûke fan de Al-Utūb-stam (dêr't ek de Al-Khalīfah-clan ta hearde, de famylje dy't oer De Barein) it bewâld hie, en har oanfierder Sjeik Sabāh I. De namme kin ôflaat wêze fan in earder ferlitten fort op dat plak, "Kūt" (كوت) neamd - Arabysk foar in festing by de see.
De delsetting die it rillegau bêst en yn 1760 krige it in muorre rûnom; op dat stuit hie de stêd ek al syn eigen dhow-float, sa'n 800 skippen, en waard dêr hannele mei Bagdad en Damaskus. Yn de iere 19e iuw wie it in havenplak fan belang wurden.
It wie net hielendal dúdlik oft Koeweit part fan it Ottomaanske Ryk wie; dat hie fan gefolgen dat der geregeldwei spannings tusken it sjeikdom en it keizerryk wienen. Dy sitewaasje krige de hichte doe't, yn 1896, sjeik Mubārak Al-Sabāh syn broer emir Muhammad Al-Sabāh fermoarde. Dat hie te meitsjen mei Mubarak syn yngeande erchtinkendheid foar it Ottomaanske Ryk oer wat anneksaasje fan Koeweit oanbelange.
Yn ruil foar Britske beskerming mocht Mubārak net ûnderhannelje mei bûtenlânske machten en harren gjin lân ôfstean sûnder tastimming fan de Britten.
Mei de fynst fan oalje yn 1936, naam de wolfeart fan de stêd tige ta, ek wat sûnens en ûnderwiis oanbelanget.
De stêd waard yn 1990 beset troch it Irakske leger. Ein febrewaris 1991 waard it troch de alliearde troepen befrijd.
Stedsbyld
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kuwait City fan Wikimedia Commons. |