Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
De Koerganhypoteze neffens Gimbutas. Perioade 4000-2500 f.Kr.
De migraasjeweagen fan Yndo-Jeropeeske folken tusken 4000 en 1000 f.Kr., neffens de Koerganhypotese.

De Koerganhypotese is in hypoteze fan de Litousk-Amerikaanske archeologe Marija Gimbutas oer it ûntstean fan de Yndo-Jeropeeske talen. De hypoteze waard publisearre yn 1956 en is basearre op archeologyske en taalkundige argumenten, en giet op foar it gebiet dêr't de proto-Yndo-Jeropese talen sprekkende kulturen ûntstean binne, oantsjutten as "Urheimat". Nei de grêfhichten (Russysk: koergannen) dy't fûn binne yn dat gebiet neamde sy dy kultueren koergankultueren.

De hypotheze oer Koergan hat fan grutte ynfloed west foar it ûndersiik niet de Yndo-Jeropeeske talen en -kultueren mar jildt net as ûnbestriden. Oanhingers fan dy teory ornearje dat op de leechflakte om de Swarte See en Súdeast-Jeropa in koergan- of jamnakultuer (ek wol kûlegrêfkultuer of skachtgrêfkultuer) bestie fan de fiifde oant it tredde millennium f.Kr.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.