Koepeltsjerke

Koepelkerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Noardenfjild
plakFeanhuzen
adresHoofdweg 114
bysûnderheden
type bouwurkTsjerke
boujier1825-1826
arsjitektH. Wind
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer30801
offisjele webside
Protestanske Tsjerke Feanhuzen

De Koepeltsjerke is de tsjerke fan de sûnt 18 april 2017 selsstannige PKN-gemeente fan Feanhuzen, Drinte. De wettersteatstsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis

Oargel fan de protestanske tsjerke fan Feanhuzen

De tsjerke waard yn de jierren 1825-1826 yn opdracht fan de Maatskippij fan Woldiedichheid nei it foarbyld fan de Koepeltsjerke yn Smilde boud en wie ornearre foar it persoaniel en de bewenners fan de trije gestichten dy't yn Feanhuzen stifte wiene. Earder wiene de bewenners fan Feanhuzen op tsjerklik mêd op Noarch oanwiisd.

De earste stien foar de nije tsjerke waard op 25 july 1825 lein en op 25 juny waard it godshûs iepene. It achtkante bouwurk wurdt bekroand mei in koepel en krige earst yn 1946 in liedklok.

Restauraasjes fûnen yn it begjin fan de jierren 1960 en 200 plak.

Oargel

It oargel yn de tsjerke waard yn 1821 troch Jan Adolf Hillebrand foar de herfoarme tsjerke fan Akkrum boud en ferhûze yn 1856 doe't Akkrum in nij oargel krige fan Petrus van Oeckelen nei de Koepeltsjerke fan Feanhuzen.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.