kob
simmerfearren
winterfearren
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaikobben (Chroicocephalus)
soarte
Chroicocephalus ridibundus
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

     trochtrekker
     dwaalgast


De kob (Chroicocephalus ridibundus) is 35-39 sm grutte fûgel út de famylje fan de seefûgels. De kob hat foar in grut part wite fearren. De boppekant fan de wjukken is griis, en de úteinen fan de wjukken binne swart. Fierder hat de fûgel in brune kop mei in readeftige snaffel en reade poaten. Yn it winterkleed is de kop wyt mei swarte plakjes op de wangen en om de eagen hinne. De kob kin wol sa'n 30 jier âld wurde.

Oare nammen

De kob wurdt yn Fryslân ek wol kôb, kobbe, kôbel(er) as fiskmiuw neamd.

Kobbe-aaien.

Fersprieding

De kob komt yn it noarden fan hiel Jeraazje foar. De fûgel libbet yn sompen, by rivieren en marren. De kobben sykje foaral om oan harren iten te kommen it selskip fan de minsken op. Winterdeis lûke de kobben meast nei wat waarmere gebieten. De kob komt yn grutte tallen foar, nei alle gedachten binne der sa'n twa miljoen kobben.

Iten

De kobben ite lytse dieren, fisken, wjirms en ôffal.

Fuortplanting

De kobben briede fan april oant yn july. Se briede yn grutte koloanjes. It wyfke leit meastentiids sa'n trije 5 sm grutte aaien yn it nêst. Beide âlden briede de aaien yn 23-25 dagen út. Nei sa'n fjouwer oant fiif wike kinne de jonge fûgels fleane.

Sjoch ek

Commons Commons: Kob – foto, fideo en harktriemmen
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.