Koarnwerterpolder en Makkumersúdmarpolder | ||
Koarnwerter Polder | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Koarnwert Makkum | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 70 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
Polders Koarnwert (by Koarnwert) en Makkumer Súdmar oan de Makkumersúdmar by Allingawier binne natoergebieten yn it westen fan Fryslân en wurde beheard troch It Fryske Gea.
De stikken ‘Fûgeltsjelân’ binne mei elkoar 70 hektare grut. Der wurdt rûge dong brûkt en pas yn de neisimmer meand. Yn de lannen binne strânljip, ljip, tsjirk en ljurk te finen. Op de blomrike greiden groeie bûterblom, soere surk pinksterblom rynsk.
De polder Koarnwert leit benoarden de Koarnwerter Feart. Oan de súdkant leit polder de Ienhoarn, in drûchmakkerij dy't al yn 1776 drûchlein waard. Yn de polder Koarnwert komt op de foar de tichelwurkyndustry 'ôftichele' stikken grûn in fegetaasje mei sâlte ynfloeden foar. Hjir groeie Ingelsk gers, seekraal en skoarkrûd.
De Makkumersúdmar is in feanpolder dy't ein 19e iuw drûchlein waard. Ek hjir wurdt ekstinsyf beheard mei rûge dong en wurdt nei 15 juny meand.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |