Koalstof (C) | ||||||||||||||||
![]() In diamant is in bysûndere opbou fan koalstofatomen | ||||||||||||||||
Algemien | ||||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| ||||||||||||||||
Gemyske eigenskippen | ||||||||||||||||
| ||||||||||||||||
Natuerwittenskiplike eigenskippen | ||||||||||||||||
| ||||||||||||||||
Periodyk systeem |
Koalstof is in gemysk elemint mei symboal C en mei atoomnûmer 6. It is in net-metaal dat op meardere manearen foarkomme kin.
Untdekking
Koalstof is al sûnt de prehistoarje ûntdutsen en brûkt as houtskoal. It Ingelske carbon is ôflaat fan it Latynske wurd foar houtskoal. Ek diamanten binne al lang bekend.
Tapassings
- De isotoop 14C wurdt brûkt by koalstof-14-datearring
- Grafyt wurdt brûkt yn potleaden
- Diamanten wurde brûkt as sieraden, mar soms ek yn boarkoppen
- Fullereen hat nijsgjirrige tapassings yn de nanotechnology
- Yn kearnreaktors wurdt grafyt brûkt om de reaksje ûnder kontrôle te hâlden
- Koalhydraten as: etanol, sûkers (sacharoaze, glukoaze, fruktoaze of stiselmoal)
- Planteftige oalje en fetten
- Koalstof komt foar yn alle organyske ferbinings
Sjoch ek
- Karbide
- Koalstof nanopiip
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.