Yn de gemy is in koalhydraat (ek wol sûker of sacharide neamd) in beskaat type ferbining fan koalstof-, wetterstof- en soerstofatomen dêr't de wetterstof- en soerstofatomen mei in ferhâlding fan 2:1 by foarkomme. Ek ôfliedings mei oare eleminten en oare ferhâldings wurde wol ûnder de sûkers rekkene salang se in likense basisstruktuer hawwe.
Yndieling fan koalhydraten
Der binne ferskate manearen om koalhydraten yn te dielen:
- op grutte fan de Molekulen
- op tal fan koalstofatomen yn it molekúl
- op gemyske reaksje
Yndieling op grutte
Koalhydraten kinne bestean út 1, 2, inkelde of folle monosacharide-ienheden.
- monosachariden, monomearen
- disachariden, dimearen
- oligosachariden, oligomearen
- polysachariden, polymearen
Yndieling op tal koalstofatomen
Om de koalhydraten yn te dielen op tal fan koalstofatomen wurde de telwurden (3) tri-, (4) tetr-, (5) pent-, (6) heks- ensfh. brûkt. Nei ien fan dizze telwurden komt dan de útgong -oaze. Bygelyks mei heksoaze wurde alle koalhydraten mei seis koalstofatomen miend.
Yndieling op gemyske reaksje
Koalhydraten hawwe yn de iepen keatlingstruktuer altyd in dûbeldbûn soerstofatoom. As dit soerstofatoom oan de ein fan de keatling sit, dan is de ferbining in aldehyde en hawwe wy it oer in aldoaze, sit it dûbeldbûn soerstofatoom yn it midden fan de keatling, dan is de ferbining in keton en hawwe wy it oer in ketoaze. Aldoazen reageare maklik mei oksydearjende stoffen, ketoazen net. Aldoazen wurden ek wol redusearjende sûkers neamd. Glukoaze (dat makke wurdt troch fotosynteze) is de ferneamdste aldoaze. As oksydearjende stoffen wurde brûkt:
Tabel
Tabel mei koalhydraten (monosachariden), sortearre op tal koalstofatomen en gemyske reaksje:
aldoaze | ketoaze | |
trioaze | glyseraldehyde | dihydroksyaseton |
tetroaze | erytroaze treoaze | erytruloaze |
pentoaze | arabinoaze lyksoaze ksyloaze riboaze | ksiluloaze ribuloaze |
heksoaze | alloaze altroaze galaktoaze glukoaze guloaze mannoaze taloaze ydoaze | fruktoaze psikoaze sorboaze tagatoaze |