In knipperljochtrelaasje is in relaasje tusken twa persoanen dy't dan wer ris oan en dan wer ris út is. Faak wolle se wol in konstante relaasje ûnderhâlde, mar hawwe se swierrichheden om dat op te rêden troch konflikten dy't hieltyd wer de kop opstekke. Wêrom't in relaasje ferfalt ta in knipperljochtrelaasje is faak kompleks. It kin wêze dat de redens dêrfoar yntern binne en lizze oan 'e ûnderlinge bân tusken de beide persoanen of oan ien of beide persoanen sels. In foarbyld is as ien fan harren hieltyd wer oerhoer docht en de partner bedraacht. Mar it is mooglik dat it oan eksterne redens leit. In foarbyld dêrfan soe wêze kinne dat de famylje fan ien fan beiden de relaasje ôfkart.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.