It Knillesdjip (Kolonelsdiep) is in kanaal tusken de Burgumer Mar en de Grinslanner grins by Strobos. It is eins it ferlingde fan it Prinses Margrietkanaal.
Oarspronklik rûn it wetter fan de Gerben Allesferlaat en de hjoeddeiske Lauwers nei Strobos. Dit âlde stik is foar 1650 oanlein. It wie eartiids troch seis skutsluzen yn stikken ferdield. Sokke stikken hjitte kanaalpanden.
Wierskynlik is it Knillesdjip om 1570 hinne oanlizze litten troch de Spaanske kolonel en steedhâlder Caspar de Robles. (It wetter hat de Nederlânske namme ek krigen troch dizze kolonel). Dat wie yn de tiid fan de Tachtichjierrige oarloch.
Dêrfoar gie de ferbining mei Grinslân meast oer de Waadsee. Dan hienen de skippen in soad lêst fan wettergeuzen. It kanaal rûn fan it Grinslanner Briltil en Niekerk nei de Alde Feanster Feart en troch de marren fan Oldekerk en Sibaldebuorren.
Letter is it wetter ferbrede en ferdjippe. It Knillesdjip is no sawat 3 meter djip.