Kloppenburch
Cloppenburg
Polityk
LânDútslân
LânkringKloppenburch
DielsteatNedersaksen
BoargemasterWolfgang Wiese (CDU)
Sifers
Ynwennertal35.451 (2019)
Oerflak70,62 km²
Befolkingsticht.502 / km²
Hichte39 m
Oar
TiidsôneCET (UTC+1)
Simmertiid(UTC+2)
Offisjele webside
Offisjele webside

Kloppenburch (Dútsk: Cloppenburg) is in Dútske stêd yn de dielsteat Nedersaksen en it haadplak fan de lânkring Kloppenburch.

Kloppenburch leit yn it Aldenburger Lân tusken Osnabrück en Aldenburch, net fier fan de A1, de grutte autowei dy't it Ruhrgebiet mei Bremen en Hamburg ferbynt.

Sint Andreastsjerke yn Kloppenburch

Skiednis

De earste histoarje fan in greefskip mei de namme Cloppenburg is út 814. It tsjerkedoarp woeks yn de midsiuwen ta in plak mei in doarpsplein, in bûtenpleats en in mûne. Greve Cloppenburg (1180-1251) hie nauwe bannen mei ferskate greefskippen yn Nederlân, lykas dy fan Arnhim en Sutfen fia de greve fan Sutfen, Otto II fan Gelre. De pleatsen leinen ferspraat om de doarpskearn hinne en de ynwenners bestienen fral fan de lânbou. Sûnt 1825 soargen de stienfabriken yn de uterwaarden ek foar wurkgelegenheid. De stêd hat hjoed-de-dei ek wat yndustry, bygelyks: Lumberg, (makket ferbiningssystemen) en Derby Cycle (fytsefabryk).

Toerisme

Standermole yn Museumdoarp Kloppenburch

Ien fan de grutste toeristelûkers is it Museumdoarp Kloppenburch, in neimakke midsiuwsk doarp mei rekonstruksjes fan gebouwen út it tiidrek 800 oant 1800. Der binne ek twa gebouwen út it Sealterlân.

Ferneamde minsken


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.