De klokkestoel fan Murns oanjûn troch in boerd
Tsjerkje fan Koartehimmen sûnder toer, mar mei klokkestoel
Omjouwing klokkestoel Yndyk

Der stean mear as sechtich klokkestuollen yn Fryslân, as lossteand bouwurk op in tsjerkhôf of op in begraafplak. De lokaasje fan in klokkestoel is soms oanjûn troch in boerd. De klokkenstoel is in iepen bouwurk. Der binne lykwols ek bouwurken dêr't in klok yn hinget dy't ticht binne en oantsjutten wurde as klokhûs.

Skiednis

De klokkestoel is wierskynlik ûntstien trochdat bepaalde gebieten yn Fryslân te earm wienen, of de mienskippen te lyts om in tsjerke te bouwen. Soms waard der in tsjerkje boud sûnder toer en waard de klok yn in aparte klokkestoel setten.

Yn plakken dêr't letter wol in tsjerke boud waard, waard faak de klokkestoel, neidat de klok yn it tsjerkegebou hongen wie, sloopt. Oarsom barde it ek wol dat as in tsjerkegebou ta ruïne ferfallen wie, der in klokkestoel boud waard. Ornaris stiet de klokkestoel yn in lyts doarpke of buorskip.

Mar in pear klokkestuollen steane bûten Fryslân en dêrom mei de klokkestoel in typysk Frysk bouwurk neamd wurde.

De klokkestoel is bedoeld om de deaden te belieden. Der is ek in tradysje fan it Sint Thomaslieden, lykas yn Ketlik en Aldhoarne, om kweageasten te ferjeien.

Alde klokkestuollen binne aak al ferskate kearen restaurearre of ferfongen. Hast alle klokkestuollen fan Fryslân falle ûnder Monumintesoarch. Op in stik of wat begraafplakken stiet ek in taljochting op de skiednis fan de klokkestoel of klok.

Arsjitektuer klokkestoel

De klokkestoel lit him omskriuwe troch it type dakfoarm en noch in oantal bysûnderheden.

Dakfoarm klokkestoel

In klokkestoel hat ien fan de folgjende dakfoarmen:

Oare bysûnderheden klokkestoel

Op de klokkestoel kinne ek in waarhoanne, in trep of in flaggemêst sitte.

Faak is de klokkestoel makke fan hout, mar de klokkestuollen fan Lúnbert, Gersleat, De Knipe, Aldhoarne en Rottum binne fan wapene beton. Der binne ek in oantal klokkestuollen dy't op in fundearring fan swerfstiennen steane, lykas yn Appelskea, Brongergea, Dunegea, Donkerbroek, Drachtster Kompenije, Follegea, Legemar, Nijeberkeap, Ousternijegea en Spangea.

Bysûnderheden klok

De klokken binne in ferhaal apart. In guon gefallen binne se al iuwen âld. In oantal is út de fjirtjinde iuw. Ek binne der yn de Twadde Wrâldoarloch troch de besetter klokken foardere en omsmolten, lykas de klokken fan Loaiïngea en Murns. De klok fan Goaiïngaryp is mei syn 1.135 kg de swierste fan Fryslân.

De measte klokkestuollen hawwe ien klok. Alve klokkestuollen hawwe twa klokken: Donkerbroek, Elslo, De Fochtel, Gersleat, Ketlik, Lúnbert, Easterwâlde, De Pein, Aldhoarne, Oerterp en Ypekolsgea.

De klokkestuollen fan Wynjewâld en De Gordyk hawwe elk trije klokken.

Plakken mei in klokkestoel

Ek yn de plakken Beetstersweach by Lyndensteyn, Buwekleaster, Hoarnstersweach, Idzegea, Skarl en Twizelerheide stiet ek in klokkestoel (noch gjin ôfbyld). Ek oan de wei fan Doldersum nei Boyl by Hoeve Boschoord stiet in klokkenstoel. De klokkestoel by it sanatoarium Beatrixoard mei in klokje fan 1923 fan B. Eijsbouts út Asten, makke troch Petit & Edelbrock yn Gescher, is yn 2002 ôfbrutsen en yn 2004 is in nije klokkestoel makke troch Olmen Es en beide klokjes, de âlde fan Beatrixoard en in nije fan Petit & Fritsen B.V., hinge yn de klokkestoel.

De klokkestuollen fan Appelskea, De Broek, Boyl, Donkerbroek, Elslo, Goaiïngaryp, De Himrik, Hoarnstersweach, Ketlik, Mildaam, Nijskoat, Easterwâlde, Oerterp en Wynjewâld stean op in tsjerkhôf. De oaren op in begraafplak. In pear hawwe earder ek op in tsjerkhôf stien, mar de tsjerke is yn de rin fan de tiid sloopt.

Der hawwe ek klokkestuollen stien yn de plakken: Drachten (op Noarder- en de Súdertsjerkhou), De Haule, Jobbegea, Lippenhuzen, Noardwâlde, Aldeholtwâlde, Eastersee, Aldskoat, Sint Jansgea, Sint Nyk, Steggerda, Ter Idzert, Terkaple, Terwispel, Tytsjerk en Tjerkwert.

Plakken mei in klokhús

Yn de plakken De Gordyk, Greonterp, Hinnaard, Hartwert en Snits is in klokhús te finen.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.