In kleuresirkel is in manear om sichtber te meitsjen hoe't primêre en sekundêre kleuren trochinoar hinne rinne. In diskontinuë kleuresirkel jout de ferskillende kleuren wer yn ferskate ôfline bôgepartsjes, wylst yn in kontinuë kleuresirkel de kleuren yninoar oerrinne. Om't der in ûneinich soad kleuren binne, besteane der diskontinuë kleuresirkels mei ferskillende oantallen bôgepartsjes. De ienfâldichste omfiemje seis kleurflakjes: trije foar primêre en trije foar sekundêre kleuren.
Kleurminging
Hokker kleuren oft primêre kleuren binne, hinget ôf fan it systeem foar kleurminging dat brûkt wurdt.
- Yn 'e ljochttechnyk wurdt, bgl. by byldskermen en teaterbeljochting, foar it mingen fan ljocht wurke mei additive kleurminging. Dêrby begjint men mei neat (swart), wêrnei't kleuren tafoege wurde. De primêre kleuren binne dêrby read, grien en blau.
- Yn 'e druktechnyk wurdt, bgl. foar it mingen fan ferve en it ôfprintsjen fan inket, in systeem fan subtraktive kleurminging brûkt. Dêrby begjint men mei alles (wyt), wêrfan't dan kleuren ôflutsen wurde. De primêre kleuren binne dan syaan, maginta en giel.
- Yn 'e skilderkeunst, ta einbeslút, wurdt noch faak gebrûk makke fan in net wittenskiplik ûnderboud systeem fan subtraktive kleurminging, dat (foutyf) de kleuren read, blau en giel as primêre kleuren beskôget.
Komplemintêre kleuren steane yn in kleuresirkel diametraal foarinoar oer. Dat betsjut bgl. dat syaan de komplemintêre kleur is fan read, maginta fan grien en giel fan blau. Additive kleurminging en subtraktive kleurminging binne dus eins spegelbylden faninoar.
In oplossing hat in beskate kleur om't er de komplemintêre kleur absorbearret. De kleuresirkel bestiet út spektrale kleuren oanfolle mei ekstraspektrale kleuren, lykas maginta, dy't in ferbining foarmje tusken de heechste en de leechste frekwinsjes út it kleurespektrum, resp. fiolet en read.
Kleurkodearring
Hjirûnder binne dielen fan 'e kleuresirkel yn rjochte balken werjûn. Troch de beheinings fan standertbyldskermen is it eins ûnmooglik om in suvere griene kleur wer te jaan; ynstee dêrfan sjocht men in grien mei in gielige tint. In ôfdruk mei in kleureprinter sil lykwols al de juste kleur werjaan. Yn 'e kleurfakken steane de heksadesimale kleurkoades neffens it RGB-kleursysteem, dy't ek yn 'e programmeartaal HTML brûkt wurde.
FF0000 |
FF1100 |
FF2200 |
FF3300 |
FF4400 |
FF5500 |
FF6600 |
FF7700 |
FF8800 |
FF9900 |
FFAA00 |
FFBB00 |
FFCC00 |
FFDD00 |
FFEE00 |
FFFF00 |
FFFF00 |
EEFF00 |
DDFF00 |
CCFF00 |
BBFF00 |
AAFF00 |
99FF00 |
88FF00 |
77FF00 |
66FF00 |
55FF00 |
44FF00 |
33FF00 |
22FF00 |
11FF00 |
00FF00 |
00FF00 |
00FF11 |
00FF22 |
00FF33 |
00FF44 |
00FF55 |
00FF66 |
00FF77 |
00FF88 |
00FF99 |
00FFAA |
00FFBB |
00FFCC |
00FFDD |
00FFEE |
00FFFF |
00FFFF |
00EEFF |
00DDFF |
00CCFF |
00BBFF |
00AAFF |
0099FF |
0088FF |
0077FF |
0066FF |
0055FF |
0044FF |
0033FF |
0022FF |
0011FF |
0000FF |
0000FF |
1100FF |
2200FF |
3300FF |
4400FF |
5500FF |
6600FF |
7700FF |
8800FF |
9900FF |
AA00FF |
BB00FF |
CC00FF |
DD00FF |
EE00FF |
FF00FF |
FF00FF |
FF00EE |
FF00DD |
FF00CC |
FF00BB |
FF00AA |
FF0099 |
FF0088 |
FF0077 |
FF0066 |
FF0055 |
FF0044 |
FF0033 |
FF0022 |
FF0011 |
FF0000 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |