Kleaster fan Abalak Абалакский монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Tjûmen | |
plak | Abalak | |
koördinaten | 58° 07' N 68° 35' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1785 | |
opheffing | 1924 | |
weriepening | 1996 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | Gebouwen 18e-19e iuw | |
boustyl | barok | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 721620613200005 | |
Webside | ||
abalak-monastery.cerkov.ru | ||
Kaart | ||
It Kleaster fan it Teken of Znamenski-kleaster (Russysk: Абалакский Знаменский монастырь; Abalakski Znamenski Monastyr) yn Abalak is in kleaster foar muontsen fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke yn it bisdom Tobolsk-Tjûmen. It kleaster leit oan 'e rjochter kant fan 'e Irtysj yn it doarp Abalak op sa'n 20 kilometer fan Tobolsk.
Skiednis
Yn 1636 waard yn Albarak foar de ikoan fan de Mem-Gods-fan-it-Teken in houten tsjerke boud. Oan 'e ein fan 'e 17e iuw waard op it plak fan 'e ôfbaarnde houten tsjerke in stiennen tsjerkekompleks yn 'e styl fan 'e kozakkebarok boud: de Katedraal fan it Teken (of Znamenski-katedraal) yn 'e jierren 1683–1691; de Nikolaastsjerke wat letter yn 1748–1750 en de Marije fan Egyptetsjerke mei in klokketoer fan 1752 oant 1759.
De biskop fan it doetiidske bisdom Tobolsk-Sibearje, biskop Varlaam, liet yn 1785 op it plak in kleaster fan 'e tredde graad stiftsje. Fanút it Epifany-keaster út Perm waard it nije kleaster befolke. Yn 'e 19e iuw waard noch jimmeroan wurke oan 'e bou fan it kleaster.
Sûnt 1902 waard it kleaster yndield by de kleasteroarder fan 'e twadde graad, alhoewol't de kleastermienskip yn dy tiid mar heechút fyftjin bruorren telde. Oan it begjin fan 'e 20e iuw waard in grutte groep muontsen fan it Valaam-kleaster oerbrocht nei it Kleaster fan it Teken en waard der útein set mei it bybringen fan ambachten oan bern fan lânseigen folken. Ek waarden der lokaasjes iepene, dêr't minsken fergese soarch krije koene.
Yn 'e jierren 1920 waard argimandryt Arkadi (Gûsev) troch de autoriteiten oppakt fanwegen ferset tsjin de konfiskaasje fan tsjerklik besit. De lêste argimandryt fan it kleaster waard yn 1937 mei de Grutte Terreur deasketten. It kleaster waard yn 1924 sletten. Yn 'e Sovjettiid hie de NKVD in kamp op it kleasterterrein, dêr't ek de metropolyt fan Kolomna en Krûtitski fêstholden waard.[1] De gebouwen krigen in net-tsjerklike funksje en yn it kleaster waard in kostskoalle ûnderbrocht. De Trije-ienheidstsjerke waard brûkt as garaazje.
It fernielde tsjerkekompleks waard al yn 1989 werom jûn oan it bisdom Omsk-Tjûmen fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke en yn 1996 op 'en nij iepene as in kleaster. Letter waard yn 'e jierren 2011-2012 de nije Tsjerke fan 'e nije Beliders en Martlers oan it restaurearre kleasterkompleks tafoege.
Ofbylden
- Znamenski-katedraal.
- Nikolaas fan Myratsjerke.
- Marije fan Egyptetsjerke.
- Tsjerke fan de Beliders en Martlers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Борисоглебский монастырь (Торжок)
|