De klausuer (ôflaat fan it latynske clausura ‚ "sluting", claudere, "slute') fan in kleaster is dat diel, dat allinne foar de leden fan de kleasteroarder ornearre is.
De klausuer is ôfsletten foar it gewoane folk. Bûtensteanders (lykas medysk persoaniel, famylje of ambachtsfolk) meie allinne ûnder betingst tydlik yn de klausuer komme.
De klausuer fan in kleaster tsjinnet de kleastermienskip as plak fan ôfsûndering en it loslitten fan wrâldske ynfloeden. De klausuer ferfangt de woastyn as libbensromte fan de eardere hearremiten.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.