In klassikus (froulike foarm: klassika) is immen dy't mei súkses de oplieding klassike talen (oftewol Gryksk en Latyn) oan in universiteit of oar ynstitút foar heger ûnderwiis foltôge hat. De measte klassisy mei in fakynhâldlike baan winne wurksum yn it fuortset ûnderwiis (oan in gymnasium) of yn it akademysk ûnderwiis. In lytsere groep klassisy is as ûndersiker ferbûn oan in wittenskiplike ynstelling of is foltiids yn 't spier as oersetter.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.