„ ”

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

Klammerkes (faaks better bekend as oanhellingstekens, hoewol't dat eins in hollanistyske ynterferinsje is) binne lêstekens dy’t, meast yn pearen, brûkt wurde om oan te jaan dat in útspraak, sitaat of sin letterlik werjûn binne. Ofhinklik fan de taal en it medium kinne klammerkes ferskate foarmen oannimme.

By in tal is der in iepenjend klammerke en in slutend klammerke. Ofhinklik fan nasjonale konfinsjes kinne dy bygelyks sjen litten wurde as 'O', "O", ‘O’, O , O of «O».

Gebrûk

Spraak

Yn it Frysk wurde foar spraak en dialooch yn skreaune en printe tekst dûbelde klammerkes brûkt (mar wat langer wat mear ek inkelde):

Jan sei: „Goeie.”

De iepenjende klammerkes steane leech, mar kinne ek heech stean. Dit is tradisjoneel de standertnotaasje yn it Ingelsk:

Jan sei: “Goeie.”

By it brûken fan in skriuwmasine (en yn mindere mjitte in kompjûter) binne lege klammerkes meast net mooglik en boppedat kin men net kieze út iepenjende en slutende klammerkes:

Jan sei: "Goeie."

As in útspraak ûnderbrutsen wurdt, bygelyks troch „sei er”, dan wurdt in slutend klammerke brûkt foar de ûnderbrekking, en in iepenjend klammerke dêrnei. Skrapkes kinne dêr noch oan tafoege wurde:

“Goeie,” sei Jan, “wêr silst hinne?”

As yn it earste part fan de útspraak gjin skrapke foarkomt, wurdt nei it slutende klammerke in skrapke set:

“Juster”, sei Jan, “wie it aardich moaier waar.”

As yn in tekst in oare tekst oanhelle wurdt, dan kinne inkelde klammerkes brûkt wurde:

Jan sei: ”Antsje sei ‘Goeie’.”

It inkeldfâldige klammerke moat net betize wurde mei de apostrof ('), hoewol’t dêrfoar gauris itselde symboal brûkt wurdt.

It brûken fan guillemets is yn it Frysk seldsum:

Jan sei: «Antsje sei ‹Goeie›.»

Rint in sitaat oer mear as ien alinea, dan kinne jo by eltse alinea mei in iepenjend klammerke begjinne. Dat sjogge jo yn it Frânske foarbyld hjirûnder.

Frânsk

Yn it Frânsk is it wenst om de hiele konveraasje as gehiel tusken klammerkes (guillemets) te setten, ynklusyf de pear wurden dy’t oanjouwe wa’t oan it wurd is. Nimt in oar it wurd dan begjinne jo mei in streek. Yn ûndersteande konversaasje is dat dúdlik makke troch mei kleuren oan te jaan wat troch wa sein wurdt:

« Maintenant, continua Debray, compulsant son carnet avec la méthode et la tranquillité d’un agent de change, nous trouvons quatre-vingt mille francs pour les intérêts composés de cette somme restée entre mes mains.
Mais, interrompit la baronne, que veulent dire ces intérêts, puisque jamais vous n’avez fait valoir cet argent ?
Je vous demande pardon, madame, dit froidement Debray ; j’avais vos pouvoirs pour le faire valoir, et j’ai usé de vos pouvoirs.
« C’est donc quarante mille francs d’intérêts pour votre moitié, plus les cent mille francs de mise de fonds première, c’est-à-dire treize cent quarante mille francs pour votre part. »

Ironyske útdrukkings

Klammerkes wurde ek wol brûkt by irony of yn stee fan it wurd ‘’saneamd’’.

Troch syn „sykte” hoegde er net te arbeidzjen.

De klammerkes jouwe dêr oan dat de persoan sei dat er siik wie. Yn wêzen tsjutte de klammerkes op in wurd dat de persoan sei.

De Nederlânske Taalunie jout oan dat sok brûken tastien is mar ôfret wurdt mei’t klammerkes gewoanwei in sitaat oanjouwe.

Selsferwizing

Klammerkes kinne brûkt wurde om te ferwizen nei it wurd sels:

de letter „a”
it wurd „beta” komt fan …

Ferkeard brûken klammerkes

Inkelde en dûbele klammerkes wurde wolris ferkeard brûkt foar:

  • respektyflik bôgeminuten en bôgsekonden (bygelyks 40° 20’ 50”)
  • respektyflik foet en tomme

Yn beide boppesteande gefallen brûke jo it klamteken yn stee fan klammerkes: 40° 20′50″. Op it each is der net folle ferskil. Foarhinne brûkten se ôfkoartings: 40 h 20 m 50 s.

Inkeld wurdt net rjochtlik it klamteken (`) brûkt yn stee fan it klammerke of de apostrof. Dat komt meastentiids om’t op in qwerty-toetseboerd dat teken daliks op it boerd te finen is en de klammerkes allinnich mei in toetskombinaasje op te roppen binne. Om dat foar te kommen is de funksje SmartQuotes realisearre, dy’t yn in soad opmaak- en tekstbewurkingsprogramma’s foar hannen is.

Dy Smart Quotes liede lykwols ek ta flaters. Och sa faak binne ferkearde klammerkes te finen yn teksten as (Nederlânsk) „‘s morgens”. Yn dy gefallen tinkt de software te krijen te hawwen mei in inkeld iepenjend klammerke, wylst it hjir giet om in apostrof. It Frysk hat dêr benammen lêst fan yn kombinaasjes as yn ‘e, op ‘e ensfh.

Unikoade

Unikoade hat de klammerkes sa’t se yn it Frysk brûkt wurde. Se ha skaaimerk 201E (iepenjend, Double Low-9 Quotation Mark) en 201D (slutend, Right Double Quotation Mark). Op Windows-kompjIuters kinne de tekens makke wurde troch respektivelik Alt+0132 en Alt+0148 te gebruiken, op Linux-kompjûters mei <compose>, <komma>, " en <compose>, >, ". Op de Mac binne de kombinaasjes <shift–option–[> en <shift–option–]> en <option–{> en <option–}>. De HTML-entiteiten foar beide binne: &bdquo; en &rdquo; (demonstraasje: „ ”).

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.