Klaas Jaspers van den Akker

Klaas Jaspers van den Akker (Wier, 1 maart 1864Berltsum, 22 oktober 1943) wie in bouboer fan Berltsum.[1][2] Hy wie in soan fan Jasper Leenderts van den Akker (1827–1896) en Grietje Klazes Schat (1831–1905).[3]

Van den Akker wie lang haadbestjoerslid fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou. Hy wurdt beskôge as in pionier fan it lânbouhúshâldûnderwiis yn Fryslân. Hy wie auteur fan it twadielige Van de Mond der oude Middelzee út 1934 en 1940.[4][5] De boekenrige is ferskate kearen werprinte en stiet bekend as in standertwurk oer it âlde boerelibben yn Fryslân.[6]

Yn 1937 waard hy beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.[7] Hy stoar op 22 oktober 1943 yn 'e âldens fan 79 jier en waard op 27 oktober begroeven yn syn berteplak.[8][9][10]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.