Klaas Aartsma | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Klaas Aart Aartsma Asn. | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 4 maart 1838 | |
berteplak | Berltsum (Fryslân) | |
stoarn | 12 novimber 1874 | |
stjerplak | Berltsum (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk, Biltsk | |
sjenre | toaniel | |
perioade | 2e helte 19e iuw | |
bekendste wurk(en) | It Tsjiende Gebot It Huushemelen In Buike oan de Houlikshimmel | |
jierren aktyf | 1857 – 1874 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Klaas Aartsma (folút: Klaas Aart Aartsma Asn.; Berltsum, 4 maart 1838 – dêre, 12 novimber 1874), wie in Frysk muzykûnderwizer en toanielskriuwer.
Aartsma wie in grut foarstanner fan it Fryske folkstoaniel en brocht benammen yn Menaam mei Hermanus Alma en S. Sybouts it selskip Nut en Genoegen ta grutte bloei. Hy skreau neist bydragen yn ferskate Fryske jierboekjes en tydskriften ek in pear toanielstikken. Gerben Colmjon dichte op syn houlik in boaskrym yn it jierboekje Swanneblommen (1866). Aartsma syn soan Aart Aartsma wie letter haadredakteur fan De Hepkema.
Wurk
- 1857 – Spiksplinternije Festeljounskrante
- 1857 – Lokwinsk oan Alle Yet Libjende Minsken, Det it Mei de 13 Juny Goed Utpakt Is
- 1862 – It Tsjiende Gebot, of: Sa Komme de Slînders to Pas (blijspul)
- 1865 – It Huushemelen: En Gesprek in de Biltael Beskreven (yn it Biltsk; yn 1988 bewurke en werútjûn troch Sytse Hotzes Buwalda as: 't Húshimelen: 'n Gesprek in de Bildttaal)
- 1873 – In Buike oan de Houlikshimmel, of: Wer Twa Kibje, Ha Meastal Beide Skuld (blijspul)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.