Kjeld
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaalFrysk
sjenremetal
bestean2003 -
label(s)Hammerheart,
Heidens Hart
prizenBernlefpriis (2018)
âld-ledenBile gitaar (2016-2022)
leden
SangSkier
GitaarTsjuster
GitaarFjoer
BasSwerc
DrumsFjildslach

Kjeld is in Fryske blackmetalband út de Fryske Wâlden. De metalband hellet har teksten út de Fryske skiednis, rituelen en mytes.

Kjeld waard oprjochte yn 2003 en nei in EP yn 2010 ferskynde harren debútalbum Skym yn 2015. Kjeld wie yn 2018 winner fan de Bernlefpriis. Deputearre Sietske Poepjes neamde by de bekendmakking yn popsintrum Neushoorn de muzyk in bysûnder eksportprodykt foar de Fryske taal. Kjeld sjongt Fryske nûmers as De tiid hâldt gjin skoft (2010) en Ivich libben en hat ek bûten de provinsje in soad súkses. De band wie net by de útrikking fan de Bernlefpriis troch in optreden yn Eindhoven.[1] Yn maart 2022 makke de band op harren facebookside bekind dat gitarist Bile nei seis jier de band persoanlike redenen ferlitten hat. Bile sil yn earsten by optredens ferfongen wurde troch Jouter fan Grafjammer oant Kjeld in nije gitarist fûn had, op 20 april 2022 makke Kjeld op syn facebookside bekend dat Jouter fan no ôf ûnder de namme Fjoer de nije gitarist fan de band is.

Diskografy

Studio-albums

AlbumUtbrocht opLabelSingle(s)
Skym 2 maart, 2015 Hammerheart
Ôfstân 5 maart, 2021 Heidens Hart

Split-albums

AlbumUtbrocht opLabelTegearre mei
Unified In Ceremonial Worship 5 april, 2015 Heidens Hart Cirith Gorgor
Wederganger/Kjeld 16 desimber, 2016 Ván Records Wederganger
EP
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.