Kirk Hammett | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Kirk Hammett yn 2017 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kirk Lee Hammett | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 18 novimber 1962 | |
berteplak | San Francisco | |
wurkpaad | ||
sjenre | Metal | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar | |
grutste hit(s) | Master of Puppets, One, Enter Sandman, Nothing Else Matters | |
jierren aktyf | 1978 - No |
Kirk Lee Hammett (San Francisco, 18 novimber 1962) is in Amerikaansk gitarist. Hy is bekend as de gitarist fan Metallica en mei oprjochter fan Exodus. Hammett en syn mei-bandleden fan Metallica waarden yn 2009 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.
Karriêre
Exodus (1979–1983)
Hammet begûn op syn fyftjinde mei gitaarspyljen. Hy wie sechstjin doe't er mei sjonger Paul Baloff, gitarist Tim Agnello, bassist Geoff Andrews en drummer Tom Hunting de trashmetalband Exodus oprjochte. Mei dizze band naam er twa demo's op.
Metallica
Yn 1983 reizge Metallica nei de eastkust om har debútalbum Kill ' Em All op te nimmen. Fanwegen syn ferslaving oan drugs en alkohol waard gitarist Dave Mustaine, koart nei harren oankomst by de studio's ûntslein. Hammett waard op 1 april 1983 skille troch Metallica en fleach op 11 april nei New York foar in audysje. Dit wie mei súkses want Hammett waard daalks oannaam. Hammett hat in tal riffs skreaun foar Metallica sûnt Ride the Lightning. Yn 1986 ferûngelokke bassist Cliff Burton, wilens it Jeropeeske part fan de Damage, Inc. toernee, ta promoasje fan it album Master of Puppets. Kirk Hammet hat it hjir noch altyd dreech mei om't hy eins yn it bêd sliepe soe dêr't Burton yn lei. Yn 2015 ferlear Hammet krekt foar de opnamen fan it album Hardwired... to Self-Destruct syn tillefoan, dêr't er de troch him betochte riff op opslein hie. Dit hie ta gefolch dat der gjin riffs fan Hammett sels op it album steane.
Priveelibben
Kirk Hammet groeide op yn it Kalifornyske El Sobrante, as soan fan in seeman. Hammet is in grut leafhawwer fan horrorfilms. Hammet is twa kear troud. Syn earste houlik mei Rebecca kaam wilens de opnamen fan The Black Album oan in ein. Yn 1998 boaske er mei Lani mei har hat er twa soannen.
Diskografy
Albums
As gastmuzikant
Single(s) | Album | Utbrocht yn | Mei band |
---|---|---|---|
Salt the Wound | Blood In, Blood Out | 2014 | Exodus |
Heart and Soul | Resurrection | 2018 | Michael Schenker Fest |