Killergram
algemien
nasjonaliteit Britsk
typeprivaat
sektorpornografyske filmstudio
haadkertierBirmingham (Ingelân)
oprjochte2002
oprjochterAnjali Kara en Disanto
eignerAnjali Kara en Disanto
sifers
omset$17.500.000
winst$10.000.000
aktyf ynit Feriene Keninkryk
wurknimmers50-100
offisjele webside
killergram.com

Killergram is in Britske pornografyske webside en filmstudio, dy't yn 2002 oprjochte waard en him sûnt ûntwikkele hat ta de meast foaroansteande ûndernimmings fan syn soarte yn it Feriene Keninkryk. Dit bedriuw is fêstige oan Colmore Row yn Birmingham en hat nei skatting in jierlikse omset fan $17,5 miljoen.

Skiednis

Killergram waard yn 2002 oprjochte troch Anjali Kara en Disanto, in troud pear dat al langer aktyf wie yn 'e Britske pornoyndustry. Behalven Killergram binne se ek eigners fan 'e labels Pornostatic en Adult Entertainment Studios. Killergram leit him benammen ta op syn webside op it ynternet en it produsearjen fan pornografyske ynhâld foar dy webside.

Anjali Kara is in Britsk pornoaktrise fan Yndiaask komôf, dy't yn mear as 45 pornofilms spile hat, mar tsjintwurdich mear efter de skermen aktyf is. Hja hat it deistich bestjoer fan Killergram, en docht de boekingen, kostúms en administraasje. Disanto is útfierend produsint fan alle sênes dy't opnommen wurde foar sawol Killergram as Pornostatic. Teffens fersoarget er de soundtracks dy't ûnder de sênes set wurde, en is er regisseur fan trochinoar seis pornofilms de moanne, dy't útbrocht wurde op dvd.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.