- Dizze side giet oer it lichemsdiel kiel. Foar de stêd yn Dútslân, sjoch: Kiel (Dútslân).
De kiel of keel is in lichemsholte boppe yn 'e hals en yn it ûnderste diel fan 'e holle (by minsken) of de kop (by bisten). Dy holte makket tagelyk diel út fan it maach-termstelsel en fan it luchtweistelsel. De bûtenkant fan it boppeste diel fan 'e hals, dêr't him oan 'e binnenkant de kiel befynt, wurdt yn 'e folksmûle yn 'e regel ek gewoan 'de kiel' neamd.
Lokaasje
De kielholte leit direkt efter de mûlholte en (by minsken) daliks ûnder de noasholte. Oan 'e ûnderkant giet de kielholte oer yn 'e slokterm. Yn 'e kiel kruse de rûte fan it sykheljen en de spiisfertarring inoar, mei't de beide kielsgatten tagong jouwe ta de slokterm en de luchtpiip. It sykheljen giet fia de luchtpiip nei de longen, en it iten en drinken giet fia de slokterm nei de mage.
Hoewol't yn 'e folksmûle de termen 'kiel' en 'hals' wolris trochinoar helle wurde, binne dat ferskillende dingen, mei't de kielholte mar foar in diel yn 'e hals leit (en foar in oar diel yn it ûnderste part fan 'e holle). Boppedat hat de grutte fan 'e kiel neat út te stean mei de lingte fan 'e hals, en hat bgl. in sjiraffe in kiel dy't kwa grutte ferlykber is mei dy fan in minske, ek al is de hals fan in sjiraffe folle langer. Guon bisten dy't gjin longen hawwe, lykas lidpoatigen, hawwe ek gjin kiel.
Anatomy
Yn en deunby de kielholte sitte by minsken en oare sûchdieren twa bonken: de tongbonke en de skouderbonke. Yn 'e kielholte komme twa organen gear dy't elts ta in oar systeem hearre: de noas-kielholte of farynx en de strôte of larynx. De noas-kielholte falt yn 'e kiel útinoar yn 'e boppelizzende orofarynx en de ûnderlizzende hypofarynx, en makket ûnderdiel út fan it spiisfertarringsstelsel, as it plak dêr't iten en drinken trochslokt wurdt. De strôte foarmet in wichtige tuskenhalte yn it stelsel fan 'e boppeste luchtwegen. Dêrnjonken is dit orgaan nau belutsen by it fuortbringen fan lûd yn 'e stimbannen, dat by de minske foar in diel de foarm fan spraak oannimt.
Funksje
It is by sûchdieren wichtich dat de rûtes fan 'e spiisfertarring en it sykheljen net mei inoar betize reitsje. As dat bart, seit men dat men jin ferslokt. Lucht yn 'e mage is ferfelend, mar net libbensbedriigjend. Iten of drinken yn 'e luchtpiip kin, benammen as it om grutte brokken giet, op koarte termyn lykwols fanwegen it gefaar fan ferstikking wol deeglik libbensbedriigjend wêze, en dêrnjonken op langere termyn longûntstekking feroarsaakje. (Dêrfandinne ek de siswize "it is him yn 't ferkearde kielsgat sketten" foar eat dêr't jin neat fan hawwe moatte.) In protte bistesoarten beskikke dêrom oer lytse flapkes of klepkes oer de kielsgatten, dy't de twa streamen útinoar hâlde moatte. By de minske wurdt dy funksje ferfolle troch it strôtklepke en de strôte. Dêrnjonken soarget by minsken ek de hûch dat it iten by it trochslokken de goede kant út giet.
Oandwanings
Fanwegen it direkte kontakt mei de bûtenwrâld is benammen de noas-kielholte tige fetber foar ynfeksjes en oare oandwanings. De bestriding dêrfan is it mêd fan 'e otorinolaryngology.
- Pinekiel komt in hiel soad foar en kin in byferskynsel wêze fan aldendeiske oandwanings as gryp en ferkâldenens, mar ek fan bgl. kielûntstekking of de sykte fan Pfeiffer. It is ek mooglik dat it in symptoom is fan in allergy.
- Ferskate weefsels yn of deunby de kielholte kinne ûntstutsen reitsje, lykas de mangels (mangelûntstekking of tonsillitis) of de strôte (strôtûntstekking of laryngitis). As de kielholte sels ûntstutsen is, sprekt men fan kielûntstekking. In streptokokke-ynfeksje giet faak ek mank mei in kielûntstekking en oare oandwanings yn en om 'e kielholte.
- diftery is in earnstiger oandwaning as in gewoane kielûntstekking, dy't û.m. ek de kielholte treffe kin. Dêrby kinne saneamde pseudomembranen de luchtwegen blokkearje.
- kielkanker is in frij gauris foarkommende en tige earstige sykte, dêr't de kâns fan oprinnen foar tanimt neigeraden dat men mear smookt en/of alkohol drinkt. By kielkanker moat faak de strôte fuorthelle wurde, in yngreep dy't men in laryngektomy neamt. Om't de normale rûte fan sykheljen dan net mear bestiet, moat der in stoma yn 'e hals oanbrocht wurde; dat is in gatsje yn 'e luchtpiip nei bûten ta, fuort boppe de boarstbonke, dêr't de pasjint tenei troch sykhelje moat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|