Kevin Thomas | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kevin B. Thomas | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1936 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | filmkritikus | |
jierren aktyf | 1962 – 2001 | |
offisjele webside | ||
Kevin Thomas yn 'e IMDb |
Kevin Thomas (Los Angeles, 1936) is in Amerikaansk sjoernalist dy't benammen bekendheid krige as filmkritikus foar de krante de Los Angeles Times.
Libben en karriêre
Thomas waard yn 1936 berne yn Los Angeles, dêr't er ek opgroeide. Hy behelle yn 1958 in bachelortitel oan it Gettysburg Kolleezje yn Gettysburg (Pennsylvania), en yn 1960 in mastergraad oan 'e Steatsuniversiteit fan Pennsylvania yn University Park (Pennsylvania).
Nei it ôfrûnjen fan syn stúdzje gie Thomas oan it wurk as sjoernalist. Fan 1962 ôf wied er as filmkritikus ferbûn oan 'e Los Angeles Times, it grutste deiblêd fan 'e Amerikaanske westkust. Yn syn wurksume libben stied er bekend om it jaan fan oer it algemien ridlik positive filmresinsjes yn ferhâlding ta oare Amerikaanske kritisy, lykas Kenneth Turan, dy't yn 1991 foar deselde krante kaam te wurkjen.
Yn 2003 ûntfong Thomas foar syn wurk in oeuvrepriis fan 'e Amerikaanske Nasjonale Feriening fan Lesbyske en Homoseksuele Sjoernalisten (NLGJA). Yn syn boek Cinema Speculation skreau filmmakker Quentin Tarantino yn 2022 dat Thomas de iennichste filmkritikus fan 'e Los Angeles Times wie dy't wille yn syn wurk liek te hawwen.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |