Kevin Sorbo
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeKevin David Sorbo
nasjonaliteit Amerikaansk
berne24 septimber 1958
berteplakMound (Minnesota)
etnisiteit  Noarsk
Dútsk
Ingelsk
Skotsk
jierren aktyf1986 – no
offisjele webside
www.kevinsorbo.net

Kevin Sorbo (folút: Kevin David Sorbo; Mound (Minnesota), 24 septimber 1958), is in Amerikaansk akteur, regisseur, film- en tillefyzjeprodusint en autobiografysk skriuwer, dy't benammentlik bekend wurden is troch syn titelrol yn 'e fantasytillefyzjesearje Hercules: The Legendary Journeys en troch syn rol as kaptein Dylan Hunt yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Andromeda.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Sorbo waard yn 1958 berne yn Mound, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota, as de soan fan Ardis Sorbo, in ferpleechkundige, en dy syn frou Lynn, in wiskunde- en biologyleararesse. Syn famylje is fan Noarsk komôf, mei dêropta noch wat Ingelsk, Dútsk en Skotsk bloed, en hy is luthersk grutbrocht.

Kevin Sorbo yn 2008.

Sorbo folge de middelbere skoalle oan 'e Mound Westonka High School en studearre dêrnei marketing en reklamekunde oan 'e Steatsuniversiteit fan Minnesota te Moorhead. As bybaantsje begûn er ûnder syn stúdzje as model. Fia dat wurk rekke er min ofte mear by fersin oan it aktearjen, begjinnende yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren mei in stikmannich gastroltsjes op 'e tillefyzje, û.o. yn 'e soapsearje Santa Barbara, de detektivesearje Murder, She Wrote en de plysjesearje The Commish.

Aktearkarriêre

Sorbo wie gadingmakker foar de rol fan Superman yn 'e tillefyzjesearje Lois and Clark: The New Adventures of Superman, dy't úteinlik nei Dean Cain gie, en ek foar de rol fan Fox Mulder yn The X Files, wêrfoar't úteinlik David Duchovny oannommen waard. Mar yn 1994 krige er bekendheid mei in fiiftal súksesfolle tillefyzjefilms wêryn't er de held en healgod Herkules (of Hearakles) út 'e Grykske mytology spile: Hercules and the Amazon Women, Hercules and the Lost Kingdom, Hercules and the Circle of Fire, Hercules in the Underworld en Hercules in the Maze of the Minotaur.

Dy fiif tillefyzjefilms tsjinnen as pilotôfleverings foar de fantasytillefyzjesearje Hercules: The Legendary Journeys, dy't fan 1995 oant 1999 rûn, en dêr't Sorbo withoe populêr mei waard. Hy spile Herkules ek ferskate kearen yn in gastrol yn 'e spin-off-searje Xena: Warrior Princess, mei de Nijseelânske aktrise Lucy Lawless yn 'e titelrol. Yn 1998 wurken Sorbo en Lawless beiden as stimakteurs mei oan 'e direkt-op-fideo útbrochte animaasjefilm Hercules and Xena – The Animated Movie: The Battle for Mount Olympus. Behalven as akteur wie Sorbo by inkele ôfleverings fan Hercules: The Legendary Journeys ek belutsen as regisseur.

Kevin Sorbo yn 2013.

Yn 1997 hie Sorbo de haadrol yn 'e fantasyfilm Kull the Conqueror, nei de ferhalen oer de held Kull fan Atlantis út it wurk fan Robert E. Howard. Fan 2000 oant 2005 spile er fierders kaptein Dylan Hunt yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Andromeda, dêr't er ek útfierend produsint fan wie. Hy hie gastrollen yn 'e komeedzjesearjes Just Shoot Me!, Dharma & Greg, According to Jim en Two and a Half Men en in weromkearende rol yn 'e dramasearje The O.C. Ek wie Sorbo te sjen as Nick Prescott yn 'e film Walking Tall: The Payback, út 2007, dy't it ferfolch wie op Walking Tall út 2004. Hy spile deselde rol jitris yn Walking Tall: Lone Justice, ek út 2007. Dat jiers wied er ek te sjen as de predikant yn 'e tillefyzjefilm Avenging Angel.

Yn 2008 hie Sorbo in lyts roltsje yn 'e filmparody Meet the Spartans, en yn 2010 spile er yn 'e science fiction-fampierefilm Tales of an Ancient Empire. Yn 2012 wied er foar it earst as útfierend produsint belutsen by in filmproduksje, te witten Abel's Field, dêr't er ek de titelrol yn spile. Datselde jiers die Sorbo mei oan in ôflevering fan 'e searje Celebrity Ghost Stories, wêryn't er fertelde dat hy en syn doetiidske faam koart nei syn ôfstudearjen yn Minnesota it spûk fan 'e Breid fan White Rock Lake sjoen hiene, in frou dy't neffens de pleatslike folkloare op har houliksdei fermoarde wie troch in eardere minner.

Yn 2013 wiene Sorbo en syn frou Sam allebeide as stimakteurs belutsen by it fideospultsje Cloudberry Kingdom. Yn 2014 spile er yn 'e film God's Not Dead in ateïstyske heechlearaar dy't syn eigen opfettings oan syn studinten besiket op te kringen. Datselde jiers wie Sorbo foar it earst yn 'e rol fan 'e tsjoender Gojun Pye te sjen yn 'e fantasyfilm Mythica: A Quest for Heroes. Dyselde rol fertolke er noch fjouwer kear, yn Mythica: The Darkspore (2015), Mythica: The Necromancer (2015), Mythica: The Iron Crown (2016) en Mythica: The Godslayer (2016). Yn 2017 spile Sorbo de rol fan kening Lar Gand fan Daxam yn 'e searje Supergirl, mei as tsjinspylster Teri Hatcher as keninginne Rhea. De earste film dy't Sorbo sels regissearre, it kristlike drama Let There Be Light, kaam ek yn 2017 út.

Kevin Sorbo yn 2020.

Priveelibben

Sûnt 5 jannewaris 1998 is Sorbo troud mei aktrise Sam Jenkins, dy't er in jier earder met hie doe't se in gastrol yn Hercules: The Legendary Journeys hie. Mei har hat er trije bern: Braedon Cooper Sorbo (2001), Shane Haaken Sorbo (2004) en Octavia Flynn Sorbo (2005).

Yn 1997 ûntwikkele Sorbo in aneurisma yn syn skouder, dêr't er trije oerhalen efterinoar fan krige. Fan gefolgen wie syn sûnens de earstfolgjende jierren swak, mar dat hold er geheim foar it publyk. Dit wie ek de reden dat yn 'e beide lêste seizoenen fan Hercules: The Legendary Journeys (1998 en 1999), om Sorbo te ûntsjen, de rol fan Herkules wat belytse waard en der mear en gruttere gastrollen tafoege waarden. De oerhalen waarden nei alle gedachten feroarsake troch it loslitten fan bloedpropkes út it aneurisma, doe't Sorbo sûnder euvelmoed foar in sear skouder nei de fysioterapeut gie. Se makken dat er foargoed 10% fan syn gesichtsfermogen ferlear, him lange tiid slop fielde en lykwichtssteurings en migrênes hie. Yn syn autobiografy True Strength, dy't yn 2011 útkaam, brocht Sorbo dit allegear foar it earst út, en dêryn fertelde er ek hoe't syn nije frou Sam him holpen hie om wer op te betterjen.

Yn 2013 krige Sorbo de Public Leadership in Neurology Award fan 'e Amerikaanske Akademy foar Neurology en de Amerikaanske Harsensstifting foar syn krewearjen om it algemien bewustwêzen oangeande oerhalen te ferbetterjen. Datselde jiers ûntfong er ek de Inspiration Honors Award fan 'e Feriening foar Unsichtbere Beheinings.

Op polityk mêd wie Sorbo foarhinne moderaat, mei't er sei dat er sawol op 'e Republikein Ronald Reagan as op 'e Demokraat Bill Clinton stimd hie. Yn 'e 2010-er jierren oppenearre er him lykwols as in oanhinger fan Donald Trump en in fersprieder fan 'e ûntkrêfte gearspanningsteory dat de Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal troch Trump-oanhingers, op 6 jannewaris 2021, útfierd wie troch progressiven om Trump en syn efterban te belasterjen.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
19881st & TenBarrygastrol; ôfl. ...The Clock Runs Out
1991Santa Barbarapakjesbesoargergastrol; 1 ôfl.
1992Cheers ?gastrol; ôfl. License to Hill
1992Condition: Critical dokter Thaddeus Kocinskitillefyzjefilm
1993Murder, She WroteMichael Burkegastrol; ôfl. A Virtual Murder
1993The CommishMarkgastrol; ôfl. Dying Affection
1994Hercules and the Amazon WomenHerkulestillefyzjefilm
1994Hercules and the Lost KingdomHerkulestillefyzjefilm
1994Hercules and the Circle of FireHerkulestillefyzjefilm
1994Hercules in the UnderworldHerkulestillefyzjefilm
1994Hercules in the Maze of the MinotaurHerkulestillefyzjefilm
1995–1999Hercules: The Legendary JourneysHerkulesfêste rol; 111 ôfl.; ek regisseur fan ôfl. 2.17 en 3.20
1995CybillRickgastrol; ôfl. The Last Temptation of Cybill
1995–2000Xena: Warrior PrincessHerkulesgastrol; 2 ôfl.
1998Hercules and Xena – The Animated Movie: The Battle for Mount Olympus   Herkulesas stimakteur
1999Just Shoot Me!Scottgastrol; ôfl. An Axe to Grind
2000–2005Andromedakaptein Dylan Huntfêste rôl; 110 ôf.; ek útfierend produsint
2001Dharma & GregCharlieweromkearende rol; 4 ôfl.
2003According to JimDarryl Bucknergastrol; ôfl. The Pass
2004Hope & FaithKennygastrol; ôfl. Mismatch
2005Love, Inc.pastoar Johngastrol; ôfl. Amen
2006Two and a Half MenAndygastrol; ôfl. Always a Bridesmaid, Never a Burro
2006Last Chance Café Chance Coultertillefyzjefilm
2006–2007The O.C.Frank Atwoodweromkearende rol; 7 ôfl.
2007Avenging Angelpredikanttillefyzjefilm
2007PsychByrd Tatumsgastrol; ôfl. Bounty Hunters!
2007Something Beneathpastoar Douglas Middletontillefyzjefilm
2008Never Cry WerewolfRedd Tuckertillefyzjefilm
2008The MiddlemanGuy Goddardgastrol; ôfl. The Obsolescent Cryogenic Meltdown
2009Gary UnmarriedLarrygastrol; ôfl. Seven
2009Lightning StrikesTed Bradlytillefyzjefilm
2009–2010Super Hero Squad ShowKa-Zaras stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl.
2009Wolf CanyonRick / sheriff Wolftillefyzjefilm; ek útfierend produsint
2010Hawaii Five-0Carlton Bassgastrol; ôfl. Ko'olauloa
2010The Santa Suit Drake Hunter / de Krystmantillefyzjefilm
2011Flesh Woundsynspekteur Tylertillefyzjefilm
2011The Guildhimselsgastrol; ôfl. Social Traumas
2012Don't Trust the B---- in Apartment 23himselsgastrol; ôfl. The Wedding
2012Key & PeeleBradgastrol; ôfl. 2.6
2012Christmas Angel dokter Nathan Davistillefyzjefilm
2012The Eric André Showhimselsgastrol; ôfl. The Eric André New Year's Eve Spooktacular
2013Shadow on the MesaRay Eastmantillefyzjefilm
2017Supergirlkening Lar Gand fan Daxamweromkearende rol; 3 ôfl.
films
1993Slaughter of the InnocentsJohn Willison
1997Kull the ConquerorKull fan Atlantis
2004Clipping Adampastoar Dan
2007Walking Tall: The PaybackNick Prescottdirekt-op-fideo útbrocht
2007Walking Tall: Lone JusticeNick Prescottdirekt-op-fideo útbrocht
2008Meet the Spartansde kaptein
2008Prairie FeverPreston Biggsdirekt-op-fideo útbrocht
2008An American CarolGeorge Mulrooney
2009Fire from Below Jake Denning
2009Bitch SlapPhoenix
2010What If...Ben Walker
2010Wog Boy 2: Kings of MykonosPierluigi
2010Tales of an Ancient EmpireAedan
2010Pool Boy: Drowning Out the Fury Sal Bando
2010ParadoxSean Nault
2011Soul SurferHolt Blanchard
2011Julia Xde Frjemdling
2011Coffin ?
2012Abel's FieldAbelek útfierend produsint
2012Black BoxJames
2012Sorority Party Massacrehaadynspekteur Dan Fanning   
2012FDR: American Badass!Abraham Lincoln
2013Paranormal Moviebefeiligingsman
2013Storm RiderSam Fielding
2013Alone for ChristmasQuentindirekt-op-fideo útbrocht
2014Alongside Nightdokter Martin Vreelandek útfierend produsint
2014Survivorhaadynspekteur Hunter
2014The Black Rider: Revelation RoadHoncho
2014Coffee ShopProduzent
2014God's Not Deadprof. Jeffrey Radisson
2014Mythica: A Quest for HeroesGojun Pye
2015Confessions of a Prodigal Sonheit
2015The Sparrows: Nestingpastoar Dave
2015Single in South BeachSam
2015Hope Bridgepastoar
2015Mythica: The DarksporeGojun Pye
2015Gallows RoadFrank
2015Mythica: The NecromancerGojun Pye
2016Caged No MoreRichard / Jack
2016Mythica: The Iron CrownGojun Pye
2016Rodeo GirlDuke Williams
2016Mythica: The GodslayerGojun Pye
2016Spirit of the GameParley Condie
2017Let There Be Lightdokter Sol Harkinsek regisseur
2018Bernie the Dolphin ?
2019The Reliant ?
2019Miracle in East TexasDoc Boydek regisseur
2021The Girl Who Believes in Miraclesdokter David Riley
2021Trail BlazersEthan
fideospultsjes
2009The ConduitPrometeusas stimakteur
2010God of War IIIHerkulesas stimakteur
2012Skylanders: GiantsCrusheras stimakteur
2013Skylanders: Swap ForceCrusheras stimakteur
2013Cloudberry KingdomBobas stimakteur
2014Skylanders: Trap TeamCrusheras stimakteur
2015SmiteHerkules (Retro Skin)as stimakteur
2015Skylanders: SuperChargersCrusheras stimakteur
2016Skylanders: ImaginatorsCrusheras stimakteur

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.