Keulen
Köln
Stêd yn Dútslân
Dom fan Keulen
Dom fan Keulen
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Sifers
Ynwennertal1.073.096 (2021)
Oerflak405,16 km²
Befolkingsticht.2.619 km²
Stêdekloft3.500.000
Hichte53 m
Oar
Stifting38 f.Kr.
Postkoade50441–51149
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten50° 56' NB, 6° 57' EL
Fischmarkt
Fischmarkt
Sicht op it sintrum
Sicht op it sintrum
Offisjele webside
www.stadt-koeln.de
Kaart
Keulen (Noardryn-Westfalen)
Keulen
Kaart
Dom fan Keulen
Lizzing fan it stedsdistrikt Keulen yn it Regierungsbezirk Keulen yn Noardryn-Westfalen

Keulen (útsprutsen yn 't Frysk as Keuln, Dútsk: Köln [kœln], Keulsk/Ripuarysk: Kölle [ˈkœlə]) is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt), metropoal en in stêd yn Dútslân, yn de dielsteat Noardryn-Westfalen, oan de Ryn, 25 km noardlik fan Bonn en 35 km súdlik fan Düsseldorf. It sintrum leit op de lofterigge. Keulen is mei in goed 1 miljoen ynwenners de fjirde stêd fan Dútslân en de grutste fan Noardryn-Westfalen. Yn de hiele Keulske stêdekloft wenje likernôch 3,5 miljoen minsken.

It is de haadstêd fan de Keulske regio en de offisjeuze haadstêd fan it Rynlân, en de sted spile fan de Midsiuwen ôf in wichtige tsjerklike en politike rol. De stêd is it sit fan it Aartsbisdom Keulen

De stêd is ferneamd om syn rike skiednis, it kulturele en arsjitekturale erfgoed en ferskate grutte en ynternasjonale eveeminten, lykas it karnaval en de hannelsbeurzen. Keulen hat in universiteit, de Universiteit fan Keulen, dy't ien fan de âldsten fan Jeropa is, en in lofthaven, dy't er dielt mei Bonn.

Skiednis

Romeinsk Keulen

It Romeinske Colonia yn de 4e iuw

De earste delsetting op it plak fan it hjoeddeistige Keulen wie Oppidum Ubiorum dat yn 38 f.Kr. troch de Ubiërs, in Germaanske stamme dy't oan de lofterouwer fan de Ryn wenne, stifte waard. Yn 50 n.Kr. ferheften de Romeinen de stêd ta status fan colonia en stiften se Colonia Claudia Ara Agrippinensium. De stêd waard yn 85 de haadstêd fan de Romeinske provinsje Neder-Germaanje. In grut ferskaat oan Romeinske resten waarden fûn oan de âlde haven oan de Ryn, dêr't 1900 jier âlde Romeinske boat yn 2007 ûntdutsen waard. Parten fan it oarspronklike Romeinske rioelsysteem binne noch yntakt ûnder de stêd. Pas yn 1890 waard it moderne rioelsysteem yn gebrûk nommen.

Fan 260 oant 271 wie Keulen de haadstêd fan it Gallo-Romeinske Ryk. Yn 310 waard ûnder keizer Konstantyn de Grutte by Keulen in brêge oer de Ryn boud. Keulen wie de residinsje fan Romeinske provinsjale gûverneurs en de stêd wie ien fan de wichtichste hannels en produksjesintrums noardlik fan de Alpen.

Nei't de Joadske timpel yn Jeruzalim ferneatige waard, ûntstie in Joadske diaspoara oer it gânse Romeinske Ryk. Der is bewiis fûn fan in Joadske mienskip yn Keulen. Yn 321 stie keizer Konstantyn it fêstigjen fan in Joadske mienskip ta mei deselde frijheden as Romeinske boargers. It Edikt fan Konstantyn is it âldste dokumint yn Dútslân.

Maternus waard keazen ta biskop yn 313 en wie de earste biskop fan Keulen. De stêd waard troch Ripuaryske Franken yn 462 oermastere.

Midsiuwen

De Ripuaryske Franken stiften harren ryk oan de ouwers fan de Ryn en de Mûzel en makken Keulen ta harren haadstêd. De befolking fan Keulen dy't út Galloromanen en romanisearre Ubiërs bestie, waarden stadichoan assimilearre troch de Franken en it Latyn dat dêr sprutsen waard ferfongen troch it Germaanske Aldfrankysk. Yn 'e 6e iuw feriene de Merovingyske kening Klovis I de Salyske Franken dy't yn Noard-Galje wennen en de Ripuaryske Franken en stifte winliken it Frankyske Ryk. De Franken koene harren macht oer gâns Galje útwreidzje. Keulen waard de haadstêd fan Austraasje, sa't it stamlân fan de Franken neamd waard. Yn 623 waard Kunibert biskop fan Keulen, dy't tagelyk ek in wichtige adviseur fan de Merovingyske kening Dagobert I wie.

Yn 714 nei't de Frankyske kening Pepyn fan Herstal stoar, rekke it Frankyske Ryk tangele yn in boargerkriich. By de Slach by Keulen yn 716 tusken kening Gilperik II fan Neustrje mei help fan de Fryske kening Redbad, dy't de kâns seach de ferlerne gebieten fan 690 werom te pakken en de Franken in goede slach te slaan, waard Karel Martel, de oerwinneling fan Pepyn, ferslein. Karel flechte nei it Eifelberchtme ta dêr't er in grutte hoemannichte troepen byinoar sammele. Nei't Redbad al wer werom nei Fryslân ferfearn wie mei syn buit, koe Karel Gilperik ferslaan yn de Slach by Amel en koe er Keulen fannijs ynnimme.

Keulen hat sûnt de Romeinske tiid in biskopsit west en yn 795 ûnder it bewâld fan kening Karel de Grutte, waard biskop Hildebold, dy't kânselier en aartskapelaan oan it hof fan Karel de Grutte wie, de earste aartsbiskop fan Keulen. By it Ferdrach fan Ferdun yn 843 kaam Keulen ta it Midfrankyske Ryk, dat letter Loataringen waard.

Yn 953 krigen de aartsbiskoppen fan Keulen ek in soad sekuliere macht doe't biskop Bruno troch syn broer Otto I, kening fan Dútslân as hartoch fan Loataringen beneamd waard. Om de sekuliere adel dy't syn macht bedrige, te ferswakjen, joech Otto Bruno en syn aartsbiskoplike opfolgers de foarrjochten fan sekuliere foarsten en stifte dêrtroch suver it Karfoarstedom Keulen, dat foarme waard troch de tydlike besittings fan it aartsbisdom en omfieme letter in grutt stripe lân oan de lofter Rynouwer eastlik fan Gulik en westlik fan it hartochdom Westfalen foarby it greefskip Mark en it hartochdom Berch. Oan 'e ein fan de 12e iuw wie de aartsbiskop fan Keulen ien fan de sân karfoarsten fan it Hillige Roomske Ryk. Njonken karfoarst wie er ek aartskânselier fan Itaalje fan 1238 oant 1803.

Goatyske stedssegel fan Keulen fan 1396

Nei de Slach by Worringen yn 1288 helle Keulen syn ûnôfhinklikens fan de aartsbiskoppen en waard doe in frije ryksstêd. Aartsbiskop Siegfried fan Westerburg waard twongen en ferhúzje nei Bonn. De aartsbiskop hold lykwols it rjocht op it útsprekken fan de deastraf. It stedsbestjoer, dy't op polityk mêd rjocht foar de aartsbiskop oer stie, wie ôfhinklik fan him yn alle saken oangeande it strafrjocht. Dat befette marteljen, dy't allinnich útsprutsen mocht wurde troch de biskoplike rjochter. Dy juridyske sitewaasje duorre oant de Frânske oermastering fan Keulen.

Njonken syn ekonomyske en politike betsjutting waard Keulen ek in wichtich midsiuwsk beafeartsoarde, doe't de Keulske biskop Reinald fan Dassel yn 1164 de relikwyen fan de Trije Wizen oan de Dom fan Keulen joech. Dêrnjonken bewarret Keulen ek de relikwyen fan de hillige Ursula en Albertus Magnus.

Troch syn lizzing oan de Ryn lei Keulen op ien fan de wichtichste hannelskrúspunten fan east nei west en fan Súd-Jeropa nei Noardwest-Jeropa. Al sûnt de 10e iuw stiene keaplju yn de stêd al bekend om harren woltierigens omreden de beskikking fan de hannelsmooglikheden. Dat hannelskrúspunt soarge ek foar it waaksen fan Keulen. Oan 'e ein fan de 12e iuw liet aartsbiskop Filip fan Heinsberg in stedsmuorre om gâns de stêd hinne bouwe. Om 1300 hiine hie de stêd al mear as 50.000 ynwenners. Yn 1475 waard Keulen lid fan it Hânzeferbûn, doe't keizer Freark III de ryksûnmidlikens fan de stêd befêstige. Keulen waard tige ynfloedryk yn de regionale hannel, dat syn systemen fan mjitten en gewichten yn gâns Jeropa brûkt waarden.

Mei de bou fan de Dom fan Keulen waard op 15 augustus 1248 úteinset. Yn de iuwen dêrnei waard der stadichoan wurke oan it projekt, mar yn de 15e iuw waard de bou stillein. Under ynfloed fan de Romantyk yn de 19e iuw waard de bou fannijs oppakt en foltôge yn 1880.

Keulen yn 1411

Iere moderne tiid

De ekonomyske struktuer fan it Keulen yn de midiuwen en iere moderne tiid waarden karakterisearre troch de status fan de stêd as in wichtige haven- en ferfiersmulpunt oan de Ryn. De ambachten waarden organisearre troch gilden, dêr't guon fan allinnich foar froulju gouwen.

De noch net foltôge Dom yn 1695

As frije ryksstêd wie Keulen in selsstannige steat yn it Hillige Roomske Ryk mei ryksstannen dy't in sit en stim yn de Ryksdei hie as sadwaande it rjocht en plicht hie by te dragen oan de ferdigening fan it Ryk en in eigen legermacht te ûnderhâlden. Om't hja in read unifoarm droegen, stiene dy striidkrêften bekend as de Rote Funken (reade fonken). De soldaten wiene part fan it Ryksleger. Ha fochten yn de krigen fan de 17e en de 18e iuw, lykas dy tsjin it revlúsjonêre Frankryk dêr't de lytse striidmacht hast folslein yn fuortfage waard. De tradysje fan de troepen is bewarre bleaun as in militêre persiflaazje troch de meast opmerklike karnavalsferiening yn Keulen, de Rote Funken.

De Frije Ryksstêd Keulen moat net betiisd wurde mei it Karfoastedom Keulen, dat ek in selsstannige steat yn it Hillige Roomske Ryk wie. Sûnt de twadde helte fan de 16e iuw wiene de measte aartsbiskoppen ôfkomstich út it Beierske Hûs Wittelsbach. Fanwegen syn status as frije ryksstêd mochten de aartsbiskoppen de stêd almeast net ynkomme. Dêrom fêstigen se harren yn Bonn en letter yn Brühl. As leden fan in machtige en ynfloedrike famylje, benammen as harren status as karfoarsten, bestriden en narren de aartsbiskoppen fan Keulen yn de 17e en 18e iuw gauris de frije ryksstêd Keulen, itjinge late ta yngewikkelde saken dy't ôfhannele wurde moasten fia diplomatike middels troch de heechste rjochthôven fan it Hillige Roomske Ryk.

Nije tiid oant de Twadde Wrâldkriich

Hingbrêge om 1900 hinne

Yn 1794 waard Keulen beset troch Frânske troepen en ferlear syn status as frije ryksstêd. Neffens de Frede fan Lunéville yn 1801 waard oerienkommen dat alle gebieten fan it Hillige Roomske Ryk oan de lofterkant fan de Ryn nei Frankryk ta gean soene. Letter waard de stêd part fan it Earste Frânske Keizerryk ûnder keizer Napoleon. Keulen waard part fan it departemint fan de Roer, dêr't Aken de haadstêd fan wie. De Frânske fernijden it iepenbier libben, lykas juridyske fernijings neffens de Code Napoléon yn te fieren en âlde eliten de macht te ûntnimmen. De tsjerklike machten waarden sekularisearre.It Napoleontysk rjocht bleau yn gebrûk yn it Rynlân oant 1900 doe't in unifoarm wetboek (Bürgerlich Gesetzbuch) yn it Dútske Keizerryk ynfierd waard.

By it Kongres fan Wenen yn 1815 nei de delfal fan Napoleon waard Keulen Prusysk, mar it Frânsk rjocht bleau jildich. Keulen waard earst part fan de provinsje Gulik-Kleef-Berch oant dy yn 1822 opgie yn de Rynprovinsje.

De algeduerigen spannings tusken it Roomsk-katolike Rynlân en it foar it grutste part protestantske Prusen lôgen gauris op, mei Keulen as brânpunt fan it konflikt. Yn 1837 waard aartsbiskop Clemens August von Droste-Vischering arrestearre en twa jier lang finzen set nei in skeel oer de wetlike status fan houliken tusken protestanten en roomsken (Mischehenstreit). Yn 1874 by de Kulturkampf waard aartsbiskop Paul Melchers finzennommen ear't er asyl krige fan Nederlân. Dy konflikten droegen by ta in djip anty-Pusysk gefoel by de katolike befolking, dy't noch hieltyd oanwêzich wie nei de Twadde Wrâldkriich, doe't de eartiidske boargemaster fan Keulen, Konrad Adenauer de earste Westdútske bûnskânselier waard.

Yn de Nije Tiid fermindere de ynfloed fan Keulen bûten it Rynlân, mar bleau dochs fierhinne ekonomysk, kultuereel en steatsrjochtlik de wichtichste stêd oant de Yndustriële revolúsje. Om 1900 hinne hat Keulen al in stikmannich omlizzende stêden anneksearre en tsjin de Earste Wrâldkriich hie de stêd al 700.000 ynwenners. De yndustrialisaasje feroare de stêd en bot en joech de oanset ta groei. Benammen de produskje fan reauwen en motors waard in sukses, alhoewol't de swiere yndustry minder fertsjintwurdige wie as yn it Ruhrgebiet. De Dom fan Keulen waard lang om let foltôge yn 1880 en gou net allinnich as in pla foar it oanbidden mar ek ta in Dútsk nasjonaal monumint ta eare fan it kreklyn oprjochte Dútske Keizerryk en de kontinuïteit fan de Dútske naasje sûnt de midsiuwen. In part fan de stedske groei wie lykwols yn it neidiel fan it histoarysk erfguod, dêr't in soad by sloopt waard, lykas de âlde stedsmuorre en gebouwen om de Dom hinne dy't troch moderne gebouwen ferfongen waarden.

De fortifikaasje om Keulen hinne yn de 19e iuw

Keulen waard oanwiisd as ien fan 'e fêstings fan de Dútske Bûn en it waard in swier bewapene fêsting, foar de Frânske en Belgyske fêstings Ferdun en Luik oer, mei twa fersterke gurdlen om de stêd hinne dêr't de oerbliuwsels fan noch hieltyd te sjen binne. Troch dy militêre fersterking om de stêd hinne, beheinde dat grutte útwreiding en stedske ûntjouwing. Mei forten, bunkers en brede ferdigeningsfuorgen dy't de stêd alhiel omjoegen beheinde dat stedsútwreiding, itjinge late ta dat de stêd sels tige tichtbeboud waard.

Yn de Earste Wrâldkriich late Keulen in bytsje skea fan yn lyts tal loftoanfallen. Nei de kriich waard Keulen oant 1926 beset troch it Britske Rynleger mei de betingst fan de wapenstilstân en it dêropfolgjende Ferdrach fan Versailles. De Britten wiene lykwols mylder foar de Dútske befolking oer ta tsjinstelling fan de Frânske besettingstroepen yn it Rynlân. Konrad Adenauer, de boargemaster fan Keulen fan 1917 oant 1933 en letter Westdútsk kânseler erkende de politike ympakt fan dy oanpak, benammen om't Grut-Brittanje him tsjin de Frânske easken foar in permaninte Alliearde besetting fan it gânse Rynlân fersette.

As part fan 'e demilitarisaasje fan it Rynlân moast it fêstingwurk om 'e stêd hinne ûntbûn wurde. Dat wie in kâns en foarmje de twa griene gurdlen om de stêd hinne ta iepenbiere parken en dat kaam yn 1933 ree. Yn 1919 waard de Universiteit fan Keulen, dy't yn 11798 troch de Frânsken sletten waard, fannijs iepene. Dat waard beskôge as in ferfanging foar it ferlies fan de universiteit fan Straasburch, oan de westigge fan de Ryn dy't mei de rest fan 'e Elzas wer werom nei Frankryk gie. Keule makke in ekonomyske foarútgong yn de tiid fan 'e Weimarrepublyk (1919-1933) en benammen op it mêd fan iepenbier bestjoer, stedsplanning, húsfêsting en sosjale saken waard foarútgong makke. Sosjale wentebouprojekten waarden foarbylden foar oare Dútske stêden. Keulen die mei oan de Olympyske Spullen fan 1936 en yn Müngersdorf waard in modern sportstadiumboud. Doe't de Britske besetting einige, waard it ferbod op 'e boargerloftfeart opheft lofthaven Keulen-Butzweilerhof waard al gau in knooppunt foar nasjonaal en ynternasjonaal loftferkear, nei Berlyn-Tempelhof.

Yn maart 1933 ferlearen de demokratyske partijen fan de NSDAP en oare rjochtsekstremistyske partijen by de pleatslike ferkizings yn Keulen. De nazys arrestearren dêrnei de kommunistyske en sosjaaldemokratyske gemeenteriedsleden en boargemaster Adenauer krige dien. Ferlike mei oare stêden yn Dútslân krigen de nazys lykwols nea grutte stipe yn Keulen. Keulen hie yn 1939 goed 770.000 ynwenners.

Twadde Wrâldkriich

Keulen yn 1945
In Amerikaanske soldaat stiet op 4 april 1945 foar de Dom fan Keulen mei in ferneatige Dútske pantsertank

De stêd rekke yn de Twadde Wrâldkriich swier skeind. De [[Alliearden smieten 44.923,2 ton bommen op de stêd dêr't 61% fan it beboude gebiet by ferwoastge rekke. By it Bombardemint op Keulen ûndergie de stêd 262 loftoanfallen fan de westerske alliearden, dy't likernôch 20.000 boargerslachtoffers feroarsaken en it sintrum fan de stêd hast folslein fuortfage hie. Yn 'e nacht fan 31 maaie 1942 wie Keulen it doelwyt fan Operaasje Millennium, de earste bommesmitersoanfal troch de Royal Air Force yn de Twadde Wrâldkriich. 1.046 swiere bommesmiters foelen harren doel oan mei 1.455 ton eksplosiven, dêr't twatred brângefaarlik fan wie. Dy oanfal duorre likernôch 75 minuten en ferwoastge 243 hektare beboud gebiet (61%). 486 boargers kamen om en 59.000 minsken rekken dakleas.

Keulen waard begjin maart 1945 troch it Amerikaanske Earste Leger ynnommen. By de ein fan de kriich wie de befolking fan Keulen mei 95% redusearre, om't de befolking massaal evakuearre wie nei it omlizzende plattelân. Itselde barde yn oare Dútske stêden yn de lêste twa kriichsjierren. Oan 'e ein fan 1945 wie de befolking al wer oprûn ta 450.000. Keulen hei foar de kriich in Joadske mienskip fan 11.000. Dy binne allegear omkommen yn ferneatigingskampen en de seis synagogen fan de stêd waarden ferneatige. De synagoge oan de Roonstraße waard yn 1959 weropboud.

Neikriichske ûntjouwings

Keulen yn 2013

Nei de kriich kaam Keulen yn de Britske besettingssône te lizzen. Yn 1946 waard de dielsteat Prusen, allyk syn Rynprovinsje opheft en waard de dielsteat Noardryn-Westfalen oprjochte. Nettsjinsteande dat Keulen de grutste stêd wie, waard it tichteby lizzende Düsseldorf as haadstêd dêrfan keazen. Doe't Bonn foarearst as federale haadstêd (provisorische Bundeshauptstadt) en sit fan de Bûnsrepublyk Dútslân (doe West-Dútslân), profitearre Keulen dêrfan, dat er ynklamme lei tusken twa wichtige politike sintrums. De stêd waard, en is hjoed-de-dei noch hieltyd, de thúsbasis fan in tal federale agintskippen en organisaasjes. Nei de Dútske weriening waard Berlyn fannijs de haadstêd fan Dútslân.

Yn 1945 neamde arsjitekt en stêdeboukundige Rudolf Schwarz Keulen de "grutste púnheap fan 'e wrâld". Schwarz ûntwurp it masterplan foar it weropbouwen fan de stêd, dat it oanlizze fan ferskate nije trochgeande diken troch it stedssintrum omfieme, benammen de Nord-Süd-Fahrt (noard-súd-dyk). It masterplan hold der al rekken mei dat al rillegau nei de kriich ferwachte wurde kin dat it autoferkear in bot tanimme soe. It nazybewâld hie al guon plannen ûntwikkele foar nije diken, mar no't it grutste part fan de binnenstêd yn pún lei, wie it makliker en lis de nije diken oan.

De ferwoastging fan 95% fan de binnenstêd, wêrûnder de ferneamde tolve Romaanske tsjerken lykas de Sint-Gereontsjerke, Grutte Sint-Martentsjerke en de Hillige Marije yn it Kapitoal en ferskate oare monuminten yn de kriich betsjutte in ûnbidich grut ferllies oan kultuerskatten. It weropbouwen fan dy tsjerken en oare monuminten lykas de evenemintehal Gürzenich waard lykwols net ûngelyk oer tocht ûnder foaroansteande arsjitekten en keunsthistoarisi, dochs yn de measte gefallen wûn it boargerlik foarnimmen. It weropbouwen duorre oant yn de 1990-er jierren doe't de romaanske Sint-Kuniberttsjerke ree kaam.

Yn 1959 berikte de befolking fan de stêd wer it oantal fan foar de kricch. Yn 1975 waard de 1 miljoen helle en nei in jier sakke it justjes dêrûnder oant de mid 2010-er jierren doe't de miljoen fannijs helle waard.

Yn de 1980-er en 1990-er jierren bloeide de Keulske ekonomy om twa wichtige redens. De earste reden wie it waaksen fan it tal mediabedriuwen yn beide de partikuliere en publike sektor. Dy bedriuwen binne benammen te finen yn it nije ûntwikkele Media Park, dat in sterk fisueel mulpunt yn it sintrum fan Keule foarmet dêr't ek de Kölnturm ta heart, ien fan de meast promininte heechbouwurken yn Keulen. De twadde reden wie de permaninte ferbettering fan de ferkearsynfrastruktuer, dêr't Keulen ien fan de bêst te berikken metropoalen fan Sintraal-Jeropa fan waard.

Fryske bining mei Keulen

Al yn de 3e iuw kamen Keulske munten yn Fryslân foar. Redbad ûndernaam yn 716 mei súkses in fjildtocht nei Keulen. Keulen wie de merke foar diggelguod út Pingsdorf en Siegsburg, dowestien út Andernach, swurden út Solingen, en dat alles hiet 'Keulsk'. Om 900 hinne wie der Fryske koloanje oan de Ryn en by Sankt Goar. Foar de hannel bleau Keulen wichtich: 'Keulske pinning' yn de âlde wetten, Keulsk gewicht grûnslach foar de Fryske gewichten (1504).

Dat Keulen in wichtich hannelsplak foar Fryske hannelers wie, bewiist it Friesenplatz (Friezeplein), Friesenstraße (Friezestrjitte) en Friesenwall (Friezewâl) yn de Keulske binnenstêd dêr't de Friezen in hannelskertier hiene.[1][2]

Ek as sit fan de aartsbiskop en fan provinsjaals fan guon oarders hie Keulen betsjutting. De universiteit luts Fryske studinten, û.o. Anske Bockes Bruynsma. Sirka 1550 kamen der protestantske flechtlingen, yn 1580 roomske (Cunerus Petri, Douwe Benediks Julius fan Dekema, Espelbach). Yn de 17e iuw kamen út Keulen fransiskaanske misjonarissen. Dêrnei fermindere de betsjutting fan Keulen foar Fryslân.

Geografy

Topografy

Keulen leit yn de dielsteat Noardryn-Westfalen op goed 85 km fan de Nederlânske grins. Keulen leit oan wjerskanten fan de Ryn en hat in wichtige binnenhaven oan de rivier. Keulen hat in totaal oerflak fan 405,15 km², dêr't 230,25 km² lofts fan de Ryn en 174,87 km² rjochts fan de Ryn fan leit. It heechste punt leit op 118,04 meter yn it natoergebiet Königsfrost, wylst it leechste punt yn de Worringer Bruch, in âlde ôfspjalting fan de Ryn dy't mei in hichte fan 37,5 boppe seenivo, dochs ûnder it Keulske Rynpeil leit.

Sicht op de Ryn yn Keulen fan de Deutzer Brücke ôf. Alhiel lofts yn de fierte de tv-toer, dan de tsjerke Groß St. Martin en de Dom, it blauwe dak fan it musicalgebou, de brêge Hohenzollernbrücke, oan de oare kant de Ryn de toer fan de Messe, en uterst rjochts de Kölnturm (doe noch yn oanbou).
Sicht op de Ryn yn Keulen fan de Deutzer Brücke ôf. Alhiel lofts yn de fierte de tv-toer, dan de tsjerke Groß St. Martin en de Dom, it blauwe dak fan it musicalgebou, de brêge Hohenzollernbrücke, oan de oare kant de Ryn de toer fan de Messe, en uterst rjochts de Kölnturm (doe noch yn oanbou).

Geology

Keulen leit foar it grutste part yn de legere rivierterrassen fan de Ryn, dy't winliken as brede treppen út de rivier wei oprinne.

De ûndergrûn is foar it grutste part yn it Tertiêr en foar in part yn it Kwartêr ûntstien en bestiet út ferskate lagen riviersedimint. In útsûndering is it uterste easten fan de stêd dat oan de foat fan it Rynlânsk Laaiplato leit. It Berchske Lân leit deun oan de eastkant fan de stêd.

Stadtbezirken en -teilen

De stêd Keulen hat 86 stedsdielen ferparte oer 9 stedsdistrikten (Dútsk: Stadtbezirke):

Innenstadt (Stadtbezirk 1)
Altstadt-Nord, Altstadt-Süd, Neustadt-Nord, Neustadt-Süd, Deutz
Rodenkirchen (Stadtbezirk 2)
Bayenthal, Godorf, Hahnwald, Immendorf, Marienburg, Meschenich, Raderberg, Raderthal, Rodenkirchen, Rondorf, Sürth, Weiß, Zollstock
Lindenthal (Stadtbezirk 3)
Braunsfeld, Junkersdorf, Klettenberg, Lindenthal, Lövenich, Müngersdorf, Sülz, Weiden, Widdersdorf
Ehrenfeld (Stadtbezirk 4)
Bickendorf, Bocklemünd/Mengenich, Ehrenfeld, Neuehrenfeld, Ossendorf, Vogelsang
Nippes (Stadtbezirk 5)
Bilderstöckchen, Longerich, Mauenheim, Niehl, Nippes, Riehl, Weidenpesch
Chorweiler (Stadtbezirk 6)
Blumenberg, Chorweiler, Esch/Auweiler, Fühlingen, Heimersdorf, Lindweiler, Merkenich, Pesch, Roggendorf/Thenhoven, Seeberg, Volkhoven/Weiler, Worringen
Porz (Stadtbezirk 7)
Eil, Elsdorf, Ensen, Finkenberg, Gremberghoven, Grengel, Langel, Libur, Lind, Poll, Porz, Urbach, Wahn, Wahnheide, Westhoven, Zündorf
Kalk (Stadtbezirk 8)
Brück, Höhenberg, Humboldt/Gremberg, Kalk, Merheim, Neubrück, Ostheim, Rath/Heumar, Vingst
Mülheim (Stadtbezirk 9)
Buchforst, Buchheim, Dellbrück, Dünnwald, Flittard, Höhenhaus, Holweide, Mülheim, Stammheim

Klimaat

 Waaroersicht foar Lofthaven Keulen-Bonn 
Moanne jan feb mrt apr maa jun jul aug sep okt nov des Jier
heechste maksimum (°C) 16,2 21,0 25,3 30,8 34,4 36,8 40,3 38,8 33,1 27,6 20,2 17,9 40,3
trochsneed maksimum (°C) 5,9 7,2 11,4 16,1 19,7 22,7 24,9 24,5 20,4 15,2 9,8 6,5 15,4
trochsneed temperetuer (°C) 3,0 3,6 6,7 10,4 14,1 17,1 19,0 18,5 14,8 10,8 6,7 3,8 10,7
trochsneed minimum (°C) 0,0 0,1 2,0 4,5 8,1 11,2 13,3 12,8 9,7 6,8 3,5 1,0 6,1
leechste minimum (°C) −23,4 −19,2 −13,4 −8,8 −2,9 −0,5 2,9 1,9 −1,3 −6,0 −10,4 −18,0 −23,4
delslach (mm) 61,7 53,8 55,0 48,2 62,1 86,3 87,4 83,3 66,9 64,7 63,5 69,2 802,1
Gegevens fan 1991-2020, utersten fan 1957-no
Boarne 1: Wrâld Meteorologyske Organisaasje [3]
Boarne 2: Deutscher Wetterdienst[4]

Demografy

Troch ferskate weryndielingen hie Keulen op 1 jannewaris 1975 mear as 1 miljoen ynwenners. Doe't de stêd Wesseling op 1 july 1976 troch in beslút fan de rjochter wer selsstannich waard, lei it tal ynwenners wer ûnder de 1 miljoen minsken. Sûnt 31 maaie 2010 is Keulen neffens de offisjele telling wer in stêd mei mear as 1 miljoen ynwenners. Op 31 desimber 2015 hie Keulen 1.060.582 ynwenners.[5] De kommende desennia sil it ynwennertal fierder tanimme. It Landesbetrieb Information und Technik Nordrhein-Westfalen hat berekkene dat Keulen yn 2040 20 prosint mear ynwenners hat, mei-inoar sa'n 1.243.000 persoanen.

Keulen is de grutste Dútske stêd dy't gjin eigen dielsteat hat en ek gjin haadstêd is fan in dielsteat.

Untjouwing ynwennertal

Jier140018011840188019001910192019301940
Ynwenners40.00042.02475.858144.722372.229516.527740.082733.500
Jier195019601970197519801990200020102020
Ynwenners603.283803.616847.0371.013.771976.694953.551962.8841.007.1191.088.040

Kultuer

Keulen is foaral bekend fan syn karnaval, it Kölsch-bier dat dêr broud wurdt en syn museums. It Romeinsk museum stiet flakby de Dom fan Keulen en hat in moaie samling Romeinske foarwerpen, mei ûnder oaren in grut flier-mozayk. It Ludwig Museum is wijd oan de moderne keunst en besit in grut oantal wurken fan Picasso, lykas ek in tal wurken fan de Dútske ekspresjonisten. Keulen hat teffens in universiteit en de Lofthaven Keulen-Bonn, dy't de stêd dielt mei Bonn.

Religy

Keulen is fanâlds in Roomsk-katolike stêd. Irenaeus fan Lyon miende dat it kristendom troch Romeinske soldaten en hannelslju nei Keulen brocht waard. Sûnt 313 is Keulen in bisdom dat sûnt 794 it Aartsbisdom Keulen foarmet. Tomas fan Akwine hat yn 1244 ûnder Albertus Magnes yn Keulen studearre. Hjoed-de-dei is 35,5% fan de befolking noch hieltyd katolyk, wylst 15,5% protestantsk is.[6]

Neffens in sensus fan 2011 wie 2,1% fan de befolking Eastersk-otterdoks, en goed 5% fan oare religyen. Keulen is ien fan de âldste Joadske mienskippen yn Dútslân[7], dêr't 0,3% fan de befolking yn 2011 Joadsk wie.[8] 11,2% fan de befolking wie dat jiers moslim..[9] Der steane ferskate moskees yn de stêd.

Sport

Yn 2006 wie Keulen ien fan de spylstêden fan it WK fuotbal. It Rheinenergiestadion (fuotbal) en de Lanxess Arena (multyfunksjoneel) binne de grutste stadions yn Keulen. De bekendste fuotbalteams binne 1. FC Köln, dy't trije kear Dútsk lânskampioen wie, SC Fortuna Köln en FC Viktoria Köln.

It besjen wurdich

Tsjerken

  • Dom fan Keulen
  • De tolve grutte romaanske basiliken: St. Severin, Sint-Marije Lystsjerke, Basilika St. Andreas, St. Aposteln, Sint-Gereon, St. Ursula, St. Pantaleon, Hillige Marije yn it Kapitoal (Sankt Maria im Kapitol), Grutte Sint-Martentsjerke, St. Georg, Sint-Kuniberttsjerke en Sint-Sesiliatsjerke. Dy 12 tsjerken waarden yn midsuwske sakrale styl boud. Mei útsûndering fan de Sint-Marije Lystsjerke rekken dy tsjerken swier skeid yn de Twadde Wrâldkriich dêr't by guon allinnich de bûtenmurren mar fan oerbleaune. It weropbouwen kaam yn 1985 pas ree. Dêrnjonken is de Jehannes de Dopertsjerke fan de midsiuwen.
  • De Ryn mei ferskate brêgen dy't dêr oerhinne rinne dêr't de Hohenzollernbrücke en Deutzerbrücke de bekendsten fan binne.
  • Altstadt: de histoaryske binnenstêd oan de westkant fan de Ryn, dy't lykwols foar it grutste part yn de Twadde Wrâldkriich swier skeind waard. Neitids weropboud, foar in part yn oarspronklike steat lykas de pleinen Alter Markt, Heumarkt en Fischmarkt.
  • Rathaus, it Keulske stedhûs dy't yn 1135 stifte waard. It stedhûs rekke yn de Twadde Wrâldkriich swier skeind en baarnde hast folslein ôf.
  • Praetorium, in ûndergrûnske Romeinske timpelruïne ûnder it Rathaus.
  • De âlde stedsmuorre. Hy waard al in skoft lyn foar in grut part sloopt, mar hjir en dêr steane noch oerbliuwsels. Dy oerbliuwsels binne it bêste te besjen by de âlde stedspoarte Ulrepforte en tusken de Hansaring en de Christophstraße.
  • Glockengasse 4711 is it adres dêr't eartiids de ferneamde eau de cologne produsearre waard.
  • Friesenviertel (Friezewyk), mei de Friesenplatz (Friezeplein) dêr't eartiids de Friesentor (Friezepoarte) stien hat. Dêr wennen yn de midsiuwen Fryske hannelers.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Little prayers at the Lorelei rockHans Faber 25 oktober 2022 frisiacoastrail.com Oproppen op 12 desimber 2023
  2. L. van der Tuuk, 2013
  3. "World Meteorological Organization Climate Normals for 1991–2020. National Oceanic and Atmospheric Administration. Argivearre op 12 oktober 2023. Oproppen op 22 novimber 202322 novimber 2023.
  4. "Wetter und Klima. Deutscher Wetterdienst. Argivearre op 19 juny22. Oproppen op 22 novimber 202322 novimber 2023.
  5. Sifers fan it Landesbetrieb Information und Technik Nordrhein-Westfalen
  6. Statistisches Jahrbuch 2016. stadt-koeln.de (1 febrewaris 2016). Argivearre op 7 oktober 2017. Oproppen op 25 septimber 201725 septimber 2017.
  7. Serup-Bilfeldt, Kirsten, "Cologne: Germany's Oldest Jewish Community", Deutsche Welle, 19 augustus 2005. Oproppen op.
  8. [ Zensus 2011: Bevölkerung im regionalen Vergleich nach Religion (ausführlich) in %]. Argivearre op 21 juny 2013. Oproppen op 22 augustus 201922 augustus 2019.
  9. [ Muslime in den Großstädten beim Zensus 2011]. Argivearre op 19 desimber 2018. Oproppen op 19 desimber 201819 desimber 2018.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Keulen fan Wikimedia Commons.
 
Noardryn-Westfalen
Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise
Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte
Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.