In Ketter is de beneaming foar ien dy't gjin of oars leaut dan in Kristen, bygelyks in heiden. It wurd hat foaral in negative betsjutting en waard eartiids benammen troch de Roomsk-katoliken in soad brûkt om oarstinkenden mei oan te tsjutten of te beledigjen. Ien dy't him fan syn leauwen ôfkeart wurdt somtiden ek wol beskôge as in ketter.
De útdrukking fan ketter stammet út de Midsiuwen, it tiidrek dat de Roomsk-Katolike Tsjerke yn konflikt wie mei de saneamde Kataren yn Súdeast-Frankryk. Fan dat wurd stammet ketter dan ek ôf.
Ferfolging
De Kataren waarden troch de Tsjerke yn 13e iuw ferfolge om harren leauwensopfetting. Dy ferfolgings kamen en gongen yn weagen en wienen betiden útsûnderlik wreed. Dêrby spile sawol de tsjerklike as de wrâldske oerheid in rol fan betsjutting. Ynearsten stie op ketterij foaral naderjen fan besit en finzenskip. Letter waard fêstlein dat op "ketterij" de deastraf stie. Dêrby hie de Tsjerke de foech om fêst te stellen oft ien wol of net in ketter wie. In protte ketters einigen harren libben op de brânstapel.