Kennemerlânsk
algemien
eigen nammeKennemerlands
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers18.000 (2009, skatting)
skriftLatynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  Germaansk
    Westgermaansk
      Súdwestgermaansk
        Nederfr.-Nedersaks.
          Nederfrankysk
            Nederlânsk
              Hollânsk
                Kennemerlânsk
dialektenAlkmaarsk, Beverwyksk,
Súdkennemerlânsk e.o.

It Kennemerlânsk (Kennemerlânsk: Kennemerlands) is it Hollânske haaddialekt dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e lânstreek Kennemerlân, de krite oan 'e Noardhollânske Noardseekust tusken Haarlim en Kastrikum.

De lokaasje fan it Kennemerlânsk yn it gruttere Hollânske taalgebiet.

Algemiene beskriuwing

It Kennemerlânsk is nei alle gedachten yn 'e Midsiuwen, tusken 1100 en 1300, ûntstien troch de wikselwurking tusken it Frysk dat doe noch yn noardlik Hollân sprutsen waard, en de Nederfrankyske dialekten dy't doe mei in opmars út it suden dwaande wiene, en dy't har letter ûntjaan soene ta it Hollânsk. It Kennemerlânsk is it noardlikste dialekt fan it Hollânsk dat gjin dúdlik Frysk substraat hat, en dêrmei ûnderskiedt it him fan 'e oanbuorjende dialekten: it Westfrysk, it Saansk en it Wetterlânsk.

Tsjintwurdich wurdt it Kennemerlânsk noch fral sprutsen yn 'e regio's fan súdlik en sintraal Kennemerlân. Yn it suden rikt it dialektgebiet oan 'e stêd Haarlim ta, mar it Haarlimsk sels heart ta it Súdhollânsk, al tinke taalkundigen dat it oarspronklik in Kennemerlânsk dialekt west hawwe moat.

Yn sintraal Kennemerlân, de krite om Beverwyk en Hiemstsjerk hinne, fertoant it Kennermerlânsk sterkere oerienkomsten mei it Westfrysk en it Saansk as dat yn it suden it gefal is. It doarp Egmond oan See heart net ta it Kennemerlânske dialektgebiet, mar foarmet dêrbinnen in enklave, mei't it Egmondsk ta de Westfryske dialekten rekkene wurdt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Berns, Jan, en Steusel, Sanne, Noord-Hollands, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 161.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.