Keninkryk Ingelân Kingdom of England | |
---|---|
0927 – 1649 1660 – 1707 | |
flagge | wapen |
Frânsk: Dieu et mon droit ("God en myn rjocht") | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Winchester (oant 12e iuw) Londen (12e iuw-1707) |
offisjele taal | Ingelsk |
steatsfoarm | parlemintêre monargy |
ûntstien út | ● Ken. Dumnonia ● Ken. East-Anglia ● Ken. Esseks ● Ken. Kent ● Ken. Mersia ● Ken. Noardumbrje ● Ken. Susseks ● Prdm. Wales ● Ken. Wesseks |
opgien yn | Ken. Grut-Brittanje |
no diel fan | Feriene Keninkryk |
sifers | |
ynwennertal | 500.000 (1283) 3.000.000 (1542) 5.750.000 (1707) |
befolkingstichtens | 3,4 / km² (1283) 20,7 / km² (1542) 38,1 / km² (1707) |
oerflak | 145.000 km² (1283-1542) 151.000 km² (1542-1707) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Ingelsk pûn |
It Keninkryk Ingelân (Ingelsk: Kingdom of England) wie in soeverein en ûnôfhinklik lân op 'e Britske Eilannen, dat bestie fan 'e tsiende oant de achttjinde iuw. It ûntstie yn 927 troch de feriening fan ferskate Angelsaksyske keninkriken ûnder it regear fan Atelstan, de lêste kening fan Wesseks. Yn 'e ûnlijige alfde iuw kaam it yn 1016 ta it Noardseeryk fan Knút de Grutte te hearren, yn in personele uny mei Denemark en Noarwegen, en waard it yn 1066 ferovere troch Willem de Oermasterder, de hartoch fan Normanje. Yn 1282 waard it Prinsdom Wales by Ingelân foege troch kening Edwert I. It krewearjen fan dyselde om ek it Keninkryk Skotlân te oerweldigjen, mislearre lykwols en rûn út op 'e slepende Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen. Under kening Edwert III rekke Ingelân yn 1337 bestrûpt yn 'e Hûndertjierrige Oarloch mei Frankryk. Nei de ein dêrfan, yn 1453, brieken yn 1455 suver fuort de Roaze-oarloggen út, in binnenlânsk dynastyk konflikt tusken de Huzen York en Lancaster.
Dêrút kaam fuort dat yn 1485 it Hûs Tudor op 'e Ingelske troan kaam, dat besibskipsbannen mei beide partijen hie. Under de Tudor-keningen Hindrik VIII en Elizabeth I waard de Reformaasje trochfierd en berikte Ingelân yn 'e sechstjinde iuw in hichtepunt fan kulturele bloei. Nei't Elizabeth yn 1603 sûnder bern stoarn wie, kaam har efterneef, de Skotske kening Jakobus Stuart as Jakobus I op 'e Ingelske troan, wêrmei't in personele uny mei it Keninkryk Skotlân ûntstie. Healwei de sechstjinde iuw briek de Ingelske Boargeroarloch út, dy't kulminearre yn 'e ûnthalzing fan kening Karel I yn 1649. De monargy waard dêrnei ôfskaft en de Ingelske Republyk stifte, dy't alve jier bestie foar't yn 1660 mei de Restauraasje fan it Hûs Stuart it Keninkryk Ingelân weroprjochte waard. De Glorieuze Revolúsje fan 1688 bewissige dat it bestjoer fan Ingelân yn protestantske hannen bleau. Yn 1707 waarden yn Skotlân en Ingelân de Wetten op de Uny oannommen, wêrmei't de keninkriken Ingelân en Skotlân opholden te bestean en ferfongen waarden troch it nije Keninkryk Grut-Brittanje.
Namme
De Angelsaksen neamden harsels de Engle of Angelcynn, dat oarspronklik nammen west hiene foar de Angelen. Harren lân neamden se Engla land, wat "it lân fan 'e Angelsaksen" betsjutte. Geandewei de Midsiuwen waard Engla land ferbastere fia Engle land en Engeland ta England. Dat wie tsjin 'e fjirtjinde iuw de namme fan it keninkryk wurden.
Geografy
It Keninkryk Ingelân besloech it súdlike diel fan it eilân Grut-Brittanje. It waard yn it easten begrinzge troch de Noardsee, yn it súdeasten troch it Nau fan Kalês, yn it suden troch It Kanaal, yn it súdwesten troch de Keltyske See en yn it westen troch de Ierske See en it Prinsdom Wales. Dat gebiet waard lykwols yn 1282 ferovere en by Ingelân foege. Yn it noarden grinzge Ingelân oan it Keninkryk Skotlân. Nei't yn 1092 Kumbria by Ingelân kaam te hearren folge dy grins fierhinne deselde rin as dy tusken de hjoeddeiske Britske lânsdielen Ingelân en Skotlân, útsein dat de stêd Berwick-upon-Tweed, oan 'e Noardseekust, oarspronklik by Skotlân hearde en pas yn 1482 foargoed oan Ingelân tafoel.
Skiednis
Oarsprong
It Keninkryk Ingelân kaam fuort út in stadige feriening fan 'e Angelsaksyske keninkriken út 'e Iere Midsiuwen, dy't bekend steane as de Heptargy: East-Anglia, Mersia, Noardumbrje, Kent, Esseks, Susseks en Wesseks. De ynfallen fan de Wytsingen diene yn 'e njoggende iuw it iuwenlang beholden lykwicht tusken dy keninkrykjes teneate, mei as gefolch dat Wesseks de oare leden fan 'e Heptargy oermânsk waard. Yn 825 waarden Kent en Susseks troch Wesseks anneksearre, en yn 827 ûnderwurp Egbert fan Wesseks boppedat ek noch Noardumbrje, sadat er, sij it foar koarte tiid, de earste kening waard dy't oer hiel Ingelân regearre.
Nei in nije, grutskalige ynvaazje troch de Wytsingen wist de sterke Westsaksyske kening Alfred de Grutte yn 886 Londen te weroverjen. Dat wurdt wol beskôge as de stifting fan in feriene Ingelân, mar dat wie it feitliks net. Neitiid waard Noardumbrje ferskate kearen troch de keningen fan Wesseks 'befrijd' en wer beset troch de Noaren, oant it yn 954 foargoed ferovere waard troch kening Edred fan Ingelân. Om dyselde tiid hinne gie Lothian, dat altyd diel útmakke hie fan Noardumbrje, foargoed ferlern oan Skotlân. Op 12 july 927 kamen alle Angelsaksyske keningen gear te Eamont, yn Kumbria, dêr't se Atelstan fan Wesseks erkenden as kening fan 'e Ingelsen. Dat wie it slútstik fan in ferieningsproses dat mear as in iuw duorre hie, en it kin beskôge wurde as de wiere stifting fan it Keninkryk Ingelân.
Alfde iuw
Under it regear fan 'e swakke kening Atelred de Unberette waard Ingelân oan it begjin fan 'e alfde iuw oerspield troch in nije weach fan ynvaazjes, diskear troch Deenske Wytsingen. Nei in fearnsiuw fan oanhâldende oarloch rûn dat yn 1013 út op 'e Deenske ferovering fan Ingelân ûnder lieding fan Swein Gaffelburd, de kening fan Denemark. Doe't dyselde begjin 1014 kaam te ferstjerren, kaam Atelred wer op 'e troan, mar de restauraasje fan it Hûs fan Wesseks wie fan koarte doer, want yn 1015 fûn der in nije Deenske ynvaazje plak dy't oanfierd waard troch Swein syn soan Knút de Grutte. Atelred syn opfolger Edmund Izerkant sleat yn 1016 mei Knút in oerienkomst wêrby't se Ingelân ferdielden, mar doe't Edmund datselde jiers noch stoar, kaam hiel Ingelân ta Knút syn Noardseeryk te hearren, yn in personele uny mei Denemark en Noarwegen,
Nei 26 jier makke de dea fan kening Hardeknút yn 1042 in ein oan 'e Deenske oerhearsking. Dat wie de soan fan Knút de Grutte en Emma fan Normanje, de widdo fan Atelred de Unberette. Om't Hardeknút gjin bern hie, waard er opfolge troch syn healbroer Edwert de Belider, de soan fan Atelred, wêrmei't Ingelân wer in selsstannich lân waard. Mar doe't Edwert yn jannewaris 1066 ek sûnder bern stoar, ûntstie der in opfolgingskrisis. Syn sweager Harold Godwins waard ta kening kroane, mar syn neef Willem de Oermasterder, de hartoch fan Normanje, easke de Ingelske kroan ek op. Yn 'e simmer fan datselde jier diene de Noaren in nije ynfal yn noardlik Ingelân. Harold Godwins sette mei syn leger ôf nei Yorkshire, dêr't er op 25 septimber in klinkende oerwinning boekte yn 'e Slach by Stamford Bridge. Underwilens lâne Willem de Oermasterder lykwols op 'e Ingelske súdkust, by wat bekend kaam te stean as de Normandyske Ynvaazje. Nei in forsearre mars werom nei it suden waard it útputte Ingelske leger op 14 oktober yn 'e Slach by Hastings ferslein troch de Normandiërs. Harold Godwins en syn beide bruorren sneuvelen dêrby, mei as gefolch dat mei Willem de Oermasterder de nije kening fan Ingelân waard.
Hege Midsiuwen
Yn 1092 foel Willem II, de soan fan Willem de Oermasterder, Strathclyde binnen, in Keltysk keninkryk yn wat no súdwestlik Skotlân is. Dêrby anneksearre er it gebiet dat no it greefskip Kumbria foarmet. Dêrfoaroer joech syn opfolger Hindrik I yn 1124 foargoed de Ingelske oanspraken op Lothian op, dat no súdeastlik Skotlân foarmet, yn ruil foar in ûnthjit fan trou fan 'e kening fan Skotlân. Dy regeling waard neitiid formalisearre by it Ferdrach fan York fan 1237.
Doe't yn 1154 Hindrik II op 'e Ingelske troan kaam, ûntstie der in personele uny mei it Hartochdom Akwitaanje, yn súdwestlik Frankryk, mei't hy troud wie mei Eleönoara, hartoginne fan Akwitaanje. Dêrfoaroer gie it Hartochdom Normanje, dêr't sûnt 1066 ek in personele uny mei bestie, yn 1204 ferlern, doe't Jan sûnder Lân dat gebiet kwytrekke oan Filips II fan Frankryk. Fan Normanje bleaune inkeld de Kanaaleilannen yn Ingelske hannen, wat harren aparte status ferklearret dy't oan hjoed de dei ta fuortbestiet.
Underwilens wie it Prinsdom Wales altyd noch in ûnôfhinklik gebiet, hoewol't de Welske hearkers út en troch de oerhearskippij fan 'e kening fan Ingelân erkenden. Sûnt de Normandyske Ynvaazje hiene Normandyske eallju lykwols dielen fan súdlik Wales en de grinsgebieten ferovere, wêrnei't se bekend kamen te stean as de 'markhearen'. De oanhâldende konflikten dy't dêrút fuortkamen, laten yn 'e twadde helte fan 'e trettjinde iuw ta de ûnmeilydsume Ferovering fan Wales troch Edwert I, dy't yn 1282 foltôge waard mei de dea fan 'e Welske foarst Llywelyn ap Gruffudd. Edwert joech yn 1301 de titel prins fan Wales oan syn soan, de lettere Edwert II, en sûnt is dat altyd de titel fan 'e Ingelske (en letter Britske) kroanprins bleaun.
Doe't Edwert I lykwols yn 1296 ek it Keninkryk Skotlân by syn ryk besocht te foegjen, rûn dat út op 'e slepende Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen. Yn 1305, doe't de Skotske frijheidsstrider William Wallace oppakt en yn Londen terjochtsteld waard, liek it der even op dat de Skotten belies jaan soene, mar yn 1306 briek der in nije rebûlje út ûnder it liederskip fan Robert fan Bruce, greve fan Carrick, dy't himsels datselde jiers noch kroane liet ta kening fan Skotlân ûnder de namme Robert I. Yn 1348 waard Ingelân noch slimmer troffen doe't in epidemy fan 'e pest, dy't bekend kaam te stean as de Swarte Dea, hast de helte fan 'e Ingelske befolking fataal waard.
Lette Midsiuwen
Edwert III, dy't yn 1327 op 'e Ingelske troan kaam, makke nei de dea sûnder manlike neikommelingen fan syn pake Filips IV fan Frankryk fia syn mem Isabella oanspraak op 'e troan fan it Keninkryk Frankryk. Syn neistribjen fan dy oanspraken late yn 1337 ta it útbrekken fan 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk, wêrfoar't fiif keningen fan Ingelân efterinoar in grut diel fan harren eigen enerzjy en tiid, en fan it jild en de mankrêft fan harren lân opbrûke soene ear't Ingelân úteinlik yn 1453 einlings en te'n lêsten de striid opjoech. Hoewol't de Ingelsen yn dy snuorje ferskate grutte oerwinnings boekten, koene se úteinlik net tsjin 'e nûmerike oermacht fan 'e Frânsen op. Akwitaanje gie yn dizze oarloch ferlern, en Ingelân behold op 'e kust fan it Jeropeeske fêstelân mar ien inkeld brêgehaad, besteande út 'e stêd Kalês.
It wie ûnder de Hûndertjierrige Oarloch dat der foar it earst in feriene Ingelske identiteit ûntstie dy't sawol de Anglo-Normandyske adel as it Angelsaksyske sljochtwei folk omfieme. Dat wie it gefolch fan 'e oanhâldende fijânskip mei de almar mear nasjonalistysker Frânsen, fan wa't de lieders de eigen ûntjouwing fan 'e Frânske identiteit brûkten om it lân te ferienjen yn 'e striid tsjin 'e Ingelsen. Sadwaande waarden de Anglo-Normandiërs, dy't har oarspronklik mear identifisearre hiene mei de Frânsen as mei harren eigen Angelsaksyske ûnderdienen, bûtensletten troch de Frânsen. It wie dan ek gjin tafal dat it Ingelsk yn dizze selde tiid yn Ingelân ynfierd waard as taal fan 'e rjochterlike macht.
Ingelân wie noch net iens útpûst nei de ein fan 'e Hûndertjierrige Oarloch doe't yn 1455 in boargeroarloch útbriek tusken de Huzen York en Lancaster, dy't beide ôfstammen fan Edwert III. Dat konflikt kaam (folle letter) bekend te stean as de Roaze-oarloggen, om't it wapen fan it Hûs York in wite roas wie, en dat fan it Hûs Lancaster in reade roas. Hjirby tsierden de beide dynastyen oanhâldend om it besit fan 'e Ingelske troan, wat oanlieding joech ta in rige bloedige konflikten dy't mei tuskenskoften oanholden oant 1487. Uteinlik kaam yn 1485 it Hûs Tudor op 'e troan yn 'e persoan fan Hindrik VII, in ôfstammeling fan in oerwûn lid fan it Hûs Lancaster, dy't troud wie mei Elizabeth fan York, in lid fan it Hûs York.
It tiidrek fan 'e Tudors
De meast ynfloedrike kening út it Hûs Tudor wie Hindrik VIII, dy't yn 'e 1530-er jierren om persoanlike redens yn Ingelân de Reformaasje trochfierde. Hy woe nammentlik skiede fan syn frou Katarina fan Aragon, om't harren houlik sûnder bern bleaun wie, mar de paus woe him dêr gjin tastimming foar jaan. Dêrom ferfong Hindrik yn syn keninkryk de Roomsk-Katolike Tsjerke troch in eigen protestantske steatstsjerke, de Tsjerke fan Ingelân (of ek wol de Anglikaanske Tsjerke), wêrfan't er sels it haad wie. Fan gefolgen sleat Ingelân him doe polityk oan by noardlik Jeropa, mei't ek yn 'e Skandinavyske lannen, de noardlike Dútske steaten, it Keninkryk Skotlân en in diel fan 'e Nederlannen it protestantisme oannommen waard, wylst súdlik Jeropa (bgl. Frankryk, Spanje en de Italjaanske foarstedommen) fêstholden oan it roomsk-katolisisme.
Hindrik VIII wie ek ferantwurdlik foar oare wichtige feroarings. Nei de ferovering troch Edwert I hie Wales syn eigen wetten en bestjoer beholden, mar ûnder Hindrik VIII waarden mei de Wetten op de Welske Wetjouwing tusken 1535 en 1542 it Welsk rjocht ôfskaft. Neitiid waard de Ingelske wetjouwing yn Wales fan krêft, en teffens waard Wales yn Ingelân ynkorporearre, sadat it neitiid fertsjintwurdige wie yn Parlemint fan Ingelân. Fierders rôp Hindrik himsels yn 1541 út ta kening fan Ierlân, wêrmei't dat keninkryk yn in personele uny mei Ingelân ferbûn waard.
Nei Hindrik syn dea, yn 1547, waard er opfolge troch syn syklike soan Edwert VI, dy't yn 1553 ek stoar. Dêrnei kaam Hindrik syn dochter Marije de Bloedige op 'e troan, in roomse dy't fel op 'e Reformaasje tsjin wie en besocht om dy werom te draaien, mei in bloedige godstsjinststriid ta gefolch. Under Marije har regear gie yn 1558 fierders Kalês ferlern oan Frankryk. Nei har dea, yn 1558, waard se opfolge troch har healsuster Elizabeth I, byneamd de Virgin Queen, om't hja nea troude. Under har bewâld, dat bekend kaam te stean as de Elizabetaanske Tiid, kaam de Ingelske kultuer ta grutte bloei, mei as wichtichste fertsjintwurdiger de wiidferneamde toanielskriuwer en dichter William Shakespeare. Elizabeth wie fan betinken dat Ingelân, as eilânnaasje, in sterke marine hawwe moast, en yn 1588 wie dy sa mânsk groeid dat er mei help fan 'e Steatske float ôfweve koe mei de Spaanske Armada, dy't troch de roomske Filips II fan Spanje stjoerd wie om 'e protestantske Elizabeth fan 'e troan te stjitten.
It tiidrek fan 'e Stuarts
It Hûs Tudor stoar yn 1603 út mei de dea fan Elizabeth I. Der ûntstie lykwols gjin opfolgingskrisis, mei't hja foartiid har efterneef, de Skotske kening Jakobus VI, al oanwiisd hie as har erfgenamt. Sadwaande waard dy doe ek kening fan Ingelân ûnder de namme Jakobus I. Dêrmei kaam it Hûs Stuart op 'e Ingelske troan, en teffens ûntstie der sa in personele uny tusken Ingelân en Skotlân, de Uny fan de Kroanen, hoewol't dy beide keninkriken fierders folslein apart faninoar bestjoerd waarden.
Jakobus syn soan Karel I oerskatte de macht fan 'e Ingelske monargy. Dat late ta de Ingelske Boargeroarloch, dy't einige mei de nederlaach fan 'e royalistyske partij en de berjochting en ûnthalzing fan Karel sels yn 1649. Neitiid waard de Ingelske Republyk útroppen, dy't ûnder it liederskip fan 'e 'beskermhear' Oliver Cromwell yn ferskate foarmen alve jier bestie. Doe't Cromwell nei syn dea yn 1658 opfolge waard troch syn swakke soan Richard, wiene de dagen fan 'e republyk teld, en yn 1660 waard it Keninkryk Ingelân op 'e nij ynfierd by de Restauraasje fan it Hûs Stuart ûnder kening Karel II.
Karel II waard yn 1685 opfolge troch syn jongere broer Jakobus II, dy't roomske sympatyen hie, en inkeld dulde waard om't er sels opfolge wurde soe troch syn protestantsksinnige dochter Marije II. Doe't Jakobus lykwols op syn âlde dei noch in manlike kroanprins produsearre (Jakobus III), dy't sûnder mis roomsk grutbrocht wurde soe, kaam it folk yn opstân. Marije en har man, de Hollânske steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau, waarden útnûge om oer te kommen, en lânen mei in ynvaazjeleger op 'e Súdingelske kust. Dêrnei waard Jakobus II by de Glorieuze Revolúsje troch syn dochter en skoansoan oan 'e kant set en yn ballingskip jage. Neitiid regearren Willem en Marije tegearre oer Ingelân oant har dea 1694, wêrnei't hy allinnich kening waard. Doe't er yn 1702 sûnder bern ferstoar, waard er opfolge troch syn skoansuster Anne, Marije har suster.
Anne wie de lêste monarch fan Ingelân, mei't dat lân yn 1707 ophold te bestean doe't mei it Ferdrach fan de Uny en de beide (Ingelske en Skotske) Wetten op de Uny it feriene Keninkryk Grut-Brittanje skepen waard, mei ien parlemint en ien regear (allebeide yn Londen). Dat barde nei it jammerdearlik ferrûne besykjen om in Skotske koloanje te stiftsjen yn wat no Panama is, dêr't nei't sein wurdt frijwol alle grûnbesitters yn Skotlân jild yn stutsen hiene. It bankrot fan 'e Skotske elite, dat dêr it gefolch fan wie, die in protte om sokken derfan te oertsjûgjen dat de uny mei Ingelân in goed ding wie (foar de miening fan it gewoane folk hie doedestiden nimmen belangstelling), en Ingelske drigeminten dat der oarloch komme soe as de Skotten net omlyk woene, beklonken de kwestje. It Keninkryk Grut-Brittanje bestie oant 1801, doe't troch de tafoeging fan it Keninkryk Ierlân it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân ûntstie. Yn 1922 waard dat lân fanwegen de ôfskieding fan 'e Ierske Frijsteat omneamd ta it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân, dat anno 2017 noch bestiet.
Bestjoer
It Keninkryk Ingelân wie yn 't earstoan in absolute monargy mei oan it haad in kening. Fan 1215 ôf, doe't kening Jan sûnder Lân de Magna Carta ûndertekene, kin it beskôge wurde as in parlemintêre monargy. De sit fan it Ingelske regear wie oant yn 'e tolfde iuw de stêd Winchester, yn it binnenlân fan súdlik Ingelân, dat earder de residinsje fan 'e keningen fan Wesseks west hie. Neitiid waard de âlde Romeinske stêd Londen, oan 'e mûning fan 'e rivier de Teems yn it súdeasten fan it lân, de haadstêd.
Demografy
It Keninkryk Ingelân hie omtrint 1283 nei skatting sa'n 500.000 ynwenners, wat delkaam op in befolkingstichtens fan 3,4 minsken de km². Yn dy tiid moat de befolking fluch oanwoeksen wêze, mar de Swarte Dea, de pestepidemy dy't it lân yn 1349 trof, makke dêr in ein oan. Sadwaande hie Ingelân yn 1542 noch mar sa'n 3 miljoen ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 20,7 minsken de km². Yn 1707, it lêste jier fan it bestean fan it Keninkryk Ingelân, waard de befolking rûsd op sa'n 5.750.000 lju, sadat de befolkingstichtens 38,1 minsken de km² bedroech.
Taal
De offisjele taal fan it Keninkryk Ingelân wie it Ingelsk, dat him yn dizze perioade ûntjoech fan it Aldingelsk (oant 1066) fia it Midingelsk (oant 1550) ta it Nijingelsk. Fierders waarden as bestjoerstalen ek it Latyn brûkt (oant de fyftjinde iuw) en it Anglo-Normandysk (fan 'e alfde oant de fyftjinde iuw). Oare lânseigen talen dy't yn it Keninkryk Ingelân sprutsen waarden, wiene it Welsk, it Kornysk en, oant de alfde iuw, it Kumbrysk.
Godstsjinst
De oarspronklike godstsjinst fan it Keninkryk Ingelân wie it roomsk-katolisisme. Dêroan kaam ûnder it bewâld fan Hindrik VIII in ein, doe't yn Ingelân de Reformaasje trochfierd waard. Neitiid wie steatstsjerke fan Ingelân de Anglikaanske Tsjerke, oan it haad wêrfan't de kening fan Ingelân stie.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |