Midsiuwske keninkriken fan Wales
Flagge fan Gwynedd

Gwynedd wie in keninkryk yn it midsiuwske Wales dat wat gebiet oanbelanget oerienkomt mei de county Gwynedd fan no. It ûntstie yn de 5e iuw yn Subromeinsk Brittania út de kontreien fan de Venedotia. De 10e-iuwske Welske kronykskriuwer Nennius brocht de stifting fan Gwynedd werom op Cunedda dy't neffens him út Gododdin yn it suden fan Skotlân wei nei Wales kaam wêze soe.

It keninkryk bestie oant 1282; dat jier waard it oermastere troch kening Eduard I fan Ingelân.

Keningen fan Gwynedd

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.