Brittanje om 800 hinne
Est Seaxna
Wapen Esseks

It Keninkryk Esseks (Est Seaxna) wie ien fan de sân tradisjonele Angelsaksyske keninkriken (Heptargy) fan Ingelân en waard om it jier 500 hinne stifte. It keninkryk Esseks bestie likernôch út it Esseks fan no, Hertfordshire en Middelseks. In grut stik skiednis fan Esseks leit yn it tsjuster. [1]. It langste skoft fan syn bestean, wie de kening fan Esseks ûnderhearrich oan in hear, de ferskate keningen fan Kent, Anglia of Mersia..[2]

It keninkryk waard yn it noarden begrinzge troch de rivier de Stour en it Keninkryk East-Anglia, yn it suden troch de rivier de Teems en it Keninkryk Kent, yn het westen troch it Keninkryk Mersia, en yn it easten waard de grins foarme troch de Noardsee.

It keninkryk Esseks wurdt foar it earst neamd yn in beskriuwing yn Beda syn Historia ecclesiastica gentis Anglorum oer de oankomst fan biskop (en letter hillige) Mellitus yn Londen yn 604. It boppeneamde gebiet hie teffens de twa eardere provinsjale Romeinske haadstêden Colchester en Londen. Foar in koart skoft tiid yn de 8e iuw omfieme it keninkryk Esseks ek it keninkryk Kent, mar yn 812 kaam it grutste part fan it keninkryk -mei Londen- sels ûnder de hearskippij fan it keninkryk Mersia, en waard it in hartochdom. Nei de nederlaach fan kening Beornwulf om 825 hinne kaam Esseks under hearskippij fan kening Egbert fan Wesseks. Yn 870 waard Esseks wer ôfstien troch Wesseks, by it Ferdrach fan Wedmore, oan it Keninkryk East-Anglia yn 'e Danelaw.

List fan keningen fan Esseks

It keningshûs fan Esseks woe hawwe dat sy ôfstammelingen wienen fan de god Seaksneat, de oare saksen beskôgen harren as ôfstammelingen fan de god Weda.
De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers fan Esseks (lykas by de oare hearskers yn de heptargy ek it gefal is) binne meast oannames.

#NAMMEPERIOADEOpmerkingen:
1Aeskwine527 - 587
2Sledda487 - 604soan fan Aeskwine
3Saebert604 - 616soan fan Sledda
4Seksred616 - 617soan fan Saebert
5Saeward616 - 617soan fan Saebert
6Sigebert I de lytse617 - 653soan fan Saeward
7Sigebert II de goede653 - 660
8Swithelm660 - 664broer fan Sigebert II
9Sighere664 - 683neef fan Swithelm
10Sebby664 - 694neef fan Swithelm
11Sigeheard694 - 709soan fan Sebby
12Swaefred694 - 709soan fan Sebby
13Offa709soan Sigeheard
14Saelred709 - 746
15Swaefbert709 - 738
16Swihtred746 - 758pakesizzer fan Sigeheard
17Sigerik758 - 798soan fan Saelred
18Sigered798 - 812
812 - 825
soan fan Sigeric
hartoch fan Esseks (812-825)
812Esseks behearske troch Mersia
825Esseks behearske troch Wesseks
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. H Hamerow, Excavations at Mucking, Volume 2: The Anglo-Saxon Settlement (English Heritage Archaeological Report 21, 1993)
  2. Yorke, Barbara. Haadstik The Kingdom of the East Saxons yn Anglo-Saxon England,1985; |s. 31–36. Cambridge University Press
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.